slaen soene, mar ien kear, as er nei trije dagen opstean soe út it grêf, dan soene se der noch ris om tinke....
Nei dit petear, doe't er mei syn learlingen op 'e mar wie, warskôge er har jitris tsjin it sûrdaei fan 'e Farizeën en Sadduceën. Hja waerden der kjel fan, hwant hja hiene forgetten om brea to keapjen en tochten dat Jezus har dat forwite woe. Mar hy spriek: ‘Sit dochs net oer dat brea yn, dat jim forgetten hawwe. Witte jim net mear fan dy fjouwer tûzen, dy't sêd waerden fan fiif breaën en hoe't ik letter noch ris fiif tûzen spiizge haw? Né, mar wachtsje jim foar de lear fan 'e Farizeën, foar har geast dy't it libben bidjert, lyk as it sûrdaei hiel it brea sûr makket, sels as der mar in bytsje yn is!’
* * *
Op in oare kear seine de Farizeën tsjin Jezus: ‘Hwerom hâlde jins learlingen de ynsettingen fan 'e âlden net en ite se brea, sûnder dat hja earst wetter oer de hannen getten hawwe?’
Jezus antwurde skerp: ‘It is jimme leed, dat myn discipelen de oerlevering fan 'e âlden brekke, mar is it net folle slimmer, dat jimme, om dyselde oerlevering, de wet fan Mozes brekke? Hwant de Wet Gods seit, dat de minske syn heit en mem earje moat en neffens dat gebot is it jimme plicht om jimme âlden spize to jaen, as hja it krap hawwe. Mar jimme leare de minsken har foar dy plicht wei to winen: hja hoege mar to sizzen: “It iten, dat ik ús heit-en-dy jaen soe, is korban, it is offerjefte”, en hja binne frij fan helpen. Sels al offerje hja it dan net, dan hoege se it lykwols har âlden net to jaen, en sa hawwe jim dan de Wet Gods ûntkrêfte! Jimme skynhilligen! Wol goed hat de profeet Jesaja jimme tekene, doe't er sei: “Dit folk komt ta My mei de mûle en eart My mei de lippen, mar har herte is fier fan My.” Hwant ik siz jimme: net fan it iten, dat ta die mûle yngiet, mar fan sûndige wurden, dy't ta de mûle útgean wurdt de minske ûnrein.’
En doe't de discipelen letter seine: ‘Witte jo wol, dat de Farizeën it jo tige kwea ôfnommen hawwe, dat jo dat seine?’ spriek Jezus: ‘Ik wit it, mar ik moast it lykwols sizze. Lit har mar gewurde, it binne bline paedlieders fan in forbline folk en as de bline de bline laet, falle se beide yn 'e grêft. Hwant dit folk en dizze lieders, as hja har net bikeare, geane beide forlern....’
* * *
By noch in oare gelegenheit diene de Farizeën har wol tige freonlik foar: hja kamen by Jezus om him to warskôgjen foar Herodes! ‘Rabbi’, seine se, ‘gean hjir dochs wei út it gebiet fan Herodes, hwant wy hawwe heard, dat er jo deadzje wol.’
It hearde werklik moai: de Farizeën, dy't foar Jezus opkamen om him to warskôgjen, mar hy wist wol, hwat hja bidoelden en dat hja it net sa goed mienden as hja har foardiene. Hja woene graech dat Jezus fuortgyng en net langer it folk learde; dêrom makken se him bang mei Herodes. Mar hy wie net bang en hy liet him net fuortprate, de wyldernis yn. Herodes soe der wol foar oppasse him to deadzjen; hy hie der genôch mei to dwaen, dat er doetiids de Doper formoarde hie. Faeks dat er him leaver net yn syn lân hie, dat wie mooglik, mar gefaer wie der net foar Jezus yn Galiléa.
En tsjin de Farizeën sei er: ‘As jimme it dan mei Herodes iens binne en my graech fuort hawwe wolle, gean dan nei dy foks en siz tsjin him, dat er net lang mear lêst fan my hawwe sil. Ik gean dêrmei op reis, mar noch is de tiid net alhiel kommen: ik bin dwaende démonen út to werpen en siken to genêzen en dat moat ik earst ta in ein bringe.’
En doe kearde er him nei it folk om him hinne en spriek: ‘Fansels moat ik op reis: hjoed en moarn en letter noch, om yn Jeruzalem to kommen, hwant ik moat stjerre en hwer soe in profeet oars deade wurde, as to Jeruzalem?’ Hy swei en it wie oft syn drôve eagen yn 'e takomst seagen. Hy seach himsels yn 'e strjitten fan 'e Davidsstêd, hy hearde it folk, dat him oerlevere oan Pilatus, hy seach him sels hingjen oan it krús, hy hearde de Farizeën, dy't him húnden en bispotten.... Né, net Herodes soe de hannen oan him slaen en him deadzje, mar it eigen folk soe him de dea dwaen. Net yn in frjemde stêd soe er stjerre, net yn Caesaréa, de haedstêd fan Herodes, net to Rome, de haedstêd fan 'e wrâld, mar yn 'e âlde Godsstêd Jeruzalem. O, hwerom woe dit folk him net oannimme, hwerom haten se him, wylst hy har sa leaf hie en har sa graech rêdde woe?
En wer naem er it wurd op en spriek: ‘Jeruzalem, Jeruzalem, dat de profeten deadet en stienniget hwa't ta har stjûrd binne, hoe faken haw ik al net bisocht om dyn bern gear to bringen, sa't in hin har piken ûnder de wjokken gearbringt - en jim hawwe net wollen. Sjoch, jimme stêd en jimme timpel sil oerjown wurde oan 'e fijân en sil fornield wurde.’
Ek dizze bittere klacht oer de stêd Jeruzalem namen de Farizeën har net nei: hja leauden net, dat de âlde Godsstêd oait ûndergean soe. De Heare soe noait syn stêd en syn timpel oan 'e fijân oerjaen; dy't soks sei, dat moast wol in forrieder wêze. Har haet tsjin Jezus waerd der noch fûlder om....