De Rede op 'e Berch
178
Op in kear, doe't syn tolve discipelen by him wiene en ek in hiele skare minsken út Galiléa en Juda en út it lân oer de Jordaen by him kamen, kleau Jezus op in berch en gyng dêr sitten om it folk to learen. Hy spriek lang, dy kears en de minsken harken mei greate oandacht, hwant hy learde har greate en djippe dingen yn sokke ienfâldige en kleare wurden, dat elk it neikomme koe. Mar net allinne syn wize fan sprekken boeide har, mar ek hwàt er to sizzen hie rekke har djip yn it hert; it wie sa hiel oars as hwat de Skriftgelearden en de Farizeën learden.
De Farizeën seine altyd, dat God foaral de wize en de rike minsken leaf hie en dat dy wis yn 'e himel kamen, as hja trou yn 'e wet en de ynsettingen fan 'e âlden studearren en presys diene, hwat foarskreaun wie. It wie fansels ek wol mooglik dat gewoane minsken bihâlden waerden, mar dat gyng net sa maklik en dat hja earm wiene, dat wie nammers al in teken, dat God forgrime wie om har sûnden. Sa waerd it de minsken altyd foarpreke en dat leauden se ek, dat it wie gjin wûnder dat de skare forslein wie, doe't de Heare Jezus it wurd naem en de earmen en fordrukten sillich neamde en it wé útspriek oer elk dy't ryk wie yn himsels en net yn Jezus leaude. Hy die syn mûle iepen en sei:
‘Sillich de earmen fan geast, dy't démoedich alle fordrukking drage en wachtsje op Gods help, hwant foar sokken is it keninkryk fan 'e himelen. Sillich dy't treurje, hwant hja sille treastge wurde.
Sillich de sêftmoedigen, hwant hja sille de ierde ervje.
Sillich dy't honger en toarst hawwe nei de gerjochtichheit, hwant hja sille sêdde wurde.
Sillich de barmhertigen, hwant harren sil barmhertichheit dien wurde.
Sillich de reinen fan hert, hwant hja sille God sjen.
Sillich dy't frede meitsje, hwant hja sille bern fan God neamd wurde.
Sillich dy't forfolge wurde om 'e gerjochtichheit, hwant harres is it keninkryk fan 'e himelen.
Sillich ek jimme, as hja jimme forfolgje om myn Namme, hwant jimme lean sil great wêze yn 'e himelen.
“Sillich de earmen fan geast....”
| |
Mar wé jimme, dy't ryk binne yn jimsels en net op God bitrouwe, hwant jimme hawwe jimme treast al op 'e ierde. Wé jimme, dy't nou laitsje, hwant jimme sille skrieme. Wé jimme, as alle minsken mar goed fan jimme sizze, hwant sa diene har âffaers mei de falske profeten.’
* * *
En dêr sieten se dan, dy earmen en ienfâldigen, dy fiskers út Galiléa, dy simpele boereminsken, dy lytse boargers en lytse keaplju, bidlers en tolgearders, al dat folk, dat by de wrâld gjin tel wie en dêr't de Farizeën út 'e hichte op delseagen - en Jezus spriek har ta:
Jimme binne it ljocht fan 'e wrâld. Mar men stekt gjin lampe op om dy ûnder de nôtmjitte to setten, mar de lampe moat op 'e ljochter en skine foar allegearre dy't yn 'e hûs binne. Sa moat ek jimme ljocht skine foar de minsken, dat hja jimme goede wurken sjogge en om jimme jim Heit, dy't yn 'e himelen is, forhearlikje.
It wiene wol frjemde en greate dingen, dy't Jezus sei. Wiene hja, de earmen en de lytsen, dan it ljocht fan 'e wrâld? Hong it keninkryk dat komme soe dan net fan 'e riken en de greaten ôf en fan har wetsbitrachting? Hie de wrâld dan forlet fan de needrigen en fan har goede wurken? Ja, spriek Jezus, mar forsin jimme net en tink nou net, dat it maklik is om dy goede wurken to dwaen. De Farizeën leare jim dat it oankomt op fêstjen en op it waskjen fan hannen en itensark en op it hâlden fan 'e sabbat, mar ik siz jimme dat it oankomt op it hert. Net dat ik kommen bin om de wet fan Mozes to ûntbinen, ik bin kommen om de hiele wet to folbringen, mar Gods wet to folbringen is swierder as alles hwat de Farizeën jim oplein hawwe.
‘Hwant der is jimme leard fan 'e âlden: “Dû silst net deaslaen, mar ik siz jimme, dy't syn broer allinne mar hatet, dy is al in dea-slagger.
