De Hillige Histoarje. Diel 2. It Nije Testamint
(1953)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 89]
| |
doe't er, yn 'e namme fan Jezus, de kweageasten útwurp en slimme siken better makke en de learlingen founen, dat soks net to pas kaem. Dy man wie gjin discipel, al leaude er fêst oan Jezus' wûndermacht, en hy folge har net, mar dan hearde er Jezus' hillige namme ek net to brûken! It wie net earlik en hja hiene him strang oansein, dat er der mei ophâlde moast. Mar doe't Johannes it letter tsjin Jezus sei, die it bliken dat dy der hiel oars oer tocht. Al folge dy man him dan net en al hearde er net by de discipelen, hy moast dochs wol in sterk leauwe ha, dat er de démonen útwurp. Gjin minske koe út eigen krêft sokke tekens dwaen en as it dochs barde, dan wie it dúdlik, dat Jezus sels troch him wurke. Mar as dizze wûnders barden troch him, dan kaem it net to pas, dat syn eigen learlingen it forbeaën. ‘Ik siz jimme’, spriek Jezus: ‘forbied him net, hwant hwa't net tsjin ús is, dy is foar ús, ek al folget er ús net.’ Net lang dêrnei, op 'e reis nei Jeruzalem, die it bliken dat der ek noch wol minsken wiene, dy't him wòl folgje woene, mar dy't gjin leauwe genôch hiene om it troch to setten.
* * *
De earste dy't by Jezus kaem op dy wûndere reis, wie in Skriftgelearde en dat op himsels wie al in wûnder. Oan't nou ta hiene de Farizeën en Skriftgelearden altyd tsjin Jezus west; hja forwieten him dat er de wet fan Mozes forachte en de sabbat briek en dat er omgyng mei tolgearders en sûnders. Yn har fûle haet biskuldigen se der him fan, dat er de Allerheechste lastere en it folk fan God forlaette; ien kear hiene se sels tsjin him sein dat er in démon hie en bytiden bisochten se him to deadzjen. En nou stie ien fan harren hjir by Jezus, net om mei him to striden oer de ynsettingen fan 'e âlden en net om him to fangen yn syn eigen wurden, mar om him to folgjen en syn discipel to wurden. En wylst er djip foar de Heare bûgde, sei er lûd: ‘Rabbi, ik sil jo folgje hwer't jo ek hinnegeane.’ De Heare Jezus wist, dat dizze Skriftgelearde ek werklik miende, hwat er sei. Hy hie der lang oer neitocht en hy wie der ré foar om Jezus to folgjen ek al soene al syn gelearde freonen him der om skouderje en him forachtsje en miskien wol út 'e synagoge banne. Jezus wist ek dat dizze Skriftgelearde, as er ien kear syn discipel wie, him fan great nut wêze soe. De Farizeën soene him sa goed net mear bilasterje doare, as ien fan harren it mei him hâldde en it gewoane folk soe wis noch heger by him opsjen as ien fan har lieders syn discipel waerd; it wie net iens ûnmooglik dat noch folle mear minsken him folgje soene, dy't der oan't dizze tiid ta noch net oer gear kommen wiene. Mar dochs naem Jezus him net sa mar ta syn discipel oan. Dizze man mocht dan in waerm hert en in djippe leafde hawwe, mar hy koe him net yntinke, hwat it ynhâlde in neifolger fan Jezus to wêzen. Hy soe wis mei blydskip mei op reis gean, mar it wie de fraech noch oft er it op 'en dûr úthâlde koe. Hy wie in man dy't in eigen hûs hie en miskien wol jild en boaden en Jezus wie earm en hie gjin ierdsk bisit. Soe er wenne kinne oan sok in heukerjend libben, oan dat swalkjen fan stêd nei stêd, sûnder in eigen hûs en in eigen bêd? En wylst er him earnstich oanseach, spriek Jezus: ‘De foksen hawwe hoalen en de fûgels fan 'e himel nêsten, mar de Minskesoan hat neat, dêr't er de holle op dellizze kin.’ Mear sei er net: gjin ja en gjin né; as dit wurd earst goed yn him delgien wie, mocht er sels de kar dwaen. Wy lêze net, dat de Skriftgelearde meigien is nei Jeruzalem....
