iepen fjild: it wie billik dat er nou ek foar har soarge. En rêstich sei er tsjin syn discipelen: ‘Jow jimme har leaver to iten!’
De tolve seagen elkoar oan en fan elkoar op Jezus. Hja woene wol graech dy hongrige minsken helpe, mar hoe soe dat kinne yn dizze steppe sûnder hûs of winkel? En sels al hie der iten to keap west foar fiif tûzen man, hwa soe dat dan bitelje?
Filippus kaem op Jezus ta. ‘Rabbi’, frege er, ‘moatte wy dan hinnegean nei de doarpen yn 'e fierte en brea keapje foar al dit folk? Mar sels as wy twa hûndert dénariën hiene, dan soe elk noch mar in lyts stikje krije kinne.’
Jezus antwurde: ‘Gean by de minsken lâns en sjoch hwat se by har hawwe.’ Hja diene it daliks, omdat Jezus it sei, mar allinne Andréas kaem net mei lege hannen werom. Mei in sucht sette er in bihindich kuorke foar de Heare del. ‘Ik haw in jonge foun, dy't fiif breaën hie en twa fisken, mar hwat is dat noch foar sok in mannichte?’
Jezus glimke. ‘It is genôch, Andréas. Kom hjir nou mei jimme draechkuorren en siz tsjin de minsken, dat hja sitten geane, yn groepen fan fyftich of hûndert.’
It duorre lang, ear't se allegearre sieten op it donkere, lange gêrs, mar doe't alles klear wie, wie it in prachtich gesicht: it like wol hwat op blombêdden, al dy groepen minsken yn har kleurige mantels, mei de smelle paden der tusken. It wie ek allinne mar yn 'e iere Maeitiid, dat it hjir sa moai wie en dat it gêrs sa fris en donker wie: noch in pear wike, dan wie alles wer to-skroeid ûnder de fûle simmer-sinne.
Mar de minsken dy't hjir oansieten tochten om hiel oare dingen as oan 'e blide Maeitiid: hja wiene flau fan 'e honger en seagen mei soarch nei de sinne, dy't al leger sakke. Hwerom liet de rabbi har net leaver gean, ynpleats fan har noch langer op to hâlden? Der wie ommers dochs gjin iten yn dizze wide steppe en nou duorre it noch wer langer, ear't hja thús wiene! Mar as hy it sa ha woe, dan soene se noch langer wachtsje.
En doe gyngen al dy tûzenen eagen nei Jezus en hja seagen hoe't er de hannen opheve en bigoun to bidden. Allinne de foarsten koene forstean hwat er sei en hja hearden dat er net frege om iten, mar dat er allinne mar tanke foar de spizen, dy't God har jown hie. Hja bigriepen it net. Hoe koe er tankje foar fiif platte breaën en twa lytse fisken, as der fiif tûzen man op iten wachten?
Sels de discipelen bigriepen noch net, hwat er fan doel wie. Suver forlegen stiene se by him en fan har lege kuorren seagen se nei al dy hongrige minsken dêr foar har. En dêrmei wonk Jezus ien fan harren en boppe de lege draechkoer briek er it earste brea. O, en doe ynienen seagen se it: it brea dat er briek waerd net lytser en de koer rekke fol. ‘Diel it nou om’. gebea er en yn 'e twadde koer foelen de goede brokken. Hja waerden der stil fan. God mocht it har forjaen dat hja twivele hiene oan syn macht....
Heech tilden se de folle kuorren en hastich bigounen se út to dielen; as hja neat mear hiene hellen se nije foarrie. Nou leauden se dat alles goed komme soe en dat al dy tûzenen sêd wurde soene. Fiif breaën en twa fisken! En al flugger briek er de kuorren fol en ûnder syn hillige hannen groeide it goede brea....
Noch noait hiene de Galiléers sa iten as doe dy jouns. Né, in keningsmiel wie it net, dit droege koarnbrea mei neat der op, mar thús ieten se ek gjin witebôle en de fisk dy't se nei krigen, smakke skoan. En dat al dy minsken sêd waerden fan fiif breaën en twa fiskjes, dat wie sa'n great wûnder, dêr foel al it oare by wei, dat er oan't nou ta dien hie!
Doe't hja net mear op koene, kamen de tolve der noch ien kear bylâns en hellen elk in kuorfol brokken op.
* * *
En doe, nei dat wûndere jounmiel, koe elk syn wegen gean; de honger wie oer en hja koene de reis wer dwaen. Mar it wie oft hja nou gjin haest mear hiene, to-minsten de mânlju net en yn groepen stiene se byïnoar en praetten oer dit hearlik wûnder. Hwa hie oait tinke kinnen, dat de rabbi fan Nazareth ta sok ding by steat wie? Dit wie nou dizze kear gjin gewoan wûnder, gjin sike dy't better waerd, gjin lamme dy't springe koe, gjin bline dy't de eagen iepen gyngen! Dat wie ek moai, foaral foar hwa't it oangyng, mar dit wie dochs hwat oars! Sok in wûnder, dat hie bitsjutting foar de takomst! Oan fiif breaën ieten har fiif tûzen mânlju sêd! Mar dy't sokke dingen dwaen koe, dy wie mear as in fromme rabbi, mear as in great profeet: dit wie de Messias, dy't komme soe. Nou wie der gjin twivel mear mooglik: hjoed hiene se iten mei de Messiaskening, dy't har forlosse soe út 'e macht fan 'e heidenen.
Hoe faek wie it al net bard, hjir yn dit selde steppelân, dat de soldaten fan Herodes in binde Seloten forfolgen en de bergen ynjagen? Hast altyd koene se de fijân ûntkomme, mar dan kaem de honger en moasten se har dochs noch oerjaen. Mar mei Jezus as kening en as oanfierder fan in leger, koe gjin fijân har der ûnder krije. Mei him koene se alles, ûnder syn findel wie neat mear ûnmooglik: in ynfal yn Galiléa net, in mars nei Jeruzalem en, hwa wist, in kriichstocht nei it heidenske Rome!
Mar as er wier de Messias wie, de langbiloofde forlosser, dan moast er it nou rounút sizze. It wie nou de tiid; noch in pear wike, dan wie it Peaske en hja wiene der nou klear foar. Alles woene se om him