bidoelde, dat hy jowt oan elk dy't yn him leaut. Nou bigriep se der neat fan en hastich sei se: ‘Heare, jow my dat wetter, dat ik noait wer toarst krij en hjir noait wer hinne hoech om wetter to heljen!’
Al wer gyng Jezus net op har wurden yn. It waerd nou tiid, dat er har dúdlik makke, hwat er bidoelde mei syn byld fan it libben wetter, mar dat woe er net dwaen foar har allinne; der wiene mear minsken yn Sichar, dy't it evangeelje hearre moasten. En nou woe er krekt dizze frou, dy't sa'n sûndich libben laet hie en dy't yn 'e stêd op sa'n minne namme lei, brûke om syn boade to wêzen en om 'e lju fan Sichar to bringen by him, dy't har it ivich libben jaen woe.
Mar earst moast dizze frou noch witte, dat er gjin gewoan minske wie en dat er alles fan har wist. En dêrom sei er: ‘Gean hinne, rop jins man en kom hjir dan wer.’ De frou krige in kleur; hja tocht oan al de mânlju dy't hja hawn hie en oan dizze lêste, dy't har man net wie en dêr't hja net mei forskine doarst foar dizze wûndere rabbi.
‘Ik haw gjin man’, sei se bidêst.
Jezus antwurde: ‘Dat hawwe jo goed sein, ik haw gjin man, hwant fiif mânlju hawwe jo hawn en dy't jo nou hawwe, dat is jins man net; dat hawwe jo wol nei wierheit sein.’
De frou stie forslein en, om't it dizze rabbi wie dy't it sei, skamme se har djip. Dus, hy wist alles, dy man hjir by de boarne! Mar dan wie it better, dat hja oer hwat oars praetten en handich sei se: ‘Heare, ik hear dat jo in great profeet binne en nou woe ik jo dochs graech hwat freegje; hwa hawwe nou gelyk, de Samaritanen, dy't sizze dat men op 'e berch Gerizim eanbidde moat, of de Joaden dy't sizze, dat Jeruzalem it plak is, dêr't men God tsjinje moat?’
Jezus antwurde: ‘Fan âlds hiene de Joaden gelyk, hwant God sels hat har Jeruzalem oanwiisd om him de timpel to bouwen en jim hiene ûngelyk, hwant der stiet nearne yn 'e Skriften, dat men op 'e Gerizim oanbidde moat. Mar ik siz jo, frou, de ûre komt en is der nou al, dat jim net mear nei de Gerizim hoege en net mear nei Jeruzalem om to oanbidden, mar dat jim oeral oanbidde meije. Hwant net op it plak komt it oan, as jim ta de Heit bidde, mar hjir komt it op oan, dat jim oanbidde yn geast en wierheit. God is geast en Hy is net boun oan in berch of in timpel en elk dy't ta Him bidt, moat oanbidde yn geast en wierheit.’
De frou hie goed harke, mar hja koe sa gau noch net bigripe, hwat Jezus bidoelde. Foar har gefoel kaem it plak dêr't men offere, der wol tige op oan. Mar dat doarst se net heal tsjin sok in profeet to sizzen en dêrom antwurde se: ‘Ik wit, dat de Messias komme sil; as dy der mar ien kear is, dan sil Er ús al dy dingen útlizze.’
Doe spriek Jezus rounút: ‘Ik bin de Messias, dy't komme soe.’ De frou seach him oan mei greate, blide eagen. Hja twivele net, mar ear't hja noch delfalle koe om him to oanbidden, kamen de discipelen werom út 'e stêd en gyngen op Jezus ta. De Samaritaenske wie net sa gau binaud, mar nou, mei al dy mânlju, waerd it har dochs to machtich. Hja hie noch genôch to freegjen, mar dat koe letter wol; dizze rabbi wie de Kristus en dat wie genôch. Doe sette se de stap der yn, de wei del nei Sichar, om har man to heljen en elk, dy't mar komme woe. De folle wetterkrûk bleau stean njonken de saed.
* * *
En lang noch, wylst hja it iten útpakten en alles ré setten ta it miel, seagen de learlingen nei de frou út Sichar. Koe dat nou sa mar, dat de Master spriek mei in frou, sûnder dat der oaren by wiene? It wie har al oars leard, mar hy soe wol it bêste witte, hwat mocht en hwat net. It paste har net om him rekkenskip to freegjen.
Doe't alles ré wie ta it middeis-miel, siet Jezus noch yn gedachten. Hy tocht oan de frou dy't er útstjûrd hie en oan al de oaren, dy't komme soene en der wie in greate blydskip yn syn hert, dat er hjir, yn Samaria, it evangeelje bringe mocht. It iten forgeat er der by en mear as ienris fregen de discipelen him, oft er net ite woe. It wie sa lang al lyn, dat er foar it lêst hwat hawn hie.
Jezus sei: ‘Ik haw nou gjin honger mear; ik haw in spize, dêr't jim net fan witte.’ De tolve wisten net hwat hja der oan hiene. Dy frjemde frou soe him dochs fêst gjin brea brocht hawwe? Mar Jezus, dy't har gedachten wist, spriek: ‘Né, gjin ien hat my iten brocht, mar dit is myn spize, dat ik doch it wollen fan Him, dy't my stjûrd hat. Niist, doe't jim it winternôt seagen op it lân, doe seine jim: Noch fjouwer moanne en dan is it al wer ryp!’ Mar ik siz jimme: sjoch de kant út nei Sichar en jim sille in skare folk sjen, dy't komme om nei my to hearren. Hwant nou al binne myn fjilden giel en myn nôt is ré ta de risping en nou al krij ik sichterslean en gearje ik myn frucht ta it ivige libben. Mar ek nou wer is de spreuk wier, dat it in oar is dy't sieddet en in oaren ien dy't sichtet: foar my hawwe oaren arbeide ek oan dit folk: Mozes en de profeten, dy't hja lêzen hawwe en de Doper dêr't hja fan heard hawwe. En sa wie it ek, doe't ik jimme útstjûrde en doe't jimme myn blide sichters wiene: ek doe hiene oaren foar jimme arbeide en ta har arbeid mochten jimme yngean.’
* * *
Wylst Jezus en syn discipelen by de boarne sieten wie de frou út Sichar yn 'e stêd kommen. Har man