* * *
Om dyselde tiid kaem der noch in man by Jezus en sei: ‘Heare, ik sil jo folgje, mar lit my earst hinnegean en ôfskied nimme fan myn húsgenoaten.’ En ek dizze man wie it ynmoed mei syn fraech en hoewol't er tige oan syn frou en bern hong, fielde er it as syn plicht om har to forlitten en mei Jezus to gean. Mar dêrom koe er noch wol ien kear thús sjen, foun er; it hoegde net lang to duorjen en hy koe dochs sa mar net fan hûs gean, sûnder syn folk farwol to sizzen. It kaem net yn him op dat de rabbi it him forbiede soe. En dochs woe Jezus him net frij litte om nei hûs to gean. Op himsels wie it in tige billik forsyk, mar krekt foar dizze man, dy't sa folle fan syn frou en bern hâldde en dy't sa hong oan syn hûs en bisit, koe it in swiere forsiking wurde. Jezus wist, dat er noch lang net los fan alles wie, mar hy doarst it mei him oan op ien bitingst: dat er net mear nei hûs gyng. It mocht foar de omstanders wreed lykje, it wie, yn 'e groun, barmhertich. En as er de greate stap sette doarst, as er him nou losskuorde fan alles dat er leaf hie, dan soe er wis by Jezus forgoeding fine en in goed discipel wurde. En dêrom sei er: ‘Dy't mei my de takomst yn wol, dy moat sterkernôch wêze om to brekken mei it forline. It is der mei as mei in ploeger, dy't net omsjen mei; hwant as er omseach soe de ploech op in hurde stien botse en yn stikken brekke. En sa is it ek mei jo: as jo net ôfstân dwaen kinne fan alles dat achter jo leit, dan binne jo noch net klear foar it keninkryk Gods.’ | |
[pagina 90]
| |
En krekt as de Skriftgelearde, stie ek dizze man foar de greate kar. Jezus hie him neat forbean en him ek neat oplein, mar hy hie dy koarte gelikenis mar al to goed bigrepen: hy mocht mei nei Jeruzalem en Jezus' discipel wurde, as er nou daliks mei op reis gyng en gjin ôfskie naem fan frou en bern. En krekt dat iene koe er net! Hy hie och sa graech mei Jezus wollen, mar dan net sà! En drôvich gyng er werom, nei syn húsgenoaten, dy't er dochs net opjaen koe....
* * *
Der stiene mear discipelen om Jezus hinne as allinne de tolve; der wiene oaren by, dy't ek yn him leauden en ek faek by him wiene, al folgen se him dan net oeral hinne. En doe, ûnforwachts, kearde de Heare him om en sei tsjin ien fan harren: ‘Folgje dû my en wurd myn learling!’ De man waerd hast kjel, doe't er bigriep, dat Jezus him bidoelde. Dus, hy mocht nou to-nei altyd by him wêze, lyk as Petrus en al dy oaren? It wie hast to great foar in sûndich minske, mar hy woe wol graech! Alhoewol, it trof al min; syn heit wie al tige âld en siik, dat elke dei koe de lêste wêze en dan moast hy as in goed soan de âldman de eagen ta-drukke en him bigrave. Mar as dat bard wie en hy hie syn berneplicht dien - en hwa wist hoe gau it net sa fier wêze soe! - dan wie er ré om Jezus to folgjen. En earnstich sei er: ‘Stean my ta, dat ik earst wer nei hûs ta gean en myn heit bigraef.’ En sels dit forsyk koe de Heare Jezus net tastean. It wie wis de plicht fan in âldste soan om syn heit de lêste eare to biwiizgjen, mar der kinne tiden wêze, dat in man in great bislút nimme moat en ré wêze om in stjerrende heit to forlitten. Jezus sels hie him roppen en dêr moast alles foar wike. Der wiene wol oaren dy't de âlde heit bigrave koene en dy't dochs gjin oanstriid hiene om Jezus to folgjen. Yn dizze soan wie in bigjin fan geastlik libben en dêrom wie ta him de ropstim kommen; dy oaren wiene geastlik ‘dea’ en koene skielik de âlde heit biïerdigje. Dat mei greate klam sei Jezus tsjin him: ‘Lit de deaden har deaden bigrave, mar dû, gean hinne en forkundigje oeral Gods keninkryk.’ En wer lêze wy net yn it Bibelforhael dat dizze brave soan syn heit forlitten hat om de Soan fan God to folgjen.
