troch to kommen en krigen in plak yn 'e brulloftsseal.’
En doe kearde er him nei de skare om him hinne en sei: ‘Sa is it ek mei elk dy't yngean wol yn it Keninkryk. Wrakselje jimme mar om yn to gean troch de smelle doar, hwant gâns minsken sille bisykje om yn to gean en sille net kinne. En as jim it nou net dogge, dan komt der in tiid, dat it foar altyd to let wêze sil. Dan sil de Hear fan it hûs oereingean en de doar op it slot dwaen en dan sille jim roppe: “Heare, Heare, doch ús iepen”, mar Hy sil antwurdzje: “Ik ken jimme net en ik wit net hwer't jim wei binne.” En wer sille jim sizze: “Heare, doch ús dochs iepen, hwant wy kenne jo sa goed: wy hawwe destiids mei jo iten en dronken en op ús strjitten hawwe jo leard”, mar Hy sil oars net sizze as: “Ik wit net hwa't jim binne; gean by my wei, jimme wurkers fan 'e ûngerjochtichheit.” En jim sille skrieme en fan wanhoop mei de tosken knarse, as jim Abraham en Izaäk en Jakob sjogge yn Gods keninkryk, mar jimme sels der bûten wurpen.’
* * *
Ek op in oare kear brûkte de Heare Jezus it byld fan in smelle doar, om it folk to learen, dat it foar nimmen maklik wêze sil om yn 'e himel to kommen. Dy kears lykwols gyng it net oer in feestseal, mar oer in smelle poarte yn 'e hege muorre fan in stêd. ‘Gean yn ta de inge poarte’, spriek er, ‘hwant wiid is de poarte en breed is de wei, dy't nei it fordjer laet en machtich binne dyjingen, dy't dêr ta yn gean. Mar ing is de poarte, en smel is de wei, dy't nei it libben fiert en minmachtich binne, dy't dy wei fine.’
Foaral de discipelen hiene mei oandacht harke nei dit lêste wurd. Tocht de Heare miskien oan it Leafhuttefeest en oan har reis nei Jeruzalem? Doe trieken de greate karavanen nei de hillige stêd, Galileërs en Seloten, de brede wei lâns mei har keppels offerdieren en yn brede rigen kaem it folk efter har oan. Wiid stiene de poarte-doarren iepen en bliid trieken se nei de hillige timpel en it wijde alter. Mar op it timpelplein hiene se God net foun en net de frede foar har sûndich hert, mar ynpleats de Farizeën, dy't de Soan fan God nei it libben stiene en de wacht fan Pilatus, dy't de skerpe swurden swaeiden. Wie dat de brede wei, dy't Jezus bidoelde, dêr't de mannichte lâns roun, it ivich fordjêr yn 'e mjitte? Sels wiene se doe mei Jezus de stille paden lâns gien en troch in smelle poarte wiene se ûngemurken yn Jeruzalem kommen. Sa moast it wêze: dy't it hâldde mei it folk en mei de mannichte, dy gyng forlern en allinne hwa't mei Jezus gyng en him folge op smelle wegen, troch de inge poarte, dy soe it libben fine.
En ek dit wurd fan Jezus founen se swier to bigripen. Hy wie dochs de Messias, de Kening, dy't sitte soe op 'e troan fan David, en hy wie dochs kommen foar hiel it folk en net foar in lytse keppel allinne? Hie dy man dan dochs gelyk hawn, dy't bang wie, dat der mar in bytsje bihâlden wurden? Mar hoe't it ek wêze mocht, ien ding wie wis: hja hearden by Jezus en hja wiene by dyjingen, dy't it ivich libben ervje soene. As it wêze moast, dan woene se mei him yngean yn it keninkryk, ek troch de inge poarte.
Mar djip yn har hert wie altyd noch de hope, dat it hiel oars gean soe, dat hiel it folk noch ien kear ta Jezus komme soe en dat er Jeruzalem yngean soe troch de brede poarte, de keninklike wei lâns. Gâns jierren letter, doe't ien fan harren, de discipel Mattheüs, dit wurd fan Jezus optekene yn syn evangeelje, doe wisten se it better....