It wie wier, dat de discipelen noch net folle sjen koene fan it keninkryk fan har Heare, mar de gelikenis fan it mostersiedtsje mocht har in fêst biwiis wêze, dat it ien kear komme soe en hearskje oer alle lannen en folken. En sa is it ek foar ús. Ek wy sjogge soms noch sa'n bytsje fan it keninkryk Gods; der binne wol tûzenen dy't yn Jezus leauwe, yn alle lannen, mar der binne sa folle mear dy't him net kenne en neat fan him witte wolle. Der is in Tsjerke yn 'e wrâld, dy't it evangeelje fan Jezus Kristus forkundiget, mar dy Tsjerke is sa lyts en minmachtich en faek wurdt se fordrukt en bineare en de machthawwers fan 'e wrâld slaen der gjin acht op en harkje net nei har wurd. En dochs: it keninkryk dat sa lyts bigoun is, sil ien kear hearskje oer hiel de wrâld, it siedtsje wurdt in beam, de stien dy't Nebukadnezar seach yn syn dream, sil greater wurde, oan't er ienris de hiele ierde bislacht....
* * *
Noch twa gelikenissen fortelde de Heare Jezus eer it keninkryk fan God. ‘Alwer is it keninkryk der himelen gelyk oan in skat, dy't forhoalen wie yn in ikker. Doe't immen dy foun hie, forburch er him, en yn syn blydskip gyng er hinne en forkocht alles hwat er hie en kocht dy ikker. En alwer is it keninkryk der himelen as in keapman, dy't moaije pearels socht. Doe't er ien pearel foun hie fan hege wearde, gyng er hinne en forkocht alles hwat er hie en kocht dy pearel.’
Ek dizze beide gelikenissen hiene in djippe sin. De ikker, dat wie de wrâld, de wylde sûndige wrâld, dy't fan God net witte wol en dêr't de ûngerjochtichheit hearsket. Mar yn dy fordoarne wrâld wie in skat forburgen, dêr't de minsken net fan wisten: de gemeente fan Jezus Kristus en nou soe hy, de Soan fan God, dy wrâld keapje om sa syn gemeente frij to meitsjen út 'e macht fan Satan. En lyk as de man dy't alles forkocht om de ikker keapje to kinnen en lyk as de keapman, dy't der alles foar oer hie om dy iene pearel to keapjen, sa wie hy ek ré om de heechste priis to biteljen: syn libben, syn eigen dierber bloed.
Dat lêste, dat er foar syn bern op ierde stjerre soe, dat bigriepen de discipelen noch net, mar dat er alles foar har oer hie, dat er om har de himel forlitten hie, dat wisten se wol en dat makke har tige bliid. Hja wiene syn eigendom en hy de Breidgeman dy't har kocht hie en dy't har it ivich libben jaen soe. En doe't er har frege: ‘Hawwe jim nou bigrepen, hwat ik sein haw?’, doe koene se dochs nei wierheit antwurdzje: ‘Ja Heare, wy witte hwat jo bidoele.’
* * *
Mar net yn 'e wrâld allinne is der sûnde en ûngerjochtichheit, it kwea docht ek syn wurking yn 'e gemeente sels, yn 'e Tsjerke fan Jezus Kristus. En as men it der fan bûten net oan sjen kin, dan is it der wol yn it forhoalen: wrok en haet, gjirrigens en greatskens, hearsksucht en ûnbarmhertigens, ûnleauwe en dwaellear. It is net allegearre sa moai as it liket! ‘It keninkryk der himelen is as in sûrdaei, dat in frou naem en forburch yn trije mjitten moal, oan't it alhiel trochsuorre waerd.’
De discipelen sille dizze gelikenis wol better bigrepen ha, as wy it nou kinne: hja wisten hwat sûrdaei wie en hwêr't it it teken fan wie. Doedestiids brûkte de húsfrou om it brea to bakken gjin gist, lyk as by ús de bakkers, mar in bytsje sûrdaei: bislach dat bidoarn wie en dêrtroch in sûre smaek krige hie en dat it brea net lekkerder makke, al koe it der langer troch duorje. Dat bidoarne, sûre daei wie faek by Israël it byld fan ûnreinheit en op Paeske mocht it net iens yn 'e huzen to finen wêze: it paste net by it paeskelaem, dêr't gjin gebrek oan wie en dat in symboal en teken wie fan it Hillich Godslaem sels: fan ús Heare Jezus Kristus. En sa naem Jezus dat sûrdaei, dat bidoarn wie, as byld en teken fan it kwea dat syn forhoalen wurking docht, sels yn Gods gemeente. Trije mjitten moal naem de frou: dat wie gâns in heap en dan hoegde se fuort net wer, mar dat lytse bytsje sûrdaei triek troch alles hinne en suorre alle breaën. En sa giet it ek yn 'e Tsjerke: in lytse dwaling, in lytse sûnde kin troch alles hinne-gean en alles bidjerre. De discipelen hawwe it wol goed forstien en doe't hja letter de gemeente bistjûre moasten, seagen se skerp ta en straften ek de lytse sûnden, dêr't de Heare sels har tsjin warskôge hie en strang wie har oardiel oer al dy dwaelgeasten, dy't de jonge gemeente op forkearde wegen laetten. Ek oer sokken hat de Heare dy deis in gelikenis sprutsen.
* * *
Der wie in boer, dy't goed sied yn syn lân siedde hie, mar op in donkere nacht, doe't de goede minsken sliepten, kaem syn fijân en struide ûnkrûd op 'e selde ikker, it giftige dolak, dêr't de minsken siik fan wurde en dat foaral as it lyts is tige op 'e weetplantsjes liket.
Dat yn it earstoan murk de boer der neat fan, mar doe't de weet opskeat en frucht sette, wie it dúdlik to sjen. De feinten hellen har hear der by en fregen: ‘Jo hawwe dochs goede weet yn 'e ikker siedde? Mar wer komt dan al dat ûnkrûd wei?’ De boer seach it lân oer en bigriep, hwat der bard wie. ‘Dit hat in fijannich minske dien’, sei er earnstich. De slaven fregen: ‘Sille wy hinnegean en al dat ûnkrûd der útlûke?’ De boer skodholle. ‘Né’, sei er doe, ‘as jim dat nou al diene, nou't de weet noch net ryp is, dan soene jim mei it ûnkrûd ek it weet útlûke en fan myn goede weet mei gjin plant forlern gean. Lit it weet en it ûnkrûd