minske koe dat folbringe?
‘Hear, doch dochs geduld mei my....’
De Heare Jezus seach wol, dat Petrus ûntdien wie fan syn antwurd en dat ek de oaren it sa gau net forwurkje koene. Hja sieten noch altyd fortize yn 'e lear fan 'e Farizeën en skriftgelearden, dy't foar alles in fêst getal en de fêste mjitte hiene. En om har to learen dat de wet fan God net yn getallen útdrukt wurde kin, dat it God net to rêdden is om twa, of trije, of sawn kear, mar om it hert fan 'e minske dy't yn Him leaut, fortelde er har dizze gelikenis:
Der wie yn in lân in kening dy't ôfrekkenje woe mei syn tsjinners. Ien foar ien moasten se foar him forskine en it jild ôfdrage dat er har tabitroud hie, of dat hja foar him ynbard hiene. Der wiene guon by dy't greate sommen skuldich wiene en hiele rigen slaven droegen sekken sulver oan en setten se del foar de troan.
Doe gyng de doar wer iepen en wer kaem der in tsjinner oan, mar hy hie gjin slaven by him en hy droech gjin swiere beurs mei jild. Beevjend stie er dêr foar syn hear en doe't de kening de boeken neisjen liet, die it bliken dat er tsien tûzen talinten bitelje moast. Mar hy hie neat en strang sei de kening, dat hja him en syn frou en al syn bern op 'e slave-merk forkeapje moasten.
Mar ear't hja him noch bine koene, foel er del foar de troan en smeke: ‘Hear, doch dochs geduld mei my en ik sil jo alles werombitelje!’
De kening wist wol dat de man noait al dat jild bitelje koe - tsien tûzen talinten is meiïnoar wol fiif en tweintich millioen goune! - mar it bigreate him om de man en om syn bern en dêrom skonk er him syn skuld en liet him gean. De man sprong oerein en bliid gyng er de doar út en de stêd yn: ynpleats fan slaef wie er wer frij man en yn it boek fan 'e kening wie syn namme trochskrast. Hy skamme him net ienris mear, dat er it jild fan syn hear der trochbrocht hie en roun mei de noas yn 'e wyn: Gjinien koe him mear hwat meitsje! Syn ûnearlikens wie er hast al wer forgetten....
Hy wie noch net fier fan it keningshûs, doe't er in man tsjinkaem, dy't him noch jild skuldich wie: wol gjin greate som, sa'n foege fjirtich goune, mar nou't er sels neat mear hie, wie it dochs it meinimmen wol wurdich. It wie ek al gâns in skoft lyn, dat er it liend hie; dy man hie it al lang weromjaen moatten. Hy tocht fansels dat er him net moanje doarst, om't er sels yn skulden siet, mar dat soe er oars gewaer wurde.
Mei in pear greate stappen wie er by him en sa mar, midden op 'e strjitte, griep er him by de kiel en rôp: ‘Bitelje hwatstû my skuldich bist!’
De man liet him falle foar de fuotten fan 'e forgrime tsjinner en stammere: ‘Och Hear, haw dochs geduld mei my en ik sil jo alles werombitelje!’ Mar de ûnbarmhertige tsjinstfeint woe nearne fan witte; hy sleepte him foar de rjochter en liet him yn it tichthús sette. It wie him net iens opfallen, dat de man deselde wurden brûkt hie, as hy doe't er de kening om genede bea....
‘Och Hear, haw dochs geduld mei my....’
Doe't de tsjinners fan de kening hearden hwat der bard wie, namen se it har tige nei. Dy't sels sa'n greate som skonken wie, dy liet in oar yn it tichthús sette om hundert denariën; dy't fortsjinne hie om foar altyd slaef to wêzen, dy wurp de neiste yn 'e finzenis! Mar dit wie net allinne ûnbarmhertich, it wie ek in