De Hillige Histoarje. Diel 2. It Nije Testamint
(1953)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 82]
| |
hja sa forgrime op him, dat er it better achte om it lân út to gean. Hy triek it Noardwesten yn, nei it lân fan Tyrus en Sidon en yn ien fan de doarpen fan dat heidenske lân gyng er yn in hûs. Hjir soene se him fêst net kenne en hjir koe er dus rêstich in skoft bliuwe om allinne to wêzen mei syn learlingen. Mar it die al gau bliken dat er ek yn it frjemde lân net ûnbikend bliuwe koe en dat de rop fan syn greate dieden him al foar gien wie oer de grinzen fan Israël. Hwant doe't hja op in kear nei bûten gien wiene, Jezus en de tolve discipelen, kaem in frou har fan efteren yn en rôp mei lûde stim: ‘Erbarmje jo oer my, Davids soan! Myn dochter is slim mei in kweageast bisocht!’ Jezus seach net om; hy die krekt as hearde er neat en hy roun gewoan troch. Mar de frou, dy't safolle fan har bern hâlde, joech it net oer. Noch lûder, noch twingender rôp se: ‘Heare, jo Soan fan David, haw meilijen mei my!’ Doe't Jezus noch net omseach, kamen de discipelen by him. Dit koe dochs sa net bliuwe, dat dy frou efter har oan roun en har yn opspraek brocht yn dit heidenske lân. Hy wie oer de grinzen gien, om't er gjin opskuor ha woe yn 'e stêdden fan Galiléa, mar dit wie noch folle minder. Dy frou koe it hiele doarp wol byinoar roppe en Jezus koe dochs gjin wûnders dwaen en net preekje foar sok heiden-folk! Hy moast har fuortstjûre en as er dat net woe - hy wie nammers sa ûnbigryplik goed! - dan wie it it bêste, dat er dat bern sa gau mooglik holp en dan fuortgyng, ear't der mear siken kamen. ‘Heare’, seine se, ‘meitsje jo dochs gau fan har ôf, hwant hja ropt ús efternei.’ De Heare Jezus antwurde: ‘Ik bin oars net stjûrd as nei de forlerne skiep fan it hûs Israël.’ De discipelen leine der net tsjin yn. It wie sa: de Heare wie op it lêst net kommen foar de heidenen, mar foar Gods eigen folk allinne. Hy koe sa mar net in heidenske frou to reden stean, dy't him lestich wie op strjitte. Hja soene ek net omsjen en ek krekt dwaen as seagen se har net en dan soe se wol gau fuortgean. Mar dizze frou gyng net fuort! Hja leaude fêst dat dy rabbi út Israël har famke helpe koe en sa lang hy it har net forbea, soe se oanhâlde mei bidden. Hja wie frjemd foar him en út in heidensk lân en it wie neat gjin wûnder, dat er har net daliks holp, mar hy stjûrde har ek net fuort en sa lang wie der noch hoop! En sels doe't Jezus en de discipelen wer by it hûs wiene en nei binnen gyngen, joech se de moed noch net forlern. Hja roun him efternei troch de iepen doar en doe't hja by him wie foel se foar syn fuotten del en smeke: ‘Heare, help my!’ De Heare Jezus tocht der net oer om har fuort to stjûren: hy hie fierstentofolle meilijen mei har en mei har sike famke en hy wie tige bliid dat hja ta him kommen wie. Yn syn eigen lân kearde it folk har fan him ôf, de discipelen bigriepen him net, de Farizeën haten him - en hjir, yn dit heidenske lân socht in frou him op en neamde him ‘de Soan fan David’. Mar noch die er net daliks, hwat de frou him frege. Hy wie bliid, dat hja sa folle foar har bern oer hie en hy biwûndere har moed, mar hoe wie it mei har leauwe? Soe se oan 'e ein ta op him bitrouwe, sels as it like, dat er har net helpe koe? ‘Frou’, spriek er earnstich, ‘ik kin myn wûnders dochs net dwaen bûten de grinzen fan myn eigen lân? It jowt dochs gjin foech, it brea fan 'e bern to nimmen en werp it de hounen foar?’ De frou waerd net lilk. Hja fielde dat dy rabbi gelyk hie en dat hja gjin rjocht hie op syn help. De Joaden, dat wiene de bern fan God en hja hearde by de ‘hounen’. Nammers, sa't hy dat wurd sei, dêr't oare Joaden sa'n bittere forachting yn lizze koene, sa't hy it sei, hearde it net hurd en wreed. Mar as it dan wier wie, dat hja net by de bern, mar by de hounen hearde, dan koe er har lykwols to wille wêze! Ek yn in hûs, dêr't bern binne, sjit der noch wolris hwat foar de hounen oer! ‘Dat is sa Heare, mar ek de hounen ite wol fan 'e krommels, dy't falle fan har masters tafel.’ Doe't de Heare Jezus dat wurd hearde, waerd er tige bliid en hy spriek: ‘O frou, wol great is jins leauwe; gean hinne: de kweageast is al út jins dochter fearn.’ De frou riisde oerein en bliid en gelokkich roun se nei hûs. Hja twivele der net oan: har bern wie foargoed genêzen. En sa kaem it ek út: doe't hja yn 'e hûs kaem, lei har famke rêstich op bêd en de démon pleage har net mear.
