dêr joech er neat om. Elk moast mar om himsels tinke, sa tocht hy der oer. En syn hear yn 'e stêd wie sa fier ôf, dy fornaem it dochs net.
It gyng fansels oan in tiid ta, doe waerd it de hear oanbrocht, hwat syn rintmaster die en doe't er it neijer ûndersocht hie en biwizen hie, liet er him daliks roppe. Hy wie tige lilk. Net allinne dat dy rintmaster yn wielde libbe fan in oar syn jild, mar hy brocht him ek op in minne namme; de boeren tochten fansels, dat hy sa ûnbarmhertich wie en sokke hege hieren ferge. Mar it wie nou út: de rintmaster krige syn ûntslach en hy soe immen oars yn syn plak sette.
De ûnearlike tsjinstfeint reizge mei in swier moed nei syn hear en doe't er foar him stie, wie er op it slimste ré: hy soe fansels foar de rjochter komme moatte en dan soe er in swiere straf krije. Mar it foel him genôch ta; hy waerd net útlevere oan it gerjocht en de hear sei allinne mar: ‘Hwat hear ik nou fan jo? Helje de boeken op en draech alles oer oan jins opfolger, hwant jo kinne net langer rintmaster wêze.’
De man wist net hwat er hearde, dat er der sa maklik ôfkaem, mar doe't er wer thús wie en alles klearsocht bigoun er der dochs oer to tinken, hoe't it nou mei him komme soe. It spiet him net, dat er ûnearlik west hie en birou hie er net, mar it muoide him al, dat nou syn fleurich libben oer wie. It stellen jild hie er neat fan oer, dat hy moast om oar wurk sjen. Mar hwa soe him noch yn tsjinst nimme, nei alles dat der foarfallen wie? En mei de hannen syn brea fortsjinje, dat koe er net; dat moast men yn jins jonge jierren leard ha, oars waerd it neat mear. Biddelje, dat koe elk, mar dat wie him dochs to min; dêr skamme er him dochs noch foar.
En doe krige er in idé. As er it ris by de boeren bisocht? Fansels, hy hie har jierren lang to folle ôfset, mar dat wisten se net; hja hiene altyd miend dat de lânhearre sokke hege hieren frege. As er it hwat handich oanlei en hy sloech de hieren in fiks ein ôf, dan soene se him noch tankber wêze en him letter yn har huzen opnimme en him de kost jaen. Dat sok dwaen ek al net folle better wie as biddeljen, dat kaem net iens by him op.
Sadré't er de boeken yn oarder hie, liet er de hoeren roppe en ien foar ien kamen se by him yn syn kantoar. Tsjin de earste sei er: ‘Hoefolle hier bitelje jo hast ek wer?’ De man wist it mar al to goed: ‘Hûndert fet oalje.’ De rintmaster socht tusken de papieren. ‘It komt út’, sei er freonlik, ‘hjir is it kontrakt, dat jo sels skreaun ha. Mar it hat my altyd al talike, dat it oan 'e hege kant wie: ik soe sizze, gean sitten en skriuw in nij biwiis en set net hûndert, mar fyftich.’
De boer wist net hwat him oerkaem. Fan hûndert fet op fyftich! Syn hannen trillen, doe't er it nije hierkontrakt skreau en it skymre him hast foar de eagen. Nou koe er dan ris ien kear hwat ekstra's keapje foar de húshâlding! De oalje wie djûr, dit jier! Hy stammere wurden fan tank. Mar de rintmaster woe der gjin praet fan hearre. Syn gesicht stie suver from, doe't er sei: ‘Wy moatte elkoar hwat helpe yn it libben. Hwa wit, kinne jo my nochris goeddwaen.’ De boer bûgde djip. ‘Ik hoopje, dat ik it jo nochris forgoedzje kin!’ Doe gyng er bliid de doar út. Fyftich fet oalje wie him skonken; de heale hier!
En dêrmei kaem de twadde de keamer yn. Hy koe him net yntinke, hwat er hjir moast, mar folle goeds koe it net wêze. Hy soe dochs de hier net wer opslaen, dy rintmaster? It wie al to heech, as men rekkene mei hwat oaren joegen. En dêr wie it al sa! ‘Hwat hier bitelje jo?’
Bidêst sei er: ‘Hûndert mjitte weet.’ Nou kaem it. En hy wist nou al net hwer't it weikomme moast! De rintmaster sei rêstich: ‘Ik miende it al. Mar ik haw der ris oer neitocht en it liket my ta dat it de hege kant neist is.’ Hy skoude him it hierkontrakt ta en treau him de skriuwstift yn 'e hân. ‘Skriuw it oer en meitsje der tachtich fan.’ De man stie in telmannich forslein, doe foel er del op 'e stoel en skreau it nije kontrakt. It moast wol in goede keardel wêze, dy rintmaster, dat er sa om 'e boeren tocht! En dan gyngen der ek noch sokke nuvere praetsjes oer him!
En lyk as mei dizze twa gyng it dy deis mei alle oaren. De rintmaster lake, doe't de lêste de doar út wie. It hie noch moaijer west, as er har ek noch hwat forgoedzje kinnen hie fan hwat hja al dy jierren to folle bitelle hiene, mar dat wie ûnmooglik: alles wie op en wei. En it wie ek net nedich; hja wiene al blidernôch en as er mei koarten sûnder wurk wie, soene se him mei iepen earmen ûntfange. Hy hie yn ien dei mear freonen makke as oant nou ta yn syn hiele libben. En it moaiste wie, dat it him gjin sint koste hie en dat ek syn hear gjin skea litte. As er strak mei de boeken nei stêd moast, koe er mei de stikken biwize, dat er alles sa folle mooglik goed makke hie....
En sa kaem it ek. De hear naem him fansels syn amt ôf, mar hy priizge him ek, omdat er sa handich west hie. Hy hie alteast hwàt goedmakke en tagelyk hie er soarge, dat er freonen hie, dy't him ûntfange woene yn har hûs.
‘En sa’, spriek Jezus tsjin de discipelen, ‘moatte jim ek dwaen, mei it jild, dat God jim jown hat. Ek jim moatte jim freonen meitsje mei de ûnrjochtfeardige mammon, mei it jild, dêr't yn 'e wrâld sa folle kwea om dien wurdt. Hwant as jimme by jim libben goed dogge en de earmen helpe, dan sille se jim nei jimme dea, yn 'e himel, noch tankber wêze en jimme opwachtsje yn 'e himelske tinten. En ik siz jimme: as jimme it jild net goed brûke en jim helpe de neiste net, dan kin ik jimme it ivich heil ek net jaen. Hwant