wol echt yn Jezus leauden. Mar as hja wisten, dat er de Kristus wie, de Salvling fan God en de forlosser fan Israël, hoe koene se dan by him komme mei sokke bern, dy't noch nearne fan wisten? Dat sokke minsken nou net wizer wiene! Har Master wie gjin wûnderdokter, dy't de minsken bilêze koe tsjin kwalen en kweageasten. En doe't de froulju net daliks fuortgyngen, bigounen se har strang oan to sprekken en leine har hurd op om al dy bern fuort to bringen.
Mar doe naem de Heare Jezus sels it wurd. Hy bigriep wol dat syn learlingen it goed bidoelden en dat hja earlik mienden, dat hja foar syn eare opkamen, mar dêrom wie it likegoed forkeard, hwat hja diene. Nei al dy tyd dat hja by him wiene, koene se witte, dat elk ta him komme mocht en dat er nimmen ôfwiisde, sels gjin lytse bern. En as hja syn wurden better bigrepen hiene, dan soene se witte dat hy net kommen wie om in ierdsk keninkryk op to rjochtsjen of om syn folk to bifrijen fan 'e Romeinen, mar om har to forlossen út 'e macht fan Satan, de greaten, mar likegoed de lytsen. ‘Lit de berntsjes ta my komme en hinderje har net’, spriek er, ‘hwant krekt foar sokken is Gods keninkryk.’ En doe rôp er sels de memmen by him en ien foar ien sloech er de earmen om de bern hinne en seinge har. Bliid gyngen de memmen wer fuort, bliid en tankber dat dy hillige rabbi omsjen woe nei har lytse bern. Hja sille net allegearre bigrepen hawwe hwat er har mei-jown hie, mar dat it hwat greats wie, hwat, dat gjin oar minske har jaen koe, dat leauden se wol. Noait soene se dizze ûre forjitte en as de bern greater waerden, soene se it har fortelle.
* * *
En de discipelen? Dy skammen har nou oer hwat hja dien hiene en noait hawwe se forgetten hwat hja dy deis sjoen hiene: de Heare fan himel en ierde, dy't de lytse bern yn syn earmen naem en har seinge. Ien fan harren, Mattheüs, hat ek dit foar ús biskreaun yn syn evangeelje. Hwant net allinne de tolve en net allinne de minsken fan dy tiid, mar elk dy't yn Jezus leaut, moat it goed witte, dat er ek de bern leafhat en dat er har ek it ivich libben jaen wol. En dan freget er net, hwat foar bern it binne, of hwat har âlden dogge, of yn hwat lân hja wenje, of hokker tael hja sprekke. Hy freget net oft hja blank binne of brún, oft hja moaije klean oan hawwe of net; hy freget allinne mar oft hja yn him leauwe en oft hja him har hert jaen wolle. En sels as hja greate sûnden dogge en folle kwea dien hawwe, dan noch wol er har oannimme, hwant hy is ommers kommen om foar ús sûnden to stjerren en ek foar bern hat hy syn libben jown.