De greatste yn it Keninkryk
194
Al ear't hja to Kapernaüm kommen wiene, hiene inkelden fan 'e discipelen der wurden oer hawn, hwa fan harren de measte wêze soe yn it keninkryk, dat Jezus oprjochtsje soe. Hja koene it der net iens oer wurde hwa't it heechste amt takaem en hja hiene der lang en forheftich oer striden. Dat it hie suver hite hollen jown en hja wiene der mar bliid om, dat Jezus it net fornommen hie.
Mar doe't hja dy earste deis by de Heare yn 'e hûs wiene, die it bliken, dat er dochs wol wist hwat der op 'e wei bard wie. Hy frege har ûnforwachts: ‘Hwer hiene jimme it sa drok oer ûnderweis?’ Hja krigen in kleur en doarsten neat to sizzen. Nou't Jezus hjir foar har siet en har sa earnstich oanseach, nou like ynienen dy fraech, dêr't hja sa fûl oer striden hiene, fan gjin bilang mear. Hja skammen har en doarsten neat to sizzen.
Jezus riisde oerein; hy rôp ek de oare discipelen en doe't hja der alle tolve wiene, gyng er sitten en bigoun er har to learen. ‘Jim woene witte, hwa't de heechste wêze sil yn myn keninkryk? Dan haw ik jim dit to sizzen: As immen de earste wêze sil, dy moat de alderlêste wêze wolle en de tsjinner fan allegearre.’
Krekt doe't Jezus dy wurden sein hie, kaem der in lytse jonge de keamer yn. De Heare Jezus wonk him en sloech de earmen om him hinne; doe seach er de tolve oan en sei: ‘Wiswier siz ik jimme, as jim jim net foroarje en net wurde as dit bern, sille jim net yngean yn it keninkryk der himelen. Dy't him fornederje sil as dit berntsje, dy is de greatste yn it keninkryk der himelen.’
De discipelen bûgden de holle. Nou bigriepen se it earst goed, dat hja forkeard dien hiene. Hja wiene greatsk en dreamden fan eare en hearlikheit, mar nou fielden se, dat hja har bikeare moasten fan har heechmoed. Dy't Jezus folgje woe, dy mocht net nei hege dingen stean, dy moast skruten wêze en tige dimmen, as dat jonkje, dat dêr foar har stie. Suver forlegen stie er dêr, syn donker kopke tsjin Jezus' wite mantel, en sa as dy lytse beuker, sa moasten hja ek wêze foar Jezus oer. It paste har net om in heech amt to bigearen, suver as hiene se der rjocht op: it wie earder in wûnder dat de Master har oannimme woe en har in plak ta-skikke yn syn keninkryk. Noch noait hiene se it sa ynsjoen en it soe net maklik wêze om sa needrich to wurden, mar it soe dochs moatte. En as Jezus har helpe woe, dan koe it ek....
En wer seach de Heare Jezus nei dat bern dat dêr by him stie, sa smel en bihindich tusken al dy greate