* * *
Hja bleauwen net lang yn dizze kontreijen, mar mei in lange omwei trieken se troch it lân fan Sidon nei de streek fan Décapolis. Ek it Tsien-stêdde-lân lei bûten Galiléa, mar Jezus hie der al earder west en de man út Gerasa, dy't it legioen démonen hawn hie, hie oeral de tiding brocht fan syn wûndermacht. Doe't Jezus him genêzen hie en de greate keppel bargen omkommen wie yn 'e mar, doe hiene se him frege, oft er har lân forlitte woe, mar dizze kear wiene se net bang fan him. Der kamen minsken by Jezus mei in man dy't neat mear hearre koe en dy't ek sa goed as stom wie en hja fregen him, oft er dy man de hannen oplizze en genêze woe. Fansels woe Jezus it wol, mar ek nou wer die er it net ynienen. Hja moasten net tinke, dizze heidenske minsken, dat er in soarte fan wûnderdokter wie, lyk as der doedestiids sa folle it lân ôfreizgen. En bûtendat, dizze man wie goed by syn forstân en Jezus woe witte oft er sels ek yn him leaude. | |
[pagina 83]
| |
Fansels koe er it him net freegje: de man wie dôf en sa goed koe er ek net iens prate. Dêrom naem er him apart, in ein fan 'e skare ôf en stiek him de fingers yn 'e earen; dêrnei spuide er, makke syn finger wiet en rekke dêrmei de tonge fan 'e stomme oan. De man bigriep it daliks; hjir wie immen dy't him de spraek en it gehoar weromjaen woe en syn eagen ljochten op. Strak seach er nei Jezus, as ien dy't in machtich teken forwachtet. De Heare Jezus seach op nei de himel, dat de stomme bigripe soe, dat God allinne him helpe koe en doe, mei in swiere sucht, spriek er: ‘Effatha.’ It wie in wurd út it Arameesk, de tael dy't Jezus fan syn mem leard hie en dy't er it leafst spriek, en it bitsjutte: ‘Gean iepen!’ Der wie neat bysûnders oan it wurd sels, mar yn syn hillige mûle wie it mear as in wurd allinne: hy hie it noch hast net sein of de man koe alles wer hearre en hy praette lûd en dúdlik. De skare wie alhiel optein, doe't hja hearden hwat der bard wie en hoewol't Jezus har oplei om der net fan fuort to praten, forkundigen se it yn alle plakken dêr om hinne. Hja wiene ek sa bliid! En tsjin elk dy't it hearre woe, seine se: ‘Dy rabbi hat alles goed makke: de dôven lit er hearre en de stommen sprekke!’ Ek de discipelen wiene bliid en forbaesden har dat sokke dingen barre koene yn in heidensk lân. It soe noch lange jierren duorje ear't hja bigriepen, dat de Heare Jezus wol earst ta Israël komme moast, mar dat it heil ek wie foar alle oare folken. En yn dy tiid, doe't hja it evangeelje brochten yn fiere, frjemde lannen, sille se noch wol ris tocht hawwe oan de Foenisyske frou en oan 'e dôve út Décapolis. |
|