lange dei mei in skare yn it fjild west hie, dan wachten se earne oars al wer op him. Hy koe ek wier net mear dwaen as er die, hy koe net greater skaren bisprekke en de dei net langer meitsje: hy wie dôch al sa deadlik wurch soms en dan harde it ek noch wol, dat er de nachts net iens rêstte, mar it fjild yngyng om to bidden. En hwa soe him oait helpe kinne, hwa koe sa sprekke as hy, hwa koe sokke wûnders dwaen?....
En sa stie de Heare dêr, yn 'e rounte fan syn learlingen, in minske lyk as hja, mar dochs ek wer oars en tige iensum. It wie him altyd wer in djippe treast, dat hja by him wiene en dat hja him leaf hiene en alles wol foar him oer hiene, mar hwat bigriepen se soms noch in bytsje fan syn wurden en syn wurk. In simpele gelikenis koene se fakentiids net by en hy fornaem wol oan har, dat hja noch altyd leauden dat er it keninkryk yn Israël wer oprjochtsje soe en sitte op 'e troan fan David en dat dan hiel it folk him oannimme soe as de Messias.
En lykwols soe er har útstjûre moatte, de iene of oare dei, om it boadskip fan it keninkryk to bringen yn alle doarpen en yn elke stêd. It koe net langer wachtsje: it folk soe noù noch nei har harkje en har wurden oannimme. Johannes de Doper wie der ek al net mear. Noch lang nei't Jezus sels bigoun wie to learen, hie Johannes it heil forkundige oan 'e kant fan 'e Jordaen, mar nou siet er finzen yn in fiere stêd, yn it hûs fan Herodes Antipas.
Op in goede dei rôp er se by him, de tolve discipelen en noch hwat oaren en joech har de macht om sykten to genêzen en om 'e kweageasten út to werpen. Mar ear't er har útstjûrde, lei er har earst noch op, hwat hja sizze moasten en hoe't hja to-wurk gean moasten. Twa by twa mochten se gean, dan hiene se steun oan elkoar en hja mochten dizze earste reis net bûten de grinzen fan Israël komme: letter soene ek de Samaritanen en de heidenen it evangeelje hearre, mar sa fier wie it nou noch net. ‘Bijow jim leaver nei de forlerne skiep fan it hûs Israël en forkundigje, sizzende: It keninkryk der himelen is nei oan.’
Hja mochten op har reis ek fan nimmen lean oannimme, sels net as hja siken better makken en deaden opwekken en as de minsken har graech hwat ta ha woene; it heil des Heare wie net to keap foar jild. Wol mochten se, yn in frjemde stêd, by de minsken yn 'e hûs gean, hwant de arbeider is syn lean weardich; mar ek allinne by hwa't har leauden en har wurden oannamen. Hja hoegden ek net bang te wêzen, dat it har op reis oan hwat ûntbrekke soe: hja hoegden gjin jild mei to nimmen en gjin reissek foar ûnderweis, gjin ekstra klean en hja hoegden gjin nije sandalen to keapjen of in nije stêf oan to rieden. Al dy dingen, dy't hja brek wiene, soene se krije. En mocht der al ris in plak wêze, dêr't gjin ien har ûntfange woe en dêr't gjin ien har wurden achtsloech, dan hoegden se der net to bliuwen en koene se frij wer fierder gean. ‘Mar wiswier siz ik jimme, it sil it lân fan Sodom en Gomorra draechliker wêze, de deis fan it oardiel, as dy stêd!’
Doe't hja alles heard hiene hwat de Master har oplein hie, gyngen se de wûndere reis oan, de tolve apostelen en de oaren, dy't Jezus útkard hie, meiïnoar sa'n sawntich man. Hja bigriepen sels net, hoe't it koe, mar hja doarsten it oan omt de Heare sels it sein hie en omt hja gyngen yn syn namme en krêft. En doe't hja kamen yn stêdden en doarpen, wie alles sa't hy it sein hie: hja learden dat it keninkryk fan God tichte by wie en gâns minsken leauden it, dat hja koene melaetsken reinigje en deaden opwekje en alle sykten genêze. Doe wisten se, dat God it gebet forheard hie en dat hja de arbeiders wêze mochten, dy't Er útstjûrde yn Syn risping.
* * *
Yn dy tiid, doe't de tolve it lân trochgyngen en net by Jezus wiene, kamen der in pear discipelen fan Johannes de Doper by him mei de fraech: ‘Rabbi, binne Jo dyjinge, dy't komme soe, of moatte wy in oaren-ien forwachtsje?’
De Heare Jezus hearde net frjemd op by dizze wûndere fraech en hy makke him net lilk op dy profeet, dy't it sa goed witte koe en dy't nou dochs noch oan him twivele; hy wist to goed, hwat Johannes troch makke hie en hwat der yn him omgyng, doe't er syn discipelen nei Galiléa stjûrde. It wie de Doper wier net forgetten, hwat der bard wie, de deis dat er Jezus doopt hie; noch klonk him dat Godlik wurd yn 'e earen: ‘Dit is myn leave Soan, yn hwa't Ik myn wolbihagen haw.’ Hwat hie er doe bliid west, doe't er dat hearde en noch, yn dizze tsjustere finzenis, wie dit wurd him ta in djippe treast; noch leaude er dat Jezus gjin gewoan minske wie en ta greate dingen roppen.
Der wie allinne mar ien ding, dat er net bigripe koe en dêr't er alle dagen mei ompakte. Hy hie altyd tocht dat Jezus mei gauwens it keninkryk oprjochtsje soe, dat er hearskje soe oer hiele Israël en dat er syn lân, it âlde lân fan God, bifrije soe út 'e macht fan 'e Romeinen. En net allinne oer de heidenen soe er wrake dwaen, mar syn strange oardielen soene ek gean oer de bern fan syn folk, dy't tsjin him opstiene en net oan him leauden. ‘De bile leit al oan 'e woartel fan 'e beam....’, sa hie er itsels sein en nou wie alles oars as er it him foarsteld hie! Noch hie Jezus it keningskip oer Israël net oangien, noch wie it lân net suvere, noch hearske de Keizer fan Rome oer it folk des Heare. En iderkear as syn discipelen by him kamen, forhellen se wer fan greate wûnders, fan