drinken; hy siet midden yn 'e rounte fan syn discipelen en learde har al wer. Ek Maria siet der by en harke mei gloeijende wangen-nei de wurden, dy't er spriek; al it oare forgeat se der by: it wurk, it iten dat birêdden wurde moast en Martha, dy't it allinne net ôf koe.
En al hurder skrepte Martha, al flugger roun se en mar fan tiid ta tiid heinde se in pear wurden op fan hwat Jezus spriek. It wie net, dat it har neat skele koe, hja hie ek wol graech oan syn fuotten sitte wollen, o sa graech, mar dat koe dochs sa mar net, midden yn it wurk! Maria, dy liet alles mar lizze, dy siet dêr mar en liet har alles allinne dwaen, dat hja hyt en wurch waerd fan it skreppen. Hwerom holp se nou net mei, dan koene se allegearre oan tafel gean en dan wie der tiid genôch to praten. En as Maria dan net wizer wie, hwerom sei Jezus der dan neat fan! Moast it dan sa komme, dat de Master honger litte yn har hûs?
Op it lêst, doe't Maria al mar sitten bleau, koe se it net mear úthâlde. ‘Heare’, sei se forwitend, ‘giet it jo net oan, dat Maria my mar allinne skreppe lit? Siz dochs tsjin har, dat hja my helpt.’
De Heare wist wol, dat Martha it goed miende en dat hja graech alles foar him dwaen woe, mar har forsyk koe er dochs net oan foldwaen. It wie goed dat Maria sa stil by him siet en nei syn wurden harke, hwant der binne dingen dy't der mear op oan komme as iten en drinken. Om him hoegden se gjin drokte to meitsjen, hy koe mei in sober miel wol ta, mar nei syn reden harkje, dat wie wol nedich. Hy koe mar sa selden by har wêze yn Bethanië, dat dy inkelde kearen, dat hja him hearre koene, moast al it oare wachtsje. En wylst er Martha oanseach, sei er earnstich: ‘Martha, Martha, jo binne yn noed oer folle dingen, mar ien ding is nedich! En Maria hat it goede diel keazen, hwant it keninkryk fan God giet boppe spize en drank.’
* * *
Martha hie dy wurden fan har Heare noait wer forgetten en gâns in skoft letter, doe't Lazarus siik waerd en stoar, die it bliken, dat har bitrouwen yn Jezus foaral net minder wie as dat fan har suster.