har net oerweldigje. En dûsels: dû silst net langer Simon hite, mar dû silst Petrus, dat is: stienrots, neamd wurde en letter sil ik dy jaen de kaeijen fan it keninkryk der himelen en hwatstû bynste op ierde, dat sil boun wêze yn 'e himelen; en hwatstû ûntbynste op ierde, dat sil ûntboun wêze yn 'e himelen.’
De oare discipelen seagen fan Jezus op Simon en fan har maet op elkoar. Hwat Jezus krekt bidoelde mei dat wûndere wurd, dat wisten se net, mar dat har freon Simon roppen wie ta greate dingen, dat bigriepen se wol. En dyselde discipel, dy't de kaeijen hawwe soe fan Gods keninkryk, dy wie ien fan har; út har namme mei hie er dat wurd sprutsen en yn him wie it antwurd fan Jezus ek foar har. En wylst hja efter Jezus oan rounen, tochten se oan alle hearlikheit, dy't komme soe en fol earbiedenis seagen se op nei Simon en neamden him mei syn nije namme: Petrus.
De Heare Jezus lei har noch op, dat hja oan nimmen sizze mochten, dat hy de Kristus wie.
* * *
En doe earst, nei't er har sprutsen hie fan 'e hearlikheit, dy't har wachte, bigoun Jezus oer it lijen dat er útstean moast en oer syn dea to Jeruzalem. ‘It is wier dat ik de Minskesoan bin, dêr't Daniël yn syn boek fan sprutsen hat en dy't komme sil yn hearlikheit op 'e wolken. Mar earst moat ik noch gâns lije en forwurpen wurde fan 'e âldsten en de oerpreesters en de skriftgelearden en deade wurde; mar nei trije dagen sil ik wer opstean.’
De discipelen wiene forslein, doe't hja dizze freeslike wurden hearden en yn it earstoan sei gjin ien in wurd. Dit koe dochs net wier wêze? Hy soe dochs fêst noch mear sizze en har útlizze, dat dit in gelikenis wie en dat hja it net letterlik nimme moasten? Hy wie de Soan fan 'e libbene God, hie Simon sein, mar dan wie er sels ek God en God kin dochs net stjerre? En fol spanning seagen se nei Jezus, oft er it wurd net wer opnimme soe en har ûnderrjochtsje.
Mar de Heare roun rêstich fierder en sei neat mear. Hy hie ommers alles al sein, dat hja witte moasten en dizze kear hie er net yn gelikenissen sprutsen, mar frijút, sa dúdlik, dat in bern it bigripe koe! It wie nou de fraech mar, oft hja him leauden, ek al koene se der mei har bigryp net by. En hy hie ommers daliks al sein, dat er út 'e deaden opstean soe? Wie dat dan gjin djippe treast nei al dy drôve dingen?
En doe ynienen kaem Petrus nei foaren en naem Jezus mei oan 'e kant fan 'e wei, dat de oaren him net forstean koene. ‘Heare’, sei er hertstochtlik, ‘dat mei God forhoedzje, dat soks jo oerkomme soe. Jo binne ommers sa machtich Heare, jo kinne alle dingen; hoe soene jo dan stjerre?’
De Heare Jezus seach Petrus oan en syn antlit stie strang. En sa lûd, dat alle oaren it hearre koene, spriek er: ‘Gean efter my, satan! Dû bist my in oanstjit, hwant dû bitinkst net de dingen dy't út God binne, mar dy't út de minsken binne.’
Petrus sei neat mear; hy waerd deadlik bleek en efter syn eagen baernden de triennen. Sillich, hie de Master him neamd en nou dit wurd: ‘satan’. Wie hy dan in ‘fijân’ fan Jezus, hy dy't alles foar him oer hie en dy't wurk en hûs en frou om him forlitten hie? Hy hie it allinne mar sein, om't er sa folle fan Jezus hâldde en him net misse koe.... Mar as de Heare sels it sei en him in ‘satan’ neamde, ja, dan moast it dochs wol slim wêze, hwat er sein hie. Hie er him mar stilhâlden! Mar hoe sil men jin stilhâlde, as men sa leaf hat en as it om sokke dingen giet? En swijend, biskamme, roun er fierder, efter de oaren oan.
* * *
En wilens, sûnder dat hja it wisten, stried har Heare de âlde, swiere striid. Altyd wer woe de duvel him forliede om syn Heit yn 'e himel oerhearrich to wêzen, om net nei Jeruzalem to gean en himsels net yn 'e dea to jaen; altyd wer woe er him forlokje om kening to wurden en nei macht en eare to stean. En nou hie er it wer sein troch de mûle fan Simon. ‘Jo hoege net to stjerren!’ Mar hy moast àl stjerre, hy moast hingje oan it wrede krús, dêrom allinne wie er op 'e ierde kommen en it wurk, dat er bigoun wie, soe er oan 'e ein ta folbringe. Elk dy't him dêr fan ôfhâlde woe, wie him in tsjinstanner, in satan. Né, it hie net to strang west, dat bitter wurd tsjin syn trouwe discipel. Mar lilk wie er dochs net op him.
Hy rôp de tolve en syn lûd wie net strang mear, doe't er sei: ‘Ik haw jimme sein, dat ik forwurpen wurde sil fan de âldsten en dat hja my oerjaen sille yn 'e dea, mar mien net dat ik allinne lije en stjerre moat. Hwant elk, dy't my folget en myn discipel wêze wol, dy moat ré wêze om mei my to stjerren. Jim witte hoe't it giet mei de Seloten, dy't opsteane tsjin de Romeinen en finzen nommen wurde? Hja moatte it krús drage, dêr't hja oan hingje moatte om in wrede dea to stjerren. Nou dan, dy't my folgje wol, dy moat ek syn krús opnimme en draech it efter my. Dy't syn libben net oerjaen wol om my, dy sil gjin diel oan it ivich libben hawwe, mar dy't syn libben forlieze wol, dy sil it ivich libben hawwe troch my.
Hwant al is it dan wier, dat ik stjerre moat, it is ek wier, dat ik ienkear komme sil yn myn Heite hearlikheit om de minsken to oardieljen en om elken-ien to leanjen nei't er dien hat op 'e ierde. Wiswier siz ik jimme, somliken fan dy't hjir by my stean, sille de dea net smeitsje, ear't hja de Minskesoan kommen sjoen hawwe yn hearlikheit....’
Op dyselde reis hat de Heare Jezus noch faker