nou ris rounút sei, hwat syn plannen wiene. As er werklik miende, dat er de Messias wie, de Salvling des Heare, hwerom sei er dat dan net en hwerom die er dan net in teken, dat elk it sjen koe?
De Heare Jezus wist wol hwat hja woene, mar hy wie net fan doel om him nou al to iepenbierjen as de Soan fan God. Net op dit feest, mar op it Peaskefeest, as yn 'e timpel de Peaskelammen slachte waerden, soe hy syn libben jaen foar syn folk. Dan earst mochten de fijannen witte hwa't er wie en sa lang soe er noch sprekke yn bylden en gelikenissen. Dy deis yn 'e pyldergong fan Salomo neamde er himsels de Goede Hoeder.
* * *
In hoeder mei syn keppel wie yn dy tiid yn dat lân hiel gewoan; sels minsken dy't al har libbensdagen yn 'e stêd forkeard hiene, wiene wol bikend mei it skeperswurk. It wie ek altyd wer in moai gesicht, dy lange rige stappende bisten, de wite skiep, de donkere geiten en foar har út de hoeder, dy't har foargyng nei de greide. Hwant yn it Easten is it gjin wenst dat de hoeder achter de skiep rint en har opjaget mei gâns gerop en gebear, mar hy giet foarop en de skiep kenne syn lûd en folgje him, hwer't er ek hinne giet.
En sa't de bisten him kenne, sa ken hy alle skiep, hwant elk bist hat syn eigen namme en moarns, as de doarwachter de doar iependien hat, ropt er se ien foar ien en bliid komme se op him tá. Sa swalket er hiel de lange dei op it fjild en jouns bringt er se wer thús yn 'e feilige stâl; dan lit er se ûnder syn stêf troch gean en telt se, om to sjen oft se der allegearre binne.
Mar fansels, lyk as it altyd giet yn it libben, der wiene hoeders en hoeders. Soms wiene it minsken, dy't har forhierd hiene by in greate boer, ien dy't wol tûzen bisten hie, en sokke hierlingen leine net op in bêste namme; hja pasten net altyd goed op 'e keppel en soms forkochten se de molke, of de lammen, dy't fan 'e boer wiene. Fansels bidoelde Jezus sokke hoeders net, doe't er himsels in hoeder neamde.
Hwant der wiene ek genôch oaren, dy't sels hwat skiep hiene en dy stiene wol noed foar de keppel en hiene der alles foar oer; hja droegen geduldich de hjittens fan 'e simmer en de skerpe wyn by't winter en hja swalken einen fier om it bêste gêrs to finen en it klearste wetter. Sels as de wrede wolf op 'e keppel ta kaem, lieten se har skiep net yn 'e steek, mar hja weagen har libben en sloegen op it ûndier yn mei de hurde kneppel. Dat kaem fansels omdat it har eigen skiep wiene en foar eigen fjochtet it fûl.
Mar ek hjir wie alles noch net mei sein; de hoeder dy't foar de keppel útgiet en dy't syn libben jowt foar de skiep, dat wie yn Israël ek it symboal fan 'e kening dy't foar syn folk striidt en har oanfiert yn 'e oarloch. Yn 'e hillige Boeken waerd de kening faek in hoeder neamd en by de âlde profeten wie de hoeder faek it byld fan 'e Messias-kening. Dêr tocht de Heare Jezus ek oan, doe't er himsels de goede hoeder neamde en sa iepenbiere er him yn dizze gelikenis dochs noch as de Kristus Gods, mar dat woene de Farizeën fansels net leauwe. Hja hiene it wol witte kinnen, hwant de Skriften koene se wol, mar hja woene it net bigripe. Dat hja rounen wol mei Jezus op en heinden him de wurden út 'e mûle, mar woene gjin sizzen fan him ha.
Jezus spriek: ‘Wiswier, wiswier siz ik jimme: dy't net ta de doar de stâl fan 'e skiep yngiet, mar oars earne ynklimt, dy is in dief en rôver. Mar dy ta de doar yngiet, dy is in hoeder fan 'e skiep en de skiep hearre syn lûd, en hy ropt har by de namme en laet har út. En as er se allegearre útlaet hat, giet er harren foarop, en de skiep folgje him, hwant hja kenne syn lûd. In frjemden-ien lykwols, sille hja wis net folgje, mar hja sille foar him flechtsje, om't hja it lûd fan 'e frjemde net kenne.’
Sa tekene Jezus himsels, yn inkelde sobere wurden, as de wiere Messias, en sa spriek er ek it oardiel út oer alle lieders fan it folk, dy't it net to dwaen wie om it heil fan har folk, mar om har eigen foardiel en om eare en macht. Net de strange Farizeën wiene de goede hoeders en net de foarname Sadduceën en net de dryste Seloten, mar Jezus en hy allinne. Al dy oaren, dy wiene neat better as dieven en rôvers.
De minsken om Jezus hinne bigriepen der neat fan. Wis, hja founen it wol moai en hja seagen dy hoeder foar har, mar de wierheit yn 'e gelikenis gyng har foarby. Foar har wie it net de iepenbiering fan 'e Kristus en net in oardiel oer alle lieders fan it folk; foar har wie it oars net as in moai forhael, dat net oan it gefoel kaem.
De Heare Jezus spriek fierder: ‘Ik bin de doar fan 'e skiep; as immen ta my yngiet en him by myn keppel jowt, dy sil bihâlden wurde en hy sil yngean en útgean en weide fine. De dief komt allinne om to stellen en to slachtsjen en to fordjerren. Ik bin kommen, dat hja it libben hawwe meije en oerfloed fan iten. Ik bin de goede hoeder en de goede hoeder set syn libben foar de skiep. De hierling lykwols, dy't net de eigener is fan 'e skiep, sjocht de wolf kommen en forlit de skiep, en flechtet, en de wolf rôvet en forsillet har, hwant hy is in hierling en stiet gjin noed fan 'e skiep. Mar ik bin de goede hoeder en ik ken myn skiep en myn skiep kenne my.’
* * *
En stadich oan, om Jezus hinne, groeide de fijânskip. Hwant al bigriepen hja dan it boadskip net dat er har brocht, hja fielden dochs wol, dat er har hwat to sizzen hie, hwat greats en machtichs en it makke har ûnrêstich. Hy wie de doar, hie er sein, mar de doar