* * *
Op dyselde reis kaem der noch immen by Jezus mei in wichtige fraech. It wie, neffens it evangeelje-forhael, in ‘jongeman’, mar sa neamden se doedestiids elkenien, dy't noch net âld wie. En tige jong sil er fêst net mear west ha, hwant hy hie goede saken dien en in formogen fortsjinne. Mar net allinne dat er ryk wie en in great hûs hie en gâns lân en slaven, hy wie ek in man dy't it tige nau naem mei de wet en dy't elk sines joech. Fan syn jonge jierren ôf hie er altyd trou de geboaden hâlden en by de skatten dy't er woun hie, wie gjin sikkel ûnearlik jild. Hy hie dan ek altyd tocht, dat it letter mei him wol goed komme soe: nei in lang en lokkich libben op ierde, soe God him opnimme yn 'e himel. Dat er sa ryk wie en safolle seine sjoen hie op syn wurk, dat op himsels wie al in teken fan Gods goede gunst oer him en it lean foar syn trouwe wetsbitrachting. En sa hie er lange jierren libbe: in from en rjochtskepen man, ryk en yn oansjen by de minsken, in foarbyld foar elk, dy't de tsjinst des Heare ynmoed wie. Mar doe, op 'e iene of oare wize, wie Jezus yn syn libben kommen en mei ien slach wie syn rêst en syn selsbitrouwen fuort. Hy wie der ynienen net sa wis mear fan, dat er it ivich libben winne soe en it lei him by dat dy rabbi fan Nazareth, dy't by de Farizeën foar in sabbatsbrekker gyng, fan syn learlingen mear frege as de strangste Skriftgelearde. It wie wier, dat er it net slim foun, om oan tafel to gean sûnder earst de hannen to waskjen en hy foun it gjin sûnde om op 'e sabbat in sike to genêzen, mar hy learde ek, dat men de fijân leaf ha moast en bidde foar hwa't jin gewelt oan die! En noch stranger hâldde er de wet en noch krekter libbe er neffens de ynsettingen fan 'e âlden, mar it holp him neat, de âlde rêst en wissichheit wie foargoed foarby. It moast oars mei him, hy moast mear dwaen as de Skriftgelearden it folk opleine. En der wie mar ien yn 'e hiele wrâld dy't him dat oplizze koe, mar ien dy't swierder lêsten freegje mocht as Mozes en de âlden: Jezus fan Nazareth. Hy moast nei him ta en him freegje, hwat er noch mear dwaen moast. Hy roun hastich nei Jezus ta en wylst er him op 'e knibbels falle liet, frege er: ‘Goede Master, hwat moat ik dwaen om it ivige libben to ervjen?’ De Heare Jezus seach him skerp oan en antwurde: ‘Hwerom neame jo my goed? Gjinien is goed, as allinne God.’ En mei dat koarte wurd woe er de smekeling oan syn fuotten leare, dat er wol goed bitinke moast hwat er die en tsjin hwa't er it hie. Hy kaem by him mei de fraech, dy't him op 'e siel baernde, mar wist er wol, dat er nou foar God stie? Of bidoelde er mei dat ‘Goede Master’ oars neat as in earbiedige groet en koe er dat selde wurd ek brûke foar de Farizeën yn Jeruzalem? Mar dan hie it gjin sin, dat er krekt by him kaem. Dat ien fan beiden: Jezus wie yn 'e wiere sin fan it wurd goed, mar dan moast er ek neffens syn [...]den dwaen - of it wie sa | |
[pagina 91]
| |
mar in groetenis en dan koe er better dit wurd net brûke. Yn elk gefal woe de Heare him antwurdzje op syn fraech. ‘Jo witte de geboaden?’ Fol spanning seach de man him oan. Nou kaem it! ‘Ik wit de geboaden fan Mozes’, spriek er, ‘mar hokker bidoele Jo?’ As de jongeman hope hie dat de rabbi nou ekstra swiere geboaden neame soe, dan sil it antwurd him wol ôffallen wêze. Hwant Jezus antwurde rêstich: ‘De gewoane geboaden: dû silst net troubrekke, dû silst net deaslaen, dû silst net stelle, dû silst gjin falsk tsjûgenis sprekke; earje dyn heit en dyn mem. Astû dy geboaden hâldst, dan silstû yngean yn it libben.’ As de man dêr foar Jezus goed bigrepen hie, hwat it is om Gods wet to folbringen, dan hie er nou sizze moatten: Heare, ik haw it mei ynmoed bisocht, mar it djipste fan 'e wet, dat kin gjin minske hâlde - en dan soe Jezus him leard hawwe, dat hy, Gods Soan, ek foar him de wet folbringe soe. Mar krekt dat iene wist er net. Hy miende noch altyd dat er sels it ivige libben fortsjinje koe, wie it dan al net mei it hâlden fan de âlde geboaden, dan dochs wol troch bysûndere goede wurken. En nou kaem dy rabbi him dochs noch wer oan mei dyselde geboaden, dy't er al sa lang koe en dêr't er altyd nei libbe hie. ‘Heare’, sei er - en hy miende it mei hiel syn hert - ‘Heare, dat bin ik allegearre neikommen, fan myn jonge jierren ôf; siz my hwat ik noch mear dwaen moat!’ De Heare Jezus seach him djip yn 'e eagen en krige him leaf. Dit wie in man dy't der net sa mar hwat hinne sei, mar dy't stie by syn wurd! Dizze rike jongeman hie wraksele mei de geboaden en hy hie mear dien as alle oaren. As er nou ek noch learde, dat al dat minske-wurk foar Gods hillige eagen net bistean koe - hwat in goede learling soe er dan net wêze! En om't Jezus him sa leaf hie, soe er him de kâns jaen: hy soe him opnimme yn syn rounte, mar al wer op ien bitingst: hy moast biwiizgje dat er dan ek alles foar him oer hie, sels hwat him op ierde it djûrste wie: syn bisit. It wie in swier stik, dat er him oplizze soe, mar hie er sels net frege om hwat bysûnders, om hwat dat boppe de wet fan Mozes útgie? En mei djippe earnst sei er tsjin de jongeman: ‘Noch ien ding moatstû dwaen: forkeapje alles datst' hast en fordiel it ûnder de earmen en dû silst in skat hawwe yn 'e himel. En kom dan werom en folgje my.’ De rike man bûgde de holle en in great fortriet wâlle yn him op. Al syn jild en bisit, syn lân en syn hûs, dêr koe er net sa mar ôfsjen. As Jezus him in diel frege hie, sels al wie it de helte, dan hie er daliks ré west, mar dit gyng to fier; dit frege de rabbi ek net fan oaren. En tige mismoedich gyng er fuort, by Jezus wei, nei syn hûs en syn skatten ta.... Drôvich seach Jezus him nei. Sa graech hie er him mei ha wollen op 'e reis nei Juda, sa graech him leare wollen oer de dingen fan Gods keninkryk. En mei in sucht sei er tsjin syn learlingen: ‘In rike sil biswierlik yngean yn it keninkryk der himelen.’ Forheard seagen de tolve him oan en hy bigriep hwat der yn har omgyng. Hja hiene altyd tocht, dat in rike folle makliker de wet folbringe koe as har soarte minsken en dus makliker de himel fortsjinje. Hwa't it net oan jild stie, dy koe mear goed-dwaen, mear offers bringe, mear yn 'e wet studearje. Leau mar, dat dizze jonge man noait mei de lege mage troch it nôtfjild roun hie, lyk as har op in sabbat al ris oerkommen wie! En bûtendat: earm wêze, dat wie in straf en rykdom in teken fan Gods gunst. Hoe koe de Master nou sizze dat in rike biswierlik yngean soe? Hoe moast it dan mei de gewoane minsken komme, dy't dochs al sa folle tsjin hiene? En suver smeekjend seagen se Jezus oan, as woene se sizze: Mar dat miene jo dochs net, Heare, dat is dochs in gelikenis, dy't wy net bigripe en dy't hiel oars forstien wurde moat? En op 'e nij naem Jezus it wurd en spriek: ‘Jitris siz ik jimme: It is lichter, dat in kamiel giet troch it each fan in nudle, as dat in riken-ien yngiet yn it keninkryk der himelen.’ De discipelen wiene alhiel forslein. As in rike der mei al syn goeddwaen net komme koe, dan wie der foar har alhiel gjin hope mear. En alhiel mismoedich seine se: ‘Mar hwa kin dan noch bihâlden wurde?’ Jezus antwurde: ‘By minsken is dat ek ûnmooglik, mar by God binne alle dingen mooglik.’ En dat wie to-minsten in treast, al gyng it dwers tsjin alles yn, dat har oant nou ta leard wie! Net út eigen krêft soene se oait bihâlden wurde, mar troch in wûnder fan God! En doe foun Petrus de moed om to freegjen: ‘Sjoch, wy hawwe alles forlitten en binne jo folge; hoe komt it dan mei ûs?’ De Heare Jezus seach har oan en hie har leaf, dy rûge fiskerlju út Galiléa, dy't him folge wiene en yn him leauden mei hiel har hert, ek al bigriepen se noch neat fan syn wurk op ierde en hy spriek: ‘Wiswier siz ik jimme: ien kear, as de Minskesoan sitte sil op 'e troan fan syn hearlikheit, sille jimme sels ek sitte op tolve troanen, om to rjochtsjen de tolve stammen fan Israël.’ En doe tocht er ek oan al dy oaren dy't nei har komme soene en sei: ‘Al hwa't forlitten hat huzen òf bruorren of susters of heit of mem of frou of bern of lân om myn namme, dy sil it dûbeld weromkrije, sels al soe er forfolge wurde om myn namme - en yn 'e kommende ieu it ivige libben. Mar sels hwa't de earsten binne om my to folgjen, moatte net tinke dat hja sels it heil fortsjinje kinne. Lit nimmen my tsjinje om eare of winst, hwant sokken siz ik: folle earsten sille de lêsten wêze en gâns lêsten earst.’ |
|