Werom yn Galiléa
193
Doe't de Heare Jezus nei syn reizen bûten it lân fan Israël wer werom kaem yn Galiléa, mijde er de stêdden en de skaren dy't him mooglik folgje woene en triek er mei syn discipelen nei syn hûs to Kapernaüm. It wie by dy gelegenheit dat er foar de twadde kear mei har spriek oer syn lijen en stjerren.
Hy koe se sa goed, nei al dy moannen dy't hja by him west hiene en hy wist, dat hja noch net leauden dat hy, de Messias, stjerre moast. En earnstich, mei de klam op elk wurd dat er sei, spriek er: ‘De Minskesoan moat oerlevere wurde yn 'e hannen fan 'e minsken en hja sille him deadzje, en de tredde deis sil er opwekke wurde.’
De learlingen waerden tige drôvich. Hoe koe de Heare nou sokke dingen sizze, as er dochs de Messias wie en ta greate dingen roppen? En hwerom, as it in gelikenis wie en net sa mar in gewoane meidieling, hwerom lei er it dan net út hoe't er it bidoelde? Mar hja doarsten der him net nei freegje en om't hja syn wurden net leauden, ûntgyng de djippe treast har ek, dy't der ynlei: dat er de tredde deis wer opstean soe út 'e deaden.
* * *
Hja wiene noch mar krekt wer thús, of der kamen al in pear mânlju by de doar, dy't boadskip oan him hiene. It wie fan âlds gebrûk yn Israël dat elk dy't tweintich jier wie of âlder, elk jier in heale sikkel oan 'e timpel bitelje moast en dizze mannen hellen to Kapernaüm de skatting op. Ek Jezus en syn discipelen stiene by har to boek en om't hja lang op reis west hiene, wie it al oer de tiid. Mar nou't hja wisten, dat er wer thús wie, nou soene se der daliks wurk fan meitsje; it joech gjin pas, dat in rabbi achterop wie mei biteljen!
Hja gyngen lykwols net daliks nei Jezus ta, - dy Nazarener hie soms sokke frjemde ideën oer hwat al of net mocht! - mar sprieken der earst Petrus oer oan: ‘Hoe sit dat, bitellet jimme master de timpelskatting net?’
Petrus antwurde sûnder him to bitinken: ‘Jawis al!’
Jezus hâldde ommers trou de wet fan Mozes, dat hoe soe er dan net bitelje hwat Mozes foarskreaun hie? Hwat hoegde sok folk altyd daliks it slimste to tinken! En mei greate stappen sette er yn 'e hûs om it tsjin Jezus to sizzen en it jild op to heljen.
Mar ear't er noch in mûle iependien hie, kaem Jezus him al to foare en sei: ‘Hwat tinkt dy, Simon, fan hwa freegje de keningen fan 'e ierde skatting en tol? Fan har eigen bern, of fan frjemd?’
Forheard bleau Petrus stean. Hie er faeks wer to hastich west, hy mei syn: jawis al? Woe Jezus net bitelje, dizze kear? ‘Ik tink’, sei er bidêst, ‘allinne fan frjemden en net fan har eigen bern.’
Jezus antwurde: ‘Goed, mar dan binne dus de soannen frij. Mar soe ik dan ek net frij wêze, as myn Heit yn 'e himel syn skatting freget?’
En doe wist de hastige Petrus, dat er wer to gau hwat sein hie! Fansels, it timpeljild wie oars net as in