oan mar dwaen mei forhalen en gelikenissen. Mar al wie it dan straf, hy stjitte se dochs net ôf, dy minsken út Jeruzalem en út Galiléa en as hja it net bigripe koene, dan mochten se frij komme en freegje him; hy wie altyd ré om it har út to lizzen, by dei en by nacht.
‘....doe kamen de fûgels en pikten it op.’
Hwant noch altyd hie er se leaf, dy minsken dy't sokke reizen om him makken en dy't soms hiele dagen nei him sieten to harkjen; hy woe har sa graech winne en har de frede jaen yn it ûnrêstich hert. It wie al moai, dat hja dêr sa stil sieten en nei him harken.... Mar doe tocht er der oan, dat hja dat ek noch leare moasten: harkje en dat de measten it noait leare soene. En wer bigoun er to sprekken, dêr op 'e roerbank fan it smelle skip en hy fortelde har de gelikenis fan 'e siedder.
‘Sjoch, in siedder gyng út om to siedzjen. Hy die goed syn bêst; mei greate stappen roun er de ikker oer en struide it sied yn it iepen lân. Mar in diel fan it sied foel op it paed en op 'e hurde groun bleau it lizzen; doe kamen de fûgels en pikten it op.
En in oar diel foel op 'e rotsgroun, dêr't it net folle ierde hie en it skeat sa mar op en de minsken seine, dat it der tige moai foarstie. Mar doe't de simmer kaem en de sinne gleon waerd, forskroeide it en om't it gjin woartel hie, fortoarre it.
En wer in oar diel foel op in plak, dêr't it jiers tofoaren gâns stikels stien hiene; dy wiene wol forbaernd en it lân wie ploege, mar it sied fan it ûnkrûd siet der noch yn 'e groun. Dat mei de goede weet skeaten ek de stikels op en woechsen hurd en smoarden it skoandere nôt.
Mar der wie ek in diel, dat yn 'e goede ierde foel en dat woechs op en doe't it de tiid fan 'e risping wie, joech it rike frucht: it iene hûndertfâld en it oare sechstichfâld en it oare tritichfâld.
Dy't earen hat om to hearren, lit dy goed harkje...’
* * *
Noch folle mear gelikenissen fortelde de Heare Jezus dy dei, mar foaral oer de gelikenis fan 'e siedder tochten de discipelen nei. It forhael sels wie sa ienfâldich en it waerd sa moai forteld: hja seagen de siedder oer de ikker gean, hja seagen syn swaeijende earm en it sied dat foel yn 'e iepen fuorgen, mar hja fielden dat it dêr net goed mei wie, dat der in djipper bitsjutting wêze moast, eat dat har net dúdlik wie, en dêr't it krekt op oan kaem. En doe't, op 'e lette middei, de skaren fuortgyngen, elk nei syn doarp of stêd, gyngen se nei Jezus ta: de tolve, mar ek noch in mannich oaren, dy't yn him leauden.
‘Heare’, seine se, ‘hwerom dogge jo dat nou, dat jo ús leare yn gelikenissen en net mear lyk as oars?’
De Heare seach oer it fjild, nei de skaren dy't dêr rounen yn it lêste ljocht fan 'e sinne en drôvich sei er: ‘It is om't hja myn wurden net oannommen hawwe mei in leauwend hert; dêrom sprek ik nou yn gelikenissen, dat hja wol hearre, mar net bigripe en har net bikeare. Ik hie sa graech wollen dat hja bleaun wiene en mei jim kommen wiene om my to freegjen, mar hja wolle net. En dêrom wurdt oan har folbrocht hwat de profeet Jesaja Sein hat: “Hwant it hert fan dit folk is stomp wurden, en mei de earen hawwe se biswierlik heard, en har eagen hawwe se tadien, dat hja mar net sjen soene mei de eagen, en net hearre mei de earen