Rebellen en Boargers
202
Op 'e hillige berch Sion, flak njonken de timpel, stie in sterk kastiel, de Antonia-Stins, dêr't altyd troch in sterke ôfdieling soldaten lei. Foaral by de hege feesten, as Jeruzalem fol Galiléers wie, koe der maklik in oproer losbrekke en sokke tiden wiene de Romeinen tige op har hoede. De lânfâld, Pontius Pilatus kaem sels yn 'e stêd en syn soldaten hâldden strange wacht. Heech op 'e muorre fan 'e Stins stie dei en nacht in soldaet en der koe neat bysûnders barre op it folle timpelplein, of hy sloech alarm. Dan stoarme, gjin fiif menuten letter, de hiele wacht by de smelle treppen del en sloech der op mei de hurde kneppels. Dêr koe it dan meastentiids wol mei ta, mar as de rebellen gjin bilies joegen, namen de soldaten it skerpe swurd en mijden neat mear; hwat har foar de fuotten kaem, houden se del en soms foelen der deaden....
* * *
Ek op dit Leafhutte-feest broeide der hwat by de Seloten út Galiléa en om't de Heare Jezus net bihelle wurde woe yn har dryste plannen, wie er net mei de greate karavaen nei Jeruzalem tein, mar yn alle stilte troch de stêdden fan Samaria en sa wie er ek wer fuortgien.
De oanfal wie der like goed om troch gien, mar ek dizze kear wiene de Romeinen fanwegen kommen. Al fjochtsjend hiene de rebellen de wyk nommen nei it Binnen-Foarhôf, dêr't de preesters drok dwaende wiene om de offerdieren to slachtsjen en dêr't gjin heiden komme mocht. De soldaten steurden har lykwols net oan 'e wet en flak by it alter houden se de Galiléers del, dat har bloed gearroun mei it bloed fan 'e offerkij.
De mislearre oanfal hie in hiele opskuor jown yn 'e stêd en dagen oanien hiene de minsken oars gjin praet. Net, dat hja sa folle meilijen hiene mei de minsken, dy't sa raer oan 'e ein kommen wiene; sok rûch Selotefolk wie net folle oan forlern, tochten se, mar dat it offerbloed ûnthillige wie en gjin krêft mear dwaen koe, dat wie wol slim! Hwat diene dy Seloten ek to fjochtsjen by it alter? It wie gjin wûnder, dat de Hillige God har gram wie en dat har oanslach mislearre wie; soks koe ommers gjin seine op rêste!
* * *
It wie al gâns in tiid letter en Jezus wie al wer yn Galiléa, doe't in pear reizgers him alles fortelden, dat der yn 'e timpel bard wie. Hja seine it der net by, mar de Heare hearde wol oan har menear fan fortellen, dat dizze minsken tige út 'e hichte op dy rebellen delseagen. Dat moasten dochs wol greate sûnders west ha, oars soe God har net sa'n wrede dea stjerre litten ha. It wie krekt deselde riddenearring as fan 'e discipelen, doe't hja de bline bidler seagen by de timpelpoarte. En ek dizze kear warskôge de Heare tsjin dy forkearde, hurde lear.
‘Tochten jim, dat dy Galiléers greater sûnders wiene as alle oare Galiléers, om't dat harren oerkommen is? Of dy achttjin mânlju út Jeruzalem, dy't dearekke binne, doe't de toer fan Siloäm ynfoel, miene jim, dat dat greater sûnders wiene, as alle oare boargers fan Jeruzalem? Né, siz ik jimme, dizze rebellen wiene neat minder as jim en as dit folk fan Israël him net bikeart, dan sille jim allegearre krekt sa'n wrede dea stjerre.’
De minsken om Jezus hinne hiene dit earnstich wurd wol forstien, mar it gyng net goed yn har del en hja fielden net, dat hja har foroarje moasten. Dat koe dochs net, dat hja like sûndich wiene as dy rûge Seloten, en dat hja ek falle soene ûnder it swurd fan 'e heidenen? Rebellen en fromme boargers, wie dat dan by God gelyk? Hja leauden it net, al sei dy rabbi it