De soan koe earst gjin wurden fine, sa skamme er him en sa bliid wie er. Noch noait hie er witten, hoe great de leafde wêze kin fan in heit foar syn ûntrou bern. En stammerjend fortelde er hwat er dien hie en neat forswijde er. ‘Heit, ik haw sûndige tsjin de himel en foar jo en ik bin net mear wurdich jins soan neamd to wurden.’ Dat oare, dat er ek sizze woe: Meitsje my ien fan jins arbeiders, dat woe him net oer de lippen. Nei sok in wolkom paste it net mear; it soe in hún west hawwe foar de heit, dy't him al oannommen hie ta syn soan.
En doe earst seach de heit de slaven, dy't hastich nei bûten kommen wiene en dy't alles hearden. ‘Fluch’, sei er, ‘bring it bêste kleed en tsjoch it him oan, en doch in ring oan syn finger, en sandalen oan syn fuotten, en bring it meste keal, en slachtsje it, en lit ús ite en fleurich feest hâlde, hwant myn soan hjirre wie dea en is wer libben wurden, hy wie forlern en is weromfoun.’ En gjin ûre letter bigoun it blide feest.
* * *
It wie net ier mear, doe't de âldste soan thús kaem fan syn wurk. Fan fierrens seach er al, dat der hwat bysûnders wie; út alle finsters skynde ljocht en hy hearde de muzyk en it dounsjen. It moast wol in hege gast wêze, dy't sa ûntfongen waerd. En oan in slaef dy't it hiem oer roun, frege er hwat der oan wie en oft er wol nei binnen koe yn syn wurkersklean.
De slaef antwurde: ‘Jins broer is weromkommen en jimme heit hat it meste keal slachte, om't er him soun wer thúskrige hat.’ En hy fortelde alles dat er wist. De âldste soan stie forslein en koe it earst hast net leauwe. Doe waerd er lilk en woe net yn 'e hûs. Mar dat wie ommers troch alles hinne! It jild, dêr't heit en hy sa swier foar arbeide hiene, dêr't er skatten mei winne koe, hie er der trochjage en as in bidler wie er thúskommen. En dat er noch thúskomme doarst; dat er him net skamme! En dat de âldman net wizer wie! Ynpleats dat er him fan it hiem ôfreage hie, hiene se him it meste keal slachte. Dat wie foar him, de âldste, noch noait bard. Nou koe men dan sjen fan hwa't har heit it measte hâldde! Mar sa gyng it yn 'e wrâld: dy't syn heite jild der trochjage, dy waerd mei muzyk ynhelle en dy't thús bleau en altyd trou syn plicht die, die wie gjin tel. Yn elk gefal soe hy net mei oansitte oan it feest. ‘Siz mar, dat heit op my net rekkenje moat.’
* * *
Doe't de slaef it boadskip oerbrocht hie, riisde de heit oerein en roun hastich nei bûten. Dy middeis hie er de jongste thúshelle en nou gyng er om syn âldste út, dy't er net minder leaf hie. ‘Jonge’, sei er freonlik, ‘kom nou by ús, hwant hoe sil ik feestfiere, as ien fan myn soannen mist?’
En bitter sei de âldste: ‘Sjoch, ik tsjinje jo al sa folle jierren en noait bin ik tsjin in gebot fan jo yngien, en jo hawwe my noait ris in geitebokje jown om mei myn freonen feest to hâlden. Mar nou't dizze soan fan jowes kommen is, dy't jins jild fordien hat mei lichte froulju, nou hawwe jo him it meste keal slachte.’
Mar de heit sei tsjin him: ‘Bern, ik hoegde dy dochs neat to jaen, hwant dû bist altyd by my en al hwat mines is, is ek fan dy en dû koest witte, dat ik dy ek leaf haw. Mar nou moasten wy feesthâlde en bliid wêze, hwant dyn broer hjirre wie dea en is wer libben wurden, hy wie forlern en is weromfoun.’
* * *
Der stiene net allinne tolgearders by Jezus, doe't er dizze gelikenis fortelde, mar ek forskate Farizeën en foar allebeide wiene syn wurden ornearre. De tolgearders, dy't it mei de heidenen hâldden en tsjin it eigen folk stiene, dat wiene de forlerne soannen fan Israël en út it forhael dat Jezus forteld hie, koene se leare, dat der dochs noch hope foar har wie. Hja mochten mei har skuld en sûnden ta Jezus gean en as hja dat diene, soe God ek har oannimme ta syn bern. Hwant sa great is Syn leafde foar sûndige minsken, dat er se allegearre forjaen wol, as hja ta him gean, ek de slimsten, mei al har kwea.
* * *
Mar ek de Farizeën, as hja goed harke hiene, hiene harsels weromfine kinnen yn de gelikenis fan de man, dy't twa soannen hie. Hja wiene as de âldste soan en koene it net fordrage, dat Jezus ek nei de tolgearders harke, dat er har leare woe en sels mei har iet. It forhael dat Jezus fortelde, wie in earnstige warskôging foar har en as hja har net foroaren soene forskate tolgearders har foar gean yn it keninkryk fan 'e himelen. Hwant it keninkryk fan God is net foar minsken dy't tige from en tige bêst binne en dy't it och sa nau nimme mei wet en regel: it is foar har dy't birou hawwe en yn Jezus leauwe en allinne op him bitrouwe. It is foar de tolgearder en foar de rôver, foar de moardner en de dief - as hja har bikeare; it is ek foar de Farizeër en de Saduceër, foar de rêstige boargers en foar de Seloten - mar ek mar allinne, as hja har bikeare. It is foar de jongste soan, as er werom giet nei it heite-hûs; it is ek foar de âldste soan, as er him bikeart.