De Hillige Histoarje. Diel 2. It Nije Testamint
(1953)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 68]
| |
Antipas; nou, in lytse fjirtich jier letter, wie dyselde Herodes Antipas noch altyd kening fan Galiléa en Péréa. Yn dizze tiid wenne er lykwols net yn syn keningsstêd Sepphoris, mar hâldde er ta yn 'e stins Machaerus, yn it Suden fan Péréa, ticht by de Deade Sé, en yn 'e kelders fan dat somber kastiel hie er Johannes de Doper opsletten. Hwant al hie Herodes Antipas him noait mei Jezus bimuoid en al wist er neat fan syn wurk yn Galiléa, Johannes koe er safollesto better. Mear as ien kear hie er him sprekken heard en elke kear wer hie de Godsman him bistraft oer syn sûndich libben en sein: ‘It stiet jo net frij de frou fan jins eigen broer to hawwen.’ Kening Herodes wie net wend, dat de minsken him de wierheit lyk yn it gesicht seine en dy wurden fan Johannes smakken him net; oan 'e oare kant mocht er ek wol wer oer dy rûge profeet, dy't alles mar sizze doarst en dy't sels de kening net mijde. Hy soe him dan ek fêst net finzen set ha, as syn frou, Herodias, it net trochset hie. Herodias hie troud west mei in broer fan Antipas en op ien fan syn reizen wie de kening mei har yn 'e kunde kommen en hie er sin oan har krige. Syn eigen frou, in dochter fan kening Arétas, dy't hearske oer it folk fan 'e Nabatéers, hie er fuortstjûrd en ynpleats hie er Herodias nommen, dy't nou mei har dochter Salomé by him wenne. It foldie har wakker skoan oan it keningshôf en hja koe alles mei de kening wurde; dat har houlik net wettich wie en dat hja oan ien wei yn sûnde libbe, koe har neat skele. Der wie mar ien ding, dêr't hja bang foar wie: dat Herodes noch ris birou krije koe en dat er har ek forstjitte soe, lyk as er syn earste frou dien hie. Doe't hja hearde hwat Johannes fan har sein hie, wie se razend en daliks stie it by har fêst, dat dy profeet stjerre moast. Dat dy man doopte by de Jordaen en dat er spriek fan in kommend keninkryk, dat wie har bêst, mar hy soe neat fan har sizze! Dat hja sei tsjin Herodes, dat er dy Godsman deadzje moast en as er dat net die, as er dat net foar har oer hie, dan soe se sels wol rjochtdei hâlde. Hja liet har net misledigje fan sok in profeet, as er dat mar wist! Herodes wie suver mei de saek forlegen; hy woe syn frou wol to-wille wêze, mar hy hie de moed net om de hannen oan in profeet to slaen: dy't sok in hillich Godsman deade, dy koe der wis fan wêze, dat de goaden him gram wiene en mei har oardielen oer him komme soene. En al wie er dan gjin from man en al die er net folle oan 'e godstsjinst, hy wie dochs net fan plan om him de wraek fan de goaden op 'e hals to heljen. Om lykwols dochs hwàt to dwaen, stjûrde er syn soldaten der op út om de profeet op to heljen en sleat er him op yn 'e finzenis ûnder syn keningsstins. Herodias soe nou wol tofreden wêze: Johannes koe neat mear fan har sizze en sels koe er noch wolris nei him tagean en nei syn reden harkje. En sa kaem it dus, dat Johannes de Doper net mear doopte by de Jordaen; dêr't sa lang syn machtich lûd klonken hie, wie nou de stilte fallen en gjin skaren minsken teagen mear út om him to hearren. It folk, dat sa gau forjit, tocht al hast net mear om him en allinne in pear fan syn dscipelen bleauwen him trou en sochten him op yn syn finzenis. Herodes hie der yn it minst gjin biswier tsjin, dat er bisyk fan bûten krige. It wiene ek dizze discipelen, dy't doe by Jezus kamen om him út namme fan Johannes to freegjen, oft er wier de Messias wie en dy't doe wer nei Machaerus reizgen om it antwurd fan Jezus oer to bringen. Hy sil der wol bliid mei west hawwe en ynsjoen ha, dat Jezus dochs dyjinge wie, dêr't de Wet en de Profeten fan sprutsen hiene. En nei dat wurd fan treast en bimoediging kaem al gau de dei fan syn dea.... Hwant Herodias wie net tofreden nou't har fijân it swijen oplein wie en hja liet it der net by sitte, sa't de kening hope hie. Salang't dy ûnheilsprofeet libbe, wie der foar har gjin rêst mear yn 'e keningsstins. Herodes wie by steat en lit him dochs noch wer gean: net om 'e nocht praette er soms noch mei him, al woe er dat foar har net wêze! Hy moast stjerre, dy Godsman, en mei har dochter Salomé makke se in plan om Johannes to deadzjen. Ek om dat fanke wie it better, dat der in ein oan kaem: as de kening hàr fuortstjûrde wie der foar har dochter gjin plak mear yn it keningshûs. En Salomé seach it sels ek wol yn en woe har wol helpe: dy wie net om 'e nocht út it laech fan 'e Herodessen!
