folk to hieren, - hwat sin soe it ek hawwe, om ien ûre! - mar doe't er seach dat der noch altyd mânlju stiene, bigreate it him dochs. Hiel dy lange dei hiene se hjir stien to wachtsjen en iderkear gyngen oaren, dy't jonger en flugger wiene, foar. En hwa wist hoe'n forlet der thús wie fan hwat jild....
Hy gyng op har ta en frege: ‘Hwat steane jim hjir dochs de hiele dei sûnder wurk?’ Hja antwurden: ‘Omdat gjin ien ús brûke koe.’ En wer spriek de hear, lyk as er dy dei al sa faek sein hie: ‘Gean jimme ek nei de wynberch en hwat it lean oangiet, jimme sille ha hwat rjocht is.’ De mannen seagen him mei greate eagen oan. Wie der nou dochs noch wurk foar har, nou't de dei al hast om wie en de skaden al langer waerden? Soe der nou dochs noch hwat to iten wêze, as hja thúskamen? En mei greate stappen setten se nei de wynberch ta.
En sa waerd it joun, de tiid om op to hâlden mei it wurk en om it lean to barren. Fansels droech de hear sels de swiere ponge net, mar hy wie der by doe't de rintmaster de arbeiders rôp en har op 'e rige sette: dy't it lêst kommen wiene foarop, doe dy fan trije en tolve en njoggen ûre en it lêst de mânlju dy't de hiele dei arbeide hiene.
De arbeiders, dy't om fiif ûre kommen wiene, wiene tige binijd, hwat hja barre soene. Folle koe it noait wurde, mar dizze hear hie in goed hert, dat miskien krigen se der in pear sinten oerhinne.... En doe kaem de rintmaster op har ta en treau har elk in sulveren dénary yn 'e hân, it lean fan in folle dei! Hja seagen der forbjustere nei; dit moast in forsin wêze; dit koe ommers net foar ien ûre wurk? Mar de hear knikte har freonlik ta en wonk, dat hja nou gean koene. Doe stammeren se in wurd fan tank en setten de stap der yn. Joun soe it feest wêze thús, joun hoegden de bern net mei de lege mage op bêd....
Ek de mannen dy't om trije ûre bigoun wiene en dy fan tolve en njoggen ûre barden it folle dei-hier. Nou stiene allinne de earsten der noch, dy't al yn 'e iere moarn bigoun wiene en hja tochten fêst, dat hja nou mear krije soene. Dy't de hiele dei skrept hiene, dy hiene dochs rjocht op mear lean, as hwa't mar ien ûre oan it wurk west hiene! Mar doe't de rintmaster oan har ta wie, barden se neat mear as alle oaren.
En dêr stiene se dan, it sulverstik stiif yn 'e klamme fûst, en fan 'e rintmaster seagen se op 'e hear en fan 'e hear wer op syn tsjinner. Kaem der nou wier neat mear? Mar dat koe dochs net? As dy hear dan wier sa roijael wie as er him foardie, hwerom joech er har dan net dûbeld? En ien dy't tige prate koe en alles sizze doarst, gyng op him ta en sei: ‘Mar myn hear, dit komt dochs net út? Dizze lêsten hawwe mar ien ûre arbeide en jo rekkenje har gelyk mei ús, dy't de lêst fan 'e dei en de gleonens fan 'e middei droegen hawwe? As hja in dénary krigen hawwe, dan binne wy nedich twa!’
De hear seach de arbeider oan en antwurde: ‘Freon, ik doch dy dochs gjin ûnrjocht, as ik bitelje hwat ôfpraet wie? Dû bist it mei my iens wurden foar in dénary en dat hastû ek bard; nim dyn jild dan en gean dyn wegen. Astû krigest, hwat dy takomt, dan hindert it dy dochs neat, dat ik dy oaren mear jown haw as dêr't hja rjocht op hiene? Stiet it my faeks net frij mei myn eigen jild to dwaen hwat ik wol? Of kinstû it net goed sette, dat ik goed bin?’
Sa sille de lêsten earst wêze en folle earsten lêst....