har sels kaem it der net sa folle op oan hwer't hja sliepten, mar de Heare soe in goed plak ha. Hwant sels dizze Samaritanen soene him de doar net wize doare! En hwa wist, as hja him goed ûntfongen, soe er net in dei by har bliuwe en har siken better meitsje? Hy hie ommers ek yn heidenske lannen al ris in wûnder dien!....
* * *
En it wie sa, ek by de Samaritanen wie yn dy tiid de gastfrijheit yn eare en suver yn elk hûs wie wol sliepplak to finen foar in mannich reizgers. Mar dat woe noch net sizze, dat hja nou ek ré wêze soene om dizze feestgongers yn to nimmen! In lette reizger, dy wie altyd wolkom en sels as er in Joad wie, soene se him net by de doar keare, mar dizze skare, dy't op reis wie nei Jeruzalem, dat wie hwat oars. En doe't de beide discipelen oan 'e doarren kloppen en fregen om ûnderdak, woe gjin ien de Master ynnimme. It joech neat hwat hja seine: dat Jezus in great profeet wie en dat er it folk fan 'e Samaritanen net hate en dat er faeks har siken helpe soe - hja bleauwen op har stik stean. Hja woene gjin gedoente hawwe mei Joaden, dy't op reis wiene nei Jeruzalem en dêr mei út! It hie gjin sin om der langer oer to praten. En sa gyng it by elk hûs dêr't hja fregen; yn it hiele doarp wie gjin plak foar har Heare.
De beide discipelen gyngen werom, wurch fan dat dangeljen by de huzen lâns en hoe fierder hja kamen, hoe lilker hja har tochten. It slimste wie net, dat hja in forgese reis makke hiene en dat hja nou noch wer in ein fierder moasten foar de nacht; dat hiene se noch oersljochtsje wollen en fan sok Samaritanefolk koe men it forwachtsje. Mar dat hja dit har Master oandiene, dat hja him net ûntfange woene, dat wie troch alles hinne. Hy, dy't ienris hearskje soe oer alle lannen en huzen foarderje foar syn minste tsjinners, dy koe gjin sliepplak krije by Samaritanen! Noch mar in mannich wiken lyn, doe stie er mei Mozes en Elia yn 'e wolken op 'e berch fan 'e forhearliking en nou foelen yn dit doarp foar him de doarren ticht. ‘Dit is Myn útkarde Soan.’ Noch klonk har dat Godlik wurd yn 'e earen en dan hearre to moatten, dat dy forbline Samaritanen him har hûs forbeaën!
En hja tochten oan dat âld forhael út it boek fan 'e Keningen, hoe't de profeet Elia fjûr fan 'e himel falle liet op 'e haedman dy't him net erkenne woe as in profeet fan God. Elia, dy kaem foar de eare fan God op! Mar wiene hja minder as Elia doe? Hiene se God minder leaf as hy? En koene se alles net, as hja mar leauden? ‘As jimme in leauwe hiene as in mostersiedtsje sa lyts, jim soene tsjin dizze berch sizze: Gean hjir wei en hy soe daliks hinnegean....’ Mar as dat koe: in berch forsette, dan koene se ek fjûr fan 'e himel bidde en de goddeleazen forbaerne!
Sa kamen se by Jezus en hertstochtlik seine se: ‘Heare, wolle jo dat wy fjûr fan 'e himel delkomme litte, om har to fordwaen, lyk as Elia dien hat?’
De Heare Jezus kearde him daliks om en syn hillige eagen seagen har forwitend oan. Hy wist, dat hja him tige leaf hiene, dizze beide soannen fan Sébedéüs en dat hja it net fregen om har sels, mar lykwols die har fraech him bitter leed. It wie al wer in teken, dat hja, nei al de tiid dat er by har west hie, noch neat bigriepen fan syn wurk op ierde. Elia, de grime profeet dy't de goddeleazen fordie, dy koene se bigripe, mar hwannear soene se it forstean, dat hy mear wie as Elia? Hie er har nou noch net fakernôch foarhâlden, dat hja sels har fijannen leaf ha moasten en bidde foar hwa't har gewelt oandiene?
En strang, mar tagelyk ek drôvich, spriek er: ‘Jimme Boänerges, jimme wolle dat der fjûr fan 'e himel falle sil om al dy minsken yn dat doarp to fordylgjen? Jim witte net hwat jim bigeare, noch út hokker geast jim binne! It is net út myn geast, dat jim sprekke, hwant de Minskesoan is net kommen om 'e sielen fan 'e minsken to fordjerren, mar om se to bihâlden.’
Doe wonk er ek de oaren en gyng har foar, de lange, swiere wei del nei in oar doarp. En efter him, forslein en biskamme, rounen Jakobus en Johannes. Dat wurd ‘Boänerges’ baernde har op 'e siel. ‘Tongersoannen’ bitsjutte it en yn Jezus hillige mûle hearde it as in fûl forwyt.