wie noch gjin dei lyn dat er op 'e berch stie by Mozes en Elia, ûnder Gods ljochte wolk! It wie sa swier om it allegearre to dragen, de ûnmacht fan 'e tolve, it ûnleauwe fan it folk, de fûle fijânskip fan 'e Skriftgelearden.
En wylst er syn eagen gean liet oer al dy minsken om him hinne, spriek er: ‘O, jim forkeard en ûnleauwich folk, hoe lang moat ik noch by jim forkeare? Hoe lang sil ik jimme noch fordrage?’ It wie suver oft er nei de ein bigoun út to sjen, nei de ein fan syn wurk op ierde, ek al wist er dat it útrinne soe op in freeslik lijen en op 'e dea oan it krús.
Mar hoe swier it him ek foel, hy soe dochs dwaen hwat de Heit yn 'e himel him opdroech. Hy wist, dat ek hjir wer wurk foar him wie en ek nou soe er syn plicht neikomme.
‘Bring de jonge by my!’ sei er.
Beevjend helle de heit syn soan op en laette him nei Jezus. Mar ynpleats dat er better waerd, sa ticht by dy hillige rabbi, krige er daliks ien fan syn swiere setten, de démon skuorde him hinne en wer en flak foar Jezus' fuotten foel er del. Wer stie it brûs him op 'e mûle en wer skokte syn lichem op en del. It wie net om oan to sjen en de discipelen huveren der fan.
Ek Jezus seach it oan en djipper noch as de omstanners, djipper noch as de eigen heit, dearde it him oan. Mar net daliks mocht er de sike helpe: hy moast earst noch prate mei dy man, dy't wol graech syn bern wer better ha woe, mar dy't noch altyd twivele oan syn macht.
‘Hoe lang is it al lyn’, frege er, ‘dat dit him oankommen is?’ en de heit fan de jonge antwurde: ‘Hy hat it al fan bern ôf en it komt altyd wer, it slimst as de moanne fol is. En elke kear as er it hat, bisiket dy démon him to deadzjen, hwant soms smyt er him yn it wetter en dan wer yn it fjûr en wy wolle him sa graech yn it libben hâlde, hwant wy hawwe oars gjin bern as him. Haw dan meilijen mei ús, rabbi, en help him as it jo mooglik is!’
Jezus seach him earnstich oan. ‘As it mooglik is? Mar alles is mooglik, as jo leauwe.’ En doe bigriep de heit, dat nou, nei dit wurd fan Jezus, alles fan himsels ôfhong. Dy rabbi woe him helpe, mar op bitingst dat er leaude! Syn soan soe better wurde, as hy op Jezus bitroude en sa net.... Niist hie er it de discipelen kwea ôfnommen, dat hja de jonge net genêze koene, mar nou wist er, dat er sels net better wie. Hy, de eigen heit, kearde mei syn ûnleauwe it wûnder op; hysels stie de genêzing fan syn bern yn 'e wei.... O, mar dan mòast er leauwe, dan mòast er him oerjaen oan dy wûndere rabbi! ‘As it mooglik wie’, hie er sein. Mar dat wie al ûnleauwe, dat mocht er net sizze, dat mocht er net ienris tinke. Hy stiek de hannen smeekjend nei Jezus út en rôp mei in útset lûd: ‘Heare, ik leau; kom myn ûnleauwe to help!’
En dat wie genôch. De Heare Jezus ferge dizze man net op in great en sterk leauwe, hy woe al helpe dêr't mar in lyts bigjin wie. Hy kearde him nei de jonge, dy't noch altyd oan syn fuotten lei to krimpen. Mar nou stiene syn eagen strang, en hy spriek net de sike, mar de démon oan. ‘Dû stomme en dôve geast, ik sels gebied dy: far út him en kom net wer yn him!’
Noch ienkear bisocht de kweageast om de jonge to fordjerren; noch ien kear sloech er him wyld tsjin de groun, dat er it útgûlde fan pine; noch ien kear makke er him sa binaud, dat er gjin siken mear krije koe en dat er foar dea lizzen bleau. De discipelen mienden al, dat er wei wie, mar Jezus bûgde oer him hinne en naem him by de hân. ‘Kom oerein’, sei er freonlik en dêrmei stie de jonge en glimke en wie genêzen. Syn heit naem him mei en wie oer de mjitte bliid en ek de skare stie forslein en forwûndere har oer Gods greate macht.
Al gau nei it wûnder liet de Heare Jezus de skare gean, hwant hy woe net, dat hja him huldigje soene en hy gyng mei de tolve yn in hûs. En dêr, doe't hja allinne by him wiene, sûnder dat frjemden har biharkje koene, fregen de discipelen: ‘Hwerom koene wy him net útwerpe?’
Jezus antwurde: ‘Om't jimme leauwe net sterkernôch is en om't jimme net mei ynmoed bidden hawwe. Hwant ik siz jimme, al hiene jimme mar in alderearst bigjin fan leauwe, sa lyts as in mostersiedtsje, jim soene tsjin dizze berch sizze: Gean hjirwei en hy soe daliks hinne gean. Mar dizze démonen farre oars net út as troch in oprjocht gebet.’