God siket it forlerne
207
Ut de gelikenis fan 'e Farizeër en de Tolgearder hie it wol bliken dien, dat de Heare Jezus it mear mei de tolgearders hâldde as mei de Farizeën. Net, dat er dy tolgearders sokke bêste minsken foun; net, dat er har jildsucht priizge of dat er har sûnden goedprate woe, mar hy wie bliid, dat hja aloan wer by him kamen en harken nei syn wurden. Beide, Farizeën en tolgearders, wiene forlern yn sûnde en ûngerjochtichheit, mar allinne de lêsten kamen mei har skuld by him en dêrom wie der foar har noch rêdding. Hy wie ommers op ierde kommen om it forlerne to sykjen? En doe't op in kear de Farizeën der oer mompelen, dat er altyd mar wer mei tolgearders en sûnders omgyng, ynpleats dat er har fuortstjûrde, fortelde er trije gelikenissen om har to learen dat God de sûnders leaf hat.
* * *
Der wie, earne yn it lân fan Israël, in man, dy't hûndert skiep hie. Elke dei gyng er sels mei de lytse keppel it fjild yn en swalke er oer de heuvels om gêrs to finen foar syn bisten, hwant hy wie in man dy't hert hie foar syn fé. Nou barde it op in joun, doe't er mei de keppel thúskaem en de skiep ûnder de stêf trochgean liet, dat der ien skiep miste. De deis, doe't al dy hûndert bisten trochinoar rounen, hie er it net fornommen, mar nou, by it tellen, wiene der mar njoggen-en-njoggentich.
Hoe moast it nou? Ien skiep fan 'e hûndert miste er: it wie net folle, en earm soe er der net fan wurde; bûtendat wie it bêst mooglik, dat er it de oare deis wer foun op it fjild. Hy wie ek sa wurch, nei de lange dei en hy hie honger en toarst biroun. Mar it koe fansels ek wêze, dat it skiep to fier ôfdwaelde, de bergen yn en dat de wolven it forskuorden.
Hy stie net lang yn bistân; de njoggen-en-njoggentich skiep liet er achter yn 'e feilge stâl en sels naem er de stêf wer op en gyng op 'e nij it lân wer yn. Lang roun er troch de wide steppe, oer de ûnsljochte paden; hy roun him de fuotten iepen en skramde him oan 'e skerpe toarnen, mar hy joech gjin bilies en lang-om-let foun er it skiep, dat lei to hymjen en net mear rinne koe. It koe dêr net bliuwe, op it iepen fjild dêr't de wylde dieren it fine soene en it koe de lange reis werom net dwaen. Der siet neat oars op: hy moast it drage. Doe bûgde er him en tilde it skiep op it skouder en gyng de weromreis oan nei de fiere stâl.
En al wurger waerden syn mêdde fuotten en al swierder woech de lêst op syn bûgde rêch, mar hy biet op 'e tosken en sette troch: in goede hoeder hat alles foar syn bisten oer. It wie al let yn 'e joun en lang al donker, doe't er it skiep yn 'e stâl brocht hie, mar hy wie sa bliid, dat er syn freugde net swije koe. Doe helle er syn freonen op en rôp de buorlju en sei: ‘Wês bliid mei my, hwant ik ha myn skiep werfoun, dat forlern wie!’
Jezus seach de Farizeën oan en frege: ‘Soene jimme ek net dwaen hwat dizze hoeder die, de keppel achterlitte en útgean om it iene skiep to sykjen, dat ôfdwaeld wie? Nou dan, sa sil der ek blydskip yn 'e himel wêze om ien sûnder, dy't him bikeart, mear as om njoggen-en-njoggentich rjochtfeardigen, dy't de bikearing net fanneden hawwe.’
Sa wie de gelikenis fan it forlerne skiep in wurd fan warskôging foar de Farizeën, mar tagelyk fan treast foar de tolgearders en de sûnders. De Farizeën moasten der út leare, dat de leafde fan God net allinne foar de goede en fromme minsken is; de tolgearders koene der út opmeitsje dat Gods leafde einleas great is, ek foar hwat forlern en ôfdwaeld is.
* * *
En noch in koarte gelikenis fortelde de Heare.
Der wie in frou, dy't tsien drachmen hie, tsien sulverstikken, dêr't hja in sin by hie, om't hja se meikrige hie by har trouwen. Ryk wiene se net, mar sels