njonken him, blinkend en hearlik, stiene Mozes en Elia. De trije discipelen wisten net hwat hja seagen. It wie joun wurden en om har hinne stiene de donkere bergen, mar hoe wie hjir by har alles sa wûndere ljocht? En dit wie Jezus, hja seagen it daliks en dochs wie alles oars oan him, ljochter en hearliker. Net allinne syn antlit blonk fan himelsk ljocht, mar ek syn mantel, dyselde wite mantel, dy't de oerdeis noch griis wie fan stof. En fan Jezus seagen se nei de beide oaren. Sûnder dat immen it sei, wisten se, dat it Mozes wie en 'e profeet Elia. Sà moast Mozes west ha, doe't er foar syn folk útroun troch de sé en sà hie Elia stien foar de fjouwer hûndert fyftich Baälspreesters: sà, mar dan fansels sûnder dat himelsk ljocht. Jezus en Mozes en Elia.... Mar dan wie dit it teken, dat de skaren frege hiene, in teken út 'e himel en dat mochten hjà nou sjen....
* * *
En foaral Petrus wie wûnder bliid. Der wie in tekst, earne yn 'e Profeten, dat earst Elia komme moast en dan soe de Messias it keninkryk oangean en syn folk forlosse. O, en nou wie Elia hjir! Elia, dy't de Baälspreesters slachte en dy't nou wer de fijannen fan Gods folk fordwaen soe. Nou wie it dúdlik, hwerom't Jezus gjin kening wurde woe fan 'e Seloten: hy soe sels it swurd net swaeije, mar Elia soe foar him útgean en him bringe nei Jeruzalem!
En optein gyng er foar Jezus stean en sei: ‘Master, it is goed dat wy hjir binne, lit ús nou trije tinten opsette, ien foar jo, en ien foar Mozes, en foar Elia ien.’ Hy miende it wer goed, dy hastige Petrus, mar hy bigriep neat fan dizze forhearliking. God de Heare woe dizze joun syn Soan sterkje ta de gong nei it krús, nei de dea en it grêf, en dizze dwaze discipel miende, dat nou it heil bigoun wie en dat Jezus dochs noch kening wurde soe oer Israël. Hy tocht, dat it sa bliuwe koe en dat Mozes en Elia net wer opfarre soene nei de himel, en dêrom praette er fan tinten: hutten lyk as de Galiléers se makken fan tûken en leaf op 'e hege feesten to Jeruzalem.
* * *
Der wie net ien dy't antwurde. It wie nou de tiid net om Petrus to bistraffen en om him torjochte to wizen, hwant de forhearliking op 'e berch kaem nou ta it hearlik hichtepunt. Mozes wie der en Elia en nou kaem Godsels om har op to heljen. In ljochtsjende wolk kaem del út 'e himel en stie oer Jezus en Elia en Mozes hinne en yn dy wolk wie Gods hearlikheit. De trije discipelen beven en sels Petrus hie neat mear to sizzen. Oer tinten hie er it hawn en hjir, foar syn forhearde eagen, spraette God syn tinte oer syn hillige Soan. En út 'e wite wolk kaem de stim des Heare: ‘Dit is myn leave Soan, yn hwa't Ik myn wolbihagen haw; harkje nei him.’
Doe bigriepen de trije learlingen, dat Godsels delkommen wie op 'e berch en hja lieten har foaroer falle en waerden deadlik bang. Sa bleauwen se lizzen, de hannen stiif foar de eagen en yn har earen noch it droanen fan dy Godlike stim.
Mar Jezus gyng op har ta en bûgde oer har hinne en rêstich sei er: ‘Kom oerein en wês net bang!’ Hja doarsten net, mar op syn wurd sloegen se dochs de eagen op en doe wie alles wer gewoan. De Heare wie der net mear en Mozes en Elia wiene mei him opfearn en Jezus stie by har op 'e donkere berch en der wie gjin ljocht mear om him hinne.
* * *
Dy nacht bleauwen se op 'e berch en earst de oare moarns gyngen se wer nei ûnderen. De trije discipelen wiene der noch stil fan. Dit soene se noait, noait forjitte en strak soene se it fortelle oan de njoggen dêrûnder. Mar it wie, oft Jezus har gedachten rette, hwant hy naem daliks it wurd op en sei: ‘Forhelje oan net ien hwat jim sjoen hawwe, oant de Minskesoan opwekke is út 'e deaden.’
En dêrmei wie it, oft alle blidens by har weifoel. Nou spriek de Heare al wer fan syn dea en hja hiene sa fêst tocht, dat nou de heilstiid bigjinne soe! Hwerom wie Elia dan kommen? En drôvich seine se: ‘Mar is it dan net wier, hwat de skriftgelearden ús altyd foarhâlden hawwe, dat Elia earst komme moat om it paed foar de Kristus to sljochtsjen?’
Jezus antwurde: ‘Ja, it is sa't de profeten sein hawwe: earst moat Elia komme om alles torjochte to bringen, mar ik siz jimme: Elia is al kommen en hja hawwe him deade; sa sil ek de Minskesoan fan harren to lijen hawwe.’
* * *
Hja rounen swijend fierder, de slingerjende paden del en doe waerd it har dúdlik hwat Jezus bidoelde. De Elia dy't komme soe om it paed to sljochtsjen foar de Messias, dat wie oars gjin ien as de Doper! Mar moast har Master dan itselde paed lâns as Johannes? Soe hy dan ek stjerre moatte, hy, fan hwa't Godsels op 'e berch sprutsen hie: ‘Dit is myn leave Soan, yn hwa't Ik myn wolbihagen haw.’ Hja koene it net leauwe, mar dit wie nou al de twadde kear, dat hy it neamde! ‘Harkje nei him’, hie de stim des Heare sein. God wist, dat hja nei him harkje woene, mar alles wie sa frjemd, sa swier to forstean....
En mei in drôvich hert folgen se de Heare nei ûnderen, nei de flakte.