goed dat de Farizeën it him kwea ôf nimme soene, mar dêr koe er net om swije; hja koene him dochs neat dwaen, nou't syn tiid der noch net wie.
Der wiene sels skriftgelearden dy't nei him harken en har forwûnderen oer syn reden. ‘Hoe kin dat dochs’, seine se tsjininoar, ‘dat er de Skriften sa goed ken, alhoewol't er net leard hat.’
Jezus antwurde: ‘Ik haw net by jimme yn 'e lear west, dat is wier, mar dêrom sprek ik noch net út mysels, hwant der is Ien dy't my stjûrd hat: God. En as jimme werklik yn Him leauden, dan soene jim witte, dat ik Syn wurden sprek! It docht jim nij, dat ik de wet sa goed ken, dy't Mozes jimme jown hat? Ik fyn it frjemd, dat jim de wet net dogge! Hwant hwerom haetsje jimme my en wolle jim my deadzje?’
De Farizeën seine der neat op, mar der stiene oaren by, dy't net wisten fan har fûle haet en dy't har net yntinke koene, dat sokke fromme mannen sokke tsjoede plannen hiene. Hja skodhollen forheftich en seine: ‘Man, hoe kinne jo soks sizze? Jo hawwe in démon! Hjir is ommers net ien, dy't bisiket om jo to deadzjen?’
De Heare Jezus lei der net tsjin yn. Hy koe dizze hege hearen better en hy wie noch net forgetten, dat hja him yn Galiléa al hjitfolge hiene, om't er op 'e sabbat in sike genêzen hie. En tsjin 'e Farizeën en Skriftgelearden sei er: ‘Jim forwite my, dat ik op 'e sabbat in sike better makke haw, mar hoe kinne jim dan op 'e achtste deis in bern bisnije, as dy dei op in sabbat falt? As dat dan wol mei, in minske rein meitsje op 'e rêstdei, troch him to bisnijen, soe ik dan op 'e sabbat gjin minske soun meitsje meije?’
Der wie gjin ien fan 'e gelearde hearen dy't in antwurd jaen koe op dy fraech en hja lieten Jezus ûnbihindere fierder sprekke. Dat die de feestgongers doe wer nij en hja seine forheard: ‘Soene se dan dochs noch leauwe, dat er de Messias, de Kristus, is? Mar dat kin ommers net, hwant wy witte hwa't syn âlden binne en dat er út Nazareth komt, en as de Kristus komt, sil gjinien witte hwer't er wei is.’
Mar ek dat hearde de Heare en lûd rôp er har ta: ‘Wis, jimme witte hwer't ik wei bin, mar dochs hat God sels my stjûrd! Mar jim kenne Him net; ik allinne ken Him, hwant ik bin fan Him útgien en Hy hat my stjûrd.’
Doe't Jezus dat sein hie, waerden de minsken om him hinne forgrime. Hoe koe dy rabbi, dy't it folk forlaette en tsjin de foargongers opstie, sizze dat er út God wie? It wie laster, sok sizzen, en hja krongen op him oan om him mei to nimmen en foar de rjochters to lieden. Mar doe't hja flak foar him stiene, doarsten se dochs net en der wie net ien, dy't de hannen oan him sloech.
En op it timpelplein waerd de bitizing hwat langer hwat greater; de fijannen doarsten Jezus neat to dwaen, de skare wist net mear hwat se der fan tinke moasten en forskate oaren leauden yn him en seine iepenlik: ‘Hy moat de Kristus wêze, hwant noait kin der ien komme, dy't mear tekens docht as hy!’
Doe't it sa fier wie en doe't de fijannen murken, dat Jezus sels yn 'e timpel oanhing krige, doe kaem yn ien fan 'e timpelgebouwen it Sanhedrin gear om to rieplachtsjen, hoe't hja him fange soene.
* * *
It Sanhedrin wie doedestiids it heechste rjochtskolleezje yn Jeruzalem en elk dy't de wet fan Mozes briek of de ynsettingen fan 'e âlden, koe foar har brocht wurde. En de straffen dy't de sawntich rjochters opleine, wiene fakentiids tige swier: hja koene in sûnder giselje litte en him sels ta de dea foroardielje! Foaral forgripen tsjin de foarskriften oangeande de sabbat wiene se tige strang op en hja soene Jezus al lang foroardiele hawwe, as hja mar doarst hiene.
Mar nou waerd it dan ek heech tiid, founen se. Al mear minsken lieten har forliede troch dy Nazarener en as it sa trochgyng, roun it op oproer en deaslach út; de Romeinen, yn har kazerne op 'e timpelberch, seagen sokke feestdagen neat troch de fingers. Dat de Farizeën en 'e Sadduceën, dy't oars sa fûl foarinoar oer stean koene, wiene it nou iens: Jezus moast foar it rjocht komme en it swijen moast him oplein wurde. Hja stjûrden der soldaten op út om him to heljen en leine har op, dat alles sa stil en ûngemurken ta gean moast as it mooglik wie; der wiene sa folle minsken, dy't it mei him hâldden en hja woene net graech dat it folk yn opskuor kaem.
De soldaten founen de Heare op it timpelplein, midden yn 'e drokte fan it feest, hwant it wie nou de lêste, greate dei. Sahwat ûngemurken joegen se der har by, lyk as hiene se gjin kwea yn it sin. Hja woene ek wol ris hearre hwat dy wûndere rabbi sei en ûntkomme koe er har dochs net.
‘Noch in koarte tiid bin ik by jimme, dan gean ik ta Him, dy't my stjûrd hat’, spriek er. ‘Jim sille my sykje en my net fine en dêr't ik bin, kinne jimme net komme.’ Hy spriek oer de takomst, dat er nou mei gauwens stjerre soe en lizze yn it grêf; dan soene syn fijannen komme en him sykje, mar dan soe it grêf leech wêze! Mar om't de Farizeën dat net bigriepen, seine se forheard tsjin elkoar: ‘Hwer sil er hinne, dat wy him net fine kinne? Hy sil dochs net nei it bûtenlân om de Griken to learen?’
Jezus gyng net op har dwaze fragen yn. Hy seach de preesters mei it hillich wetter oer it timpelplein gean en it kaem him yn it sin, dat de Farizeën learden, dat de Messias by syn komst ek wetter jaen soe út 'e rots, lyk