soene jim yn my leauwe, hwant ik bin fan God útstjûrd. Mar nou leauwe jim net yn my, hwant jim hawwe de duvel ta in heit en dy is in leagener en de heit fan 'e leagen.’
De Joaden wisten net hwat hja antwurdzje soene op dat skriklik wurd en yn har wylde grime bigounen se to skellen. ‘Wy hawwe lang al sein, dat jo in Samaritaen binne en in démon hawwe, mar nou sjogge wy, dat it ek wier is.’
Jezus antwurde: ‘Ik haw gjin kweageast en jimme ûntearje my mei sok sizzen. Mar ek dizze hún wol ik drage, hwant ik sykje myn eigen eare net. God sels, dy sil foar my opkomme en jim oardielje. Ik sil jimme net straffe, mar ik sil it ivich libben jaen elk dy't yn my leaut. Wiswier, wiswier siz ik jimme: as immen myn wurd oannimt, gjin dea sil er sjen yn ivichheit.’
Forheftich seine de Joaden: ‘Mar nou witte wy, dat jo in kweageast hawwe. Abraham is stoarn en alle profeten en jo sizze: As immen myn wurd biwarret, dy sil de dea net smeitsje yn ivichheit. Binne jo dan faeks mear as Abraham en de profeten? Hwat miene jo dat jo binne?’
En noch woe Jezus har antwurdzje. ‘Ja’, spriek er, ‘ik bin mear as alle profeten en mear as Abraham. As ik dat fan mysels sei, dan soe it net wier wêze en hoegden jim it net to leauwen, mar nou hat de Heit it fan my sein, dêr't jimme fan sizze: Hy is ús God. Mar ek de Skriften tsjûgje fan my. Abraham, jimme heit, hat jubele en him forblide, om't er myn dei sjen mocht.’
De Joaden seagen him forheard oan. Jezus bidoelde, dat Abraham, doe't er syn soan krige, net allinne bliid wie om Izaäk, mar yn dy soan fan 'e bilofte ek om de Kristus, dy't út him berne wurde soe, mar dat bigriepen se net. En spottend seine se: ‘Jo binne noch gjin fyftich jier âld en hawwe jo Abraham sjoen?’
De Heare Jezus antwurde earnstich: ‘Wiswier, wiswier, siz ik jimme, ear't Abraham berne waerd, bin ik.’
En doe koene de Joaden it net langer úthâlde. ‘Ear't Abraham wie, bin ik.’ Dat koe mar ien ding bitsjutte: hy miende dat er de Soan fan God, dat er sels God wie! Hja seagen om har hinne, om wapens, dêr't se him mei deadzje koene. Flakby stie gâns stien opsteapele ta de bou fan 'e timpel, dy't noch altyd troch gyng. Hastich gyngen se der op ta. Nou soene se dan ris sjen, oft dy forlieder it ivich libben hie....
Doe't hja weromkamen, de stiennen yn 'e fûst, wie Jezus der al net mear en hja doarsten him net to folgjen.