hie ta syn jounmiel, bliid om de goede spizen en de goede wyn en om 'e eare dy't har barre mocht. Strak soene se hearre hwat dy rabbi fan Nazareth to sizzen hie en oft er in profeet wie of net: nou wie it de tiid noch net ta sokke swiere fragen.
* * *
En doe foelen ynienen al dy fleurige stimmen stil en al dy eagen seagen strak nei de yngong fan 'e seal. Simon de Farizeër siet rjocht oerein op syn rêstbank, de hannen trillen him en syn lippen forweegden yn it donker burd. Yn 'e iepen doar stie in jonge frou, bleek en hymjend, in lytse krûk fan djûr albaster yn 'e hân. Hja seach om har hinne en doe roun se fluch efter de tafel lâns nei de oare ein fan 'e seal, dêr't Simon lei. Ien koart momint tocht er, dat hja op hìm ta kaem; doe bigriep er dat hja Jezus socht. Efter Jezus syn divan liet se har falle en bûgde har oer syn fuotten: troch de wide seal gyng it lûd fan har snokken....
En noch koe Simon gjin wurden fine foar dit skandlik toaniel. Dat frommis wie in sûnderesse, ien dy't de hiele stêd troch bikend wie om har ûnsedich libben en dy't mei forkearde mânlju gyng. En sa'n ien kaem nou yn syn hûs en lei dêr to skriemen by ien fan syn gasten! En as er it goed bigriep, dan woe se dy rabbi salvje mei dy myrrhe-oalje; hwa wist, hoe't se oan dat parfum kommen wie yn dy djûre albasterne krûk. En it slimste wie noch, dat er har net fuortstjûre koe, nou't hja kommen wie by it gastmiel....
En dêrmei seach er nei Jezus. Sei dy rabbi dan neat? Foun er dan alles mar goed, hwat dy frou dêr die? Of wist er net, dat dit in forkearden-ien wie? Mar hy moast it witte, as er wier in profeet wie! God wist wòl, hwat foar frommis dit wie en as er wier út God wie, dy Nazarener, dan soe de Heare him iepenbiere hawwe, hwa't it wie dy't dêr by syn fuotten lei. Hy soe noch tiid dwaen en ôfwachtsje hwat Jezus sei, mar as er dy ûnreine net bistrafte, as er gjin flok oer har spriek, dan wist hy, Simon, genôch; dan hie de man fan Nazareth foar him ôfdien....
* * *
De Heare Jezus wist fansels wol, hwa't de frou wie, dy't dêr by syn rêstbank lei; hy wist mear fan har as Simon de Farizeër en syn gelearde freonen, hwant hy seach net oan hwat foar eagen wie, mar hy lies yn har djipste hert. It wie sa, dizze jonge frou hie in freeslik libben hawn, in libben fan sûnde, mar nou't hja him heard hie, wie se foroare en hie se djip birou. Hja woe in nij libben bigjinne en hja wie hjir kommen om har skuld to biliden en om him it offer to bringen fan har tankberens. En hy soe it oannimme, hja mòcht him salvje, hwant fan dizze ûre ôf wie hja gjin sûnderesse mear, mar ien fan syn leave bern. Hjir njonken him siet dy Farizeër en wachte dat er har flokke soe - en ynpleats tilde him it hert fan blidens, dat er har frijsprekke mocht en har sizze, dat al har sûnden forjown wiene!
Mar noch wie it syn tiid net. Foar alle gasten soe er har frijsprekke, mar earst moast hja him salvje yn it iepenbier. It soe har net maklik falle, foar al dy Farizeërs, mar hysels soe har de moed jaen om it to dwaen. En swier soe er it har net meitsje: hja hoegde net to freegjen, hja hoegde net foar alleman to bikennen hwat hja dien hie, hja hoegde allinne mar to skriemen om har sûnden en him to salvjen mei har oalje. Sa lang soe er wachtsje en net omsjen en neat tsjin har sizze....
* * *
En noch altyd skriemde de frou by Jezus' fuotten, mar nou skriemde se net mear om har sûnden allinne. Noait soe se wer goed meitsje kinne hwat hja forkeard dien hie, mar nou't se hjir by him wie, sa deun by him dat hja syn hillige fuotten patsje koe, nou wist se dat al har kwea forjown wurde soe. En fan greate blydskip skriemde se wer en oer syn fuotten, noch stoffich fan it rinnen yn 'e strjitten, sproeiden har blide triennen. En doe waerd se kjel: nou hie se syn fuotten wietmakke en hja hie neat by har om se ôf to droegjen! As er nou ris lilk op har waerd en net nei har omsjen woe?
En noch djipper bûgde se de holle en mei in inkelde biweging gaspe se har donker hier los en bigoun syn fuotten to droegjen. Hoe faek hie se har hier losmakke foar frjemde mânlju? Nou die se it foar him, de Hillige. En nou wist se dat it goed wie. O, en hy liet it stil gewurde, dan wie er net lilk mear! Hja forgeat alles om har hinne, al dy mânlju oan 'e lange tafel, al dy fûle, stekkende eagen, it gemompel dat troch de feestseal roun. En earbiedich naem se de krûk mei myrrhe-oalje en briek de tinne hals en geat it djûre parfum oer syn fuotten. De hearlike rook dreau troch de wide, hege seal en mei't de krûk leechroun, roun har hert fol fan in wûndere blydskip: hja hie har offer brocht en hy hie it oannommen en nou soe er har helpe om tsjin de sûnde to striden en in nij libben to bigjinnen.
Flak by har, njonken de divan fan Jezus, sei Simon de Farizeër, heal lûd-op: ‘As hy in profeet wie, soe er wol witte, hokfoar frommis dat is, dy't him oanrekket, dat hja in sûnderesse is!’
It dearde har net en hja skriemde net mear.
* * *
Mar doe naem de Heare Jezus sels it wurd.
‘Simon, ik haw jo hwat to sizzen.’ Simon ant-