forkeapje en, as it der op oan kaem, wie dat sels syn plicht. Foaral yn dy tiid wie it in skande as immen syn nôt en wyn en oalje opsloech en der neat fan forkeapje woe: as elk sa die, koene de minsken yn 'e stêdden ommers gjin iten keapje!
Dat de rike man wist mar al to goed hwat him to dwaen stie, mar krekt dat iene woe er net. Net allinne syn lân hie tige droegen, mar elk hie in goed jier hawn en der kaem sa folle oan 'e merk, dat de priis der ôf wie. As er nou syn nôt en wyn forkocht, dan barde er der net folle foar en dat woe er net. Hy wist better rie: hy soe alles opslaen en syn âlde skuorren ôfbrekke en nije bouwe, greater en steviger, dat it nôt jierren en jierren goed bliuwe koe. Der kamen fêst wol wer krapper tiden en dan soene de prizen omheech gean en dan soe er alles forkeapje en greate winsten meitsje. It wie net sa't it hearde, mar dêr koe er him net oan steure! Elk wie him sels op it lêst it neist! En op in joun, doe't er lang oer syn plannen neitocht hie - hy seach de machtige skuorren al rizen boppe it lân! - sei er tsjin himsels: ‘Dû hast gâns nôt en wyn en oalje opslein foar frijhwat jierren, dat nim it der fan: yt en drink en formeitsje dy.’
Hy hie it allinne mar yn himsels sein, de rike, miskien net iens botte lûd en gjin ien hie it heard. Hwat hiene oaren ek to meitsjen mei syn plannen foar de takomst? En dochs wie der Ien, dy't it heard hie en dy't him antwurde: God sels. Hwant troch de stille keamer kaem Syn stim: ‘Dû dwaes, mei dyn plannen foar folle jierren, mienstû datst' mei dyn rykdom it libben keapje kinst'? Né, mar dizze selde nacht noch silstû stjerre en foar hwa sille dan al de skatten wêze, dystû opslein hast?’
Hwant sa giet it mei de minske dy't himsels skatten forgearret, mar dy't se net brûkt ta eare fan God.
* * *
En jitris, mar nou yn kleare wurden en sûnder gelikenissen, spriek Jezus ta syn discipelen dat it foar har net paste om yn noed to sitten oer de dingen fan dizze ierde. ‘Dêrom siz ik jimme: Haw gjin noed mei jim libben, hwat jim ite sille, noch mei jim lichem, hwat jim oandwaen sille. Sjoch nei de raven, hwant hja siedzje net en sichtsje net, hja hawwe gjin spyskeamer en gjin skuorre en God jowt har iten; hoefolle gean jimme dy fûgels net to boppen! En hwa fan jimme kin mei al syn noed en soarch syn libben ien jellen langer meitsje? As jim dat dan net iens kinne, hwat binne jim dan yn noed oer al de oare dingen? Sjoch nei de leeljes, hoe't hja net spinne en net weevje en ik siz jimme dat sels Salomo net klaeid wie as ien sa'n fjildblom. As nou God it gêrs, dat der hjoed stiet en dat moarn forbaernd wurdt, sa mei blommen sieret, hoefollestemear sil er jimme dan net klaeije, jim lytsleauwigen? En jimme, freegje net hwat jim ite en hwat jim drinke sille, hwant sokke dingen sykje de heidenen, mar jimme Heit yn 'e himel wit, dat jim dy dingen brek binne. Sykje dan alderearst Syn keninkryk en al dy dingen sille jim der op ta krije. Forkeapje dan hwat jim hawwe en jow it oan 'e earmen en sadwaende sille jim in skat hawwe yn 'e himelen. Rykdom dy't de minske op ierde hat, kin stellen wurde, jimme klean kin de mot forniele, mar jimme skat yn 'e himel kin gjin dief jim ûntnimme en kin gjin mot forniele. Wês dan mei jimme hert net by de ierdske dingen, mar by de himelske. Hwant hwer't jimme skat is, dêr sil jimme hert ek wêze.’