Suver daegjend stie er dêr en wachte op 'e earste fraech.
De foarsitter kaem der net ûnhandich mei oan en, suver freonlik sei er: ‘Wy hawwe jins âlden heard en it is ús dúdlik wurden, dat der mei jo in great wûnder bard is. Nou is it de fraech mar, hwa komt de eare ta: dy man út Nazareth of de Hillige God. Wy witte lykwols dat dy minske in sûnder is, dat dy kin it net dien hawwe; mar dan moat God jo genêzen hawwe troch de krêft fan it wetter út 'e fiver, dat as jo dat nou ek forklearje woene en jo joegen God de eare....’
De genêzene bigriep mar al to goed hwer't hja op út woene, mar hy tocht der net oer om har to wille to wêzen. Dy rabbi en oars gjin ien hie him genêzen en dêr bleau er by! En koppich sei er: ‘Oft dy man in sûnder is, wit ik net; ien ding wit ik: dat ik blyn wie en dat ik nou sjoch.’
It wie dúdlik, dat dizze earme bidler net dwaen woe, hwat hja fregen en daliks sloech de stimming om. Strang seine se: ‘Mar siz ús dan hwat er dy dien hat en hoe't er dy de eagen iepene hat. Allinne as wy alles witte, kinne wy rjochtsprekke.’
Mar de genêzene wie nou oan 'e ein fan syn geduld en hy wie net fan doel om it har jitris to fortellen. Hja koene ommers dochs gjin goed fan Jezus hearre en hy koe gjin kwea fan him sizze! Hoe mear hja dy rabbi leech leine, hoe greater syn leafde en tankberens waerd! En skerp en spottend sei er: ‘Mar dat haw ik ommers al sein en jim harken der net iens nei. Hwerom wolle jim it noch ris wer hearre, of wolle jim miskien ek syn learlingen wurde en ek sokke tekens dwaen?’
It waerd in wyld trelit yn 'e rjochtseal en hja sprongen oerein en bigounen to skellen. ‘Dû bist in learling fan dy forlieder’, húnden se, ‘mar wy binne learlingen fan Mozes. Mozes, dy wie út God en God hat mei him sprutsen, mar hwer't dizze wei is, dat witte wy net!’
De genêzene bleau ek nou it antwurd net skuldich. It wie him forgetten, dat er forsichtich wêze moast en dat it Sanhedrin him gâns kwea dwaen koe; hy tocht net ienris mear om syn heit en mem, dy't it miskien mei bilije moasten en hy sei rjochtút hwat er fan har tocht. Nou wie er gjin bidler mear, dy't de hân ophâlde moast en démoedich ‘tankje’ sizze, nou wie er in strider foar de eare fan Jezus, fan dy rabbi, dy't er noch noait sjoen hie en dy't er dochs leaf hie en dêr't er alles foar oer hie.
‘Dat is sa’, sei er mei flymjende spot, ‘jimme witte net, hwer't er wei is, hoewol't er my de eagen iepene hat en dat is in biwiis, dat jim neat witte fan God. Fan âlde tiden ôf hat men der net fan heard, dat immen dy't blyn berne waerd, de eagen iepene waerden en dy't dat docht, dy moat út God wêze. Mar jim binne sels net út God en dêrom leauwe jim it net fan him!’
Doe briek har grime los en hja raesden: ‘Dû bist hielendal yn sûnde berne en soestû it better witte as wy? Fan dizze ûre ôf bistû gjin lid mear fan 'e gemeente en bistû út 'e synagoge wurpen.’ En op datselde stuit namen se in bislút en diene se him yn 'e ban.
* * *
Doe't er nei hûs roun, dy wûndere sabbat, moast er iderkear tinke oan hwat der bard wie. It wie sa moai bigoun en hy hie sa wûndere bliid west, doe't dêr by de fiver it ljocht yn syn deade eagen kaem, en nou wie alles somber en tsjuster. Dat er nou dizze earste dei syn âlden al sa'n great fortriet dwaen moast. Hie er dan wier to folle sein? Hie er har sin dwaen moatten en Jezus de eare ûntkeare, dy't him takaem?
Mar né, dat wie gjin fraech. Hy stie foar de kar: de Farizeërs of de rabbi fan Nazareth, de leagen of de wierheit en hy hie de goede kar dien. As er der jitris sa foar kaem to stean, soe er it net oars dwaen! Allinne ien ding soe er wol graech wolle: dat er dy rabbi noch ris ien kear treffe mocht. Hwat soe it moai wêze as er him alles fortelle koe en him freegje, hwat er nou fierder dwaen moast....
En doe, krekt doe't er oan him tocht, seach er Jezus op him takommen. Hy kaem de strjitte lâns, rjocht op him ta, net oars as woe er him to wurd.... De genêzene bleau stean en wachte; syn eagen blonken fan in greate blydskip. Dit wie gjin tafal, dat hja elkoar hjir troffen: de rabbi hie him socht en kaem om him to treasten. Soe er it al witte, dat er út 'e synagoge band wie?
De Heare hie alles al heard en hy wist dat de genêzene nou syn treast fan neden hie. Hy praette net oer hwat de Farizeën him oandien hiene; hy hie hwat foar dizze bidler, dat mear wie as in ierdske treast.
‘Leaustû yn 'e Soan fan God?’ frege er.
De genêzene antwurde: ‘Hwa is it Heare, dat ik yn him leauwe mei?’
Jezus spriek: ‘Dû hast him al sjoen; dy't mei dy sprekt, dy is it.’
It wie de man, oft him op 'e nij de eagen iepen gyngen. Nou wist er, dat dizze rabbi mear wie as in profeet, mear as Mozes en as Elia; nou leaude er, dat er de Kristus wie, Gods eigen Soan. En wylst er him falle liet oan Jezus' fuotten, bigoun er bliid him to oanbidden.
Doe't er alles sein hie hwat it hert him opjoech, alle wurden fan hulde en oanbidding, dy't er bitinke koe, riisde er oerein en gyng syn wegen. Hy wie net drôvich mear; it spiet him net mear, dat er út de synagoge band wie, dat de Farizeën him gram wiene.