* * *
Op in kear waerd der in great gastmiel hâlden op 'e stins Machaerus. It wie de kening syn jierdei en al de hege amtners út it Ryk en al de offisieren, dy't mist wurde koene by de tsjinst, wiene kommen om him lok to winskjen en sieten mei oan 'e dis. It waerd in prachtich feest, hwant sokke tiden wie kening Herodes tige royael en mijde er neat. De bêste spizen waerden opdroegen en der wie djûre wyn út fiere lannen en de blide gasten lieten har alles goed smeitsje. Mar it hichtepunt fan it feest moast noch komme: as it miel birêdden wie, soene de beide doarren fan 'e feestseal iepen gean en in rige dounseressen soene der yn komme, jonge, linige fammen, om har to formeitsjen mei har kinst. Sa diene de rike Romeinen it ek by har feesten en kening Herodes, dy't yn alles de Romeinen nei de eagen seach, woe net minder wêze. Mar doe't it iten dien wie en doe't de tsjinners de tafels rom makke hiene, kamen der gjin dounsjende | |
[pagina 69]
| |
slavinnen yn; op it ritme fan 'e muzyk huppele ien jongfaem de seal troch: Salomé, de dochter fan Herodias. It waerd daliks stil en al dy mânlju seagen har oan mei greate, forhearde eagen. Soks wie noch nea earder bard oan it hôf fan Herodes, dat in keningsdochter dounse op in mânljusfeest! Dounsje, dat diene sokke tiden allinne slavinnen, mar gjin fatsoenlik fanke soe dat dwaen. Der wiene guon fan 'e gasten, dy't it lang net moai founen, mar gjin ien doarst der hwat fan to sizzen: it wie de dochter fan Herodias en mei de keninginne moast men oppasse hwat men sei! Dat hie Johannes, de profeet wol ûnderfoun, dy't dêr noch altyd finzen siet, ûnder yn 'e sombere kelders fan 'e stins. Né, hja soene it wol litte en siz hwat fan dit skandlik toaniel en strak, as it ôfroun wie, soene se lûd yn 'e hannen klappe.... En as men der goed nei seach, dan soe men hast foriitte dat hjir in keningsdochter harsels to-skande makke, sa linich dounse se en sa moai wie se en sa kostlik jong. Al wylder gyng de muzyk, al rêdder gyngen har dounsjende fuotten, al flugger swaeiden har bleate earmen. Hja dounse lang, it iene nûmer nei it oare; doe bleau se stean, en bûgde djip foar de kening. Doe't it wyld applaus forklonken wie, riisde Herodes oerein en lûd, dat elk yn 'e seal it hearre koe, spriek er: ‘Noch noait fan myn libben haw ik sok dounsjen sjoen, en ik sil dy leanje, sa't ik noch noait in dounseresse leanne haw. Siz my, fanke, hwat ik dy jaen sil en ik swar dy by alle goaden fan Rome, hwatstû ek fregest, ik sil it dy jaen, sels al wie it de helte fan myn keninkryk.’ It fanke seach him oan; har swarte eagen blonken en om har reade mûle trille it. Hja wist al, hwat hja freegje soe, dat hie har mem har al lang foarpraet, mar dat mocht de kening net witte. ‘Ik wit net, hwat ik sa gau freegje moat’, sei se sédich, ‘mar ik sil ús mem wol freegje en dan kom ik wol wer.’ En licht en dounsjend huppele se nei de doar.... Doe't hja hwerom kaem dounse se net mear; biret roun se op 'e kening ta, de holle heech, de mûle strak. Nou like it gjin fanke mear, sa as niist doe't se dounse. mar in jonge frou, dy't wist hwat se woe. Herodes glimke. ‘Siz it mar, Salomé.’ En al dy mânlju seagen har oan. Hwat soe se freegje, dit jonge bern? Sulver? Goud? Of in slot fan pearels? Doe sei se, lûd en rêstich: ‘Jow my, nou daliks, op in skûtel, de holle fan Johannes de Doper!’ Har lûd trille net; hja hie der net iens in kleur fan. Kening Herodes huvere yn syn bûnte mantel. Hy wie wol hwat wend yn syn famylje, mar dit hie er net tinke kinnen! En dat dit fanke soks sizze koe, in bern hast noch. Hoelang wie it noch mar lyn, dat se mei poppen boarte? En bitter tocht er: dit hat se net fan harsels, dit hat Herodias har ynstutsen! Herodias! Nou krige se dochs noch har sin, lyk as hja altyd har sin krige, as se earne har sinnen op set hie! Hy koe net tsjin har op, hy koè har net misse, oars hie er se nou hjoed noch syn hûs út set. It muoide him om dy profeet en hwa wist, hwat slach hjir op komme soe, mar hy hie it biloofd; nou koe er net mear werom. Hwat soene syn gasten wol sizze, as er it nou net die? ‘Mei in djûre eed hat er it har tasein en nou giet er der foar omlizzen!’ It koe net; in kening kin gjin eden brekke, dêr't alleman by sit. Mar it wie gemien en it bigreate him om dy Godsman! Hy wonk en ien fan syn soldaten kaem op him ta. ‘Gean hinne’, sei er heas, ‘en doch hwat it fanke sein hat.’ De soldaet saluearde, rjocht en stram; doe gyng er de seal út mei greate stappen. It hoegde net lang to duorjen, de finzenis wie tichteby, ûnder itselde dak en de soldaet hie sok wurk wol earder dien. Hy seach der net oars fan, doe't er de skûtel oan 'e kening brocht, de skûtel mei de deade holle fan de Doper. Mar Herodes syn hannen trillen, doe't er him Salomé oerjoech en dy jouns smakke de wyn him net mear. De oare deis kamen de discipelen fan Johannes en bigroeven him; doe namen se de reisstêf op en gyngen nei Galiléa om it Jezus to fortellen.
