‘Ik bin it brea...’
188
De jouns nei it wûnder fan 'e breaën, doe't Jezus de berch opgien wie to bidden, wiene de skaren yn 'e steppe bleaun: honger hiene se nou net mear en de lange mars, om 'e mar hinne nei Kapernaüm, foel net ta by donker. Sliepen wie net folle fan kommen, dy kâlde stoarmige nacht en de oare moarns bitiid wiene de earsten al wer by it wetter. It foel har ôf, dat Jezus der net wie; hy soe dochs net mear op dy berch wêze en hy koe ek net oerfearn wêze nei de oare kant: der wie gjin boat mear oan 'e wâl, doe't de discipelen de mar op roeiden. It soe it bêste wêze, dat hja op him wachten. Hy moast hjir dochs lâns komme en miskien, nei dy nacht yn 'e bergen, soe er nou dochs noch mei har gean nei Jeruzalem en har kening wurde. As er dat woe, as er har oanfiere woe yn 'e striid tsjin 'e Romeinen en har altyd brea jaen as der forlet wie, dan doarsten se it noch mei him oan, sels nei dy bittere toloarstelling fan 'e foarige jouns....
* * *
Letter op 'e moarn, doe't hja al gâns in skoft wachte hiene, kamen der in mannich skippen oer de mar en fortelden de fiskers har, dat Jezus al yn 'e iere moarn to Kapernaüm kommen wie. Hja wisten net hwat se hearden. Yn 'e iere moarn! Mar sa gau koe er noait om 'e mar hinne komme en hoe soe er oars, sûnder skip, oer it wide wetter komme? Wie dan alles wûnderlik, hwat dy rabbi fan Nazareth die? Yn elk getal, as Jezus to Kapernaüm wie, hie it gjin sin, dat hja hjir noch langer wachten.
En wylst de skaren yn alle haest op mars gyngen, it noarden troch, gyngen de inkelden dy't it bitelje koene yn 'e skippen en lieten har nei de oare kant roeije. Hja founen Jezus by de synagoge, yn drok petear mei syn discipelen en mei de Farizeën en Wetgelearden út Jeruzalem. Fansels, de hege hearen hiene biswieren tsjin dat miel yn 'e wyldernis, dêr't net ienris wetter wie om foar iten de hannen to waskjen! In echte Farizeër soe leaver fan honger omkomme as sok in swiere sûnde dwaen!
De hastige Galiléers steurden har net oan 'e strange mannen út Jeruzalem: hja hiene hiel oare dingen oan 'e holle as sokke kwesjes oer hanwaskjen foar iten en hja gyngen daliks op Jezus ta. ‘Rabbi’, fregen se, ‘hwannear en hoe binne jo hjir kommen?’
De Heare Jezus antwurde net op har fraech. It wie better, dat hja net wisten fan syn wûndere reis oer it wetter fan 'e mar. Juster, nei it wûnder fan 'e breaën, woene se him al kening meitsje; hwat soene se dan net dwaen as hja hearden dat er yn 'e stoarm oer it wetter rinne koe? En bûtendat, hy wist dat hja har plannen noch net opjown hiene en dat hja noch altyd hopen, dat er har kening wurde woe. En dêrom sei er strang: ‘Wiswier, wiswier siz ik jimme: jim sykje my net om 'e tekens dv't ik jim sjen litten haw, mar allinne om't jim iten hawwe fan 'e breaën en sêd wurden binne. Dat wûnder fan 'e spiziging, dat past by jim dwaze plannen, mar arbeidzje net om 'e spize, dy't forgiet, mar om 'e spize, dy't ik jimme jaen kin en dy't bliuwt yn it ivige libben.’
Hja antwurden: ‘Hwat moatte wy dan dwaen om Gods wurken to wurkjen?’
De Heare Jezus spriek: ‘Der is mar ien ding, dat jim dwaen kinne: leauwe yn my, omdat God my stjûrd hat.’
* * *
En dêr gyng it nou krekt om, tochten de Galiléers, oft er wier út 'e himel wie, of net! Hja leauden dat er in great profeet wie en dat er greate dingen dwaen koe; hja wiene ré om him to folgjen en him keningshulde to dwaen, mar hoe soene se oait leauwe, dat er fan God út 'e himel delkommen wie? En às it sa wie, hwerom die er dan net in wûnder, dat hja it sjen koene? Siken better meitsje en deaden it libben jaen en spizen formannichfâldigje, dat koene Elia en Eliza ek, mar hwerom liet er gjin ingelen fan 'e himel komme, of hwerom joech er har gjin brea út 'e himel, sa't Mozes dien hie, doe't er it folk it manna joech? Hja wiisden nei de synagoge, dêr't in krûk manna op ôfbylde stie en hja seine: ‘De man Mozes, dy hat ús âffears manna jown yn 'e wyldernis, dat wie brea út 'e himel, kinne jo dat ek?’
Jezus antwurde: ‘Jim binne mis. Hwant it manna, fjirtich jier oanien, wie wol in machtich wûnder, mar Mozes sels koe it net jaen en it kaem ek net út 'e himel. Mar ik siz jimme: it echte brea fan God is hy, dy't út 'e himel delkomt en dy't de wrâld it libben jowt.’
Hja seine: ‘Heare jow ús dan dat brea, net ien kear, mar aloan wer en wy sille yn jo leauwe en jo oeral folgje!’ En fol spanning seagen se de Heare oan. Soe er nou dochs noch brea út 'e himel jaen, it echte libbensbrea, dat better wie as alear it manna en as it droege koarnbrea juster, dat mar ien kear de honger bistilje koe? O, dan soene se him dochs noch kening meitsje en leauwe, dat er Gods Soan wie en