* * *
It wie net lang nei dizze drôve dei, dat Herodes Antipas foar it earst fan Jezus hearde. Al wer in profeet yn syn rjochtsgebiet, mar hy soe wol oppasse en gean der net wer hinne; profeten brochten altyd ûnheil. Mar doe't hja him fortelden dat dy rabbi fan Nazareth sels de kweageasten útwurp en de deaden it libben joech, doe sloech him de skrik om it hert. As dy wûndere profeet dêr yn it Noarden nou Johannes ris wie, Johannes, dy't hy formoarde hie en dy't opstien wie út 'e deaden en dêrom alles koe? Lang pakte er dêr mei om, de bange kening en sûnt dy tiid bisocht er om Jezus to treffen. It slagge him net en de Heare, dy't wol wist hwat der yn Herodes omgyng, socht him net op. Hy, de Kening, hie gjin boadskip oan 'e man dy't de heraut fan 'e Kening deade hie. Ien kear, de lêste deis dat er op ierde wie, soe syn paed dat fan Herodes kruse, mar dy tiid wie noch net kommen. En sa wie der dan in ein kommen oan it wurk fan Johannes de Doper, de greatste fan alle profeten. Salang't er frij wie en gean koe hwer't er woe, hie er syn plicht dien en de skaren op Jezus wiisd. It wie syn skuld net, dat mar inkelden it paed nei de Kening foun hiene en yn him leauden en dat it folk syn wurden yn 'e wyn slein hie en him al hast forgetten wie. Hy hie har oproppen om har to bikearen, hy hie har | |
[pagina 70]
| |
doopt yn 'e Jordaen, nou lei it fierder foar har eigen forantwurding. De Doper sels wie der net mear, mar it boadskip dat er brocht hie, it evangeelje fan 'e kommende Kening, dat lei der noch: it folk fan Israël mocht har wol goed bitinke, hwat hja mei dat boadskip dwaen soene. De discipelen, dy't him bigroeven hiene, dy wisten hwat Israel yn him forlern hie en it wie goed, dat hja rouden om har deade master. Mar hwat hja earst tochten yn har bitter fortriet: dat syn wurk mislearre wie, dat wie sa net. Wis, hy hie gjin maklik libben hawn, dizze soan fan Sacharias. Nei syn blide jeuchd yn it hûs fan syn âlden wiene de iensume jierren kommen yn 'e wyldernis; nei de koarte tiid fan syn wurk by de Jordaen de donkere dagen yn 'e stins Machaerus; nei dy blide dei, doe't er de himel iepen sjoen hie en in stim út de himel klonk: ‘Dit is myn leave Soan....’, hiene der dagen west, dat er twivele oft Jezus wol wier de Messias wie. En doe, nei al dy soargen en nei al dat moedsum wurk syn wrede dea... It wie gjin wûnder, dat syn freonen rouden en net wisten, hwerom't it nou sa moast. En dochs, as hja leauden hwat Johannes sels har leard hie, dan wie der gjin reden om sa forslein to wêzen: it wurk, dat God sels him oplein hie, wie folbrocht; de heraut mocht rêste, nou't de Kening kommen wie. Hy wie nou by God yn 'e himel en it soe net sa lang mear duorje, dan soe er dêr-boppe ek de Kening kommen sjen, fan hwaens komst op ierde hy sa faek sprutsen hie ta de mannen fan syn folk. |
|