En der is jimme leard dat jim de Heare offerje moatte yn 'e timpel, mar ik siz jimme, as dyn offer al by it alter leit en it komt dy yn it sin dat dyn broer hwat tsjin dy hat, lit dan it offer wêze en gean hinne en meitsje it earst yn oarder mei dyn broer en kom dan en offerje dyn jefte.
De âlden hawwe sein “Dyn eed silstû net brekke, mar dû silst de Heare dyn eden bitelje”, mar ik siz jimme: Swar hielendal net, mar lit jimme wurd wêze ja, ja en né, né en al hwat dêr boppe komt, is fan 'e kweade. Jim hawwe altyd leard dat it wêze moast: “Each om each, en tosk om tosk”, mar ik siz jimme: Dy't dy slacht op it rjochterwang, hâld dy ek it oare ta.
En jim hawwe leard dat der sein is: “Dyn neiste silstû leavje en allinne de fijân haetsje”, mar ik siz jimme: Leavje jimme fijannen, seingje dy't jimme forflokke, doch goed hwa't jimme haetsje en bid foar dy't jimme kwea dogge en jimme forfolgje.’
* * *
En dêrnei warskôge er har earnstich, dat hja har goede wurken net dwaen moasten foar it each fan 'e minsken, lyk as doetiids wol dien waerd. Hwa't in earme hwat jaen woe, dy liet soms earst in slaef op 'e trompet blaze, dat elk it sjen soe en hwa't in great gebet dwaen woe, die it soms op 'e hoeke fan 'e strjitte, dat it foaral mar opfalle soe.
‘Mar dû, astû bidst, gean yn dyn binnekeamer en brûk gjin omhael fan wurden, lyk as de heidenen dogge. Hwant jimme Heit yn 'e himelen wit ommers hwat jim nedich hawwe, noch ear't jimme Him freegje. Mar bid jimme sa:
“Us heit, dy't yn 'e himelen binne,
Jins namme wurde hillige;
Jins keninkryk komme;
Jins wollen barre, allyk yn 'e himel, sa ek op 'e ierde;
Jow ûs hjoed ûs deistich brea;
en forjow ús ús skulden, allyk ek wy forjowe ús skuldners;
en lied ús net yn forsiking, mar forlos ús fan 'e kweade;
hwant Jowes is it keninkryk en de krêft en de hearlikheit oan't yn ivichheit. Amen.”
En haw gjin noed dat God jimme gebet net forhearre sil: Sjoch nei de fûgels fan 'e himel: hja siedzje net, noch rispje net, noch bringe net gear yn 'e skuorren en dochs jowt jimme himelske Heit har iten. En sit net yn oer de klean; sjoch nei de leeljes, hoe't hja waechse: hja bodzje net en spinne net en ik siz jimme: Salomo yn al syn pracht wie net klaeid lyk as ien fan harren. Soe God dan jimme net earder jaen hwat jim ha moatte as de fûgels en de blommen?
Dêrom: Bid, en jimme sil jown wurde; sykje en jim sille fine, klopje oan, en der sil jimme iependien wurde. Hwant elk dy't bidt, dy ûntfangt, en dy't siket fynt en dy't oankloppet dy sil iependien wurde.’
* * *
Mar, dat hja nou net tinke soene, dat hja alles mar fan God bigeare koene en dat Dy har alles op har wurd mar jaen moast, learde Jezus har dêrnei noch, hwat it heechste is yn it libben en hwêr't men foaral
| |
om bidde moat. It giet der net om, dat de bern fan God har skatten forgearje op 'e ierde, hwant dy rykdom forgiet, mar hja moatte har skatten garje yn 'e himel, skatten dy't noait forgean en dy't gjin ien har ûntnimme kin. Hwant net de dingen fan 'e ierde bitsjutte it measte yn it libben fan de minsken, mar it alderheechste is it keninkryk fan 'e himelen en syn gerjochtichheit.
* * *
En doe, om har noch ien kear goed op it hert to binen, dat hja syn wurden oannimme moasten, fortelde de Heare oan 'e ein noch in koarte gelikenis, in hiel gewoan forhael, mar dat in djippe sin hie.
‘It is mei jimme as mei dy beide minsken dy't har sels in hûs bouden. De iene wie in wiis man en hy boude syn hûs op 'e stienrots. It foel net ta om yn 'e hurde stien in plak foar de founeminten út to kapjen, mar doe't it ien kear klear wie, stie it fêst. En de stjalprein sloech del en de berchstreamen kamen, en de stoarmen rûsden en sloegen tsjin it hûs oan, mar it foel net yn, hwant it wie op 'e stiennen grounfêste. De oare man, lykwols, wie dwaes en boude syn hûs op it sân. It wie sa mar klear, mar doe't de stjalprein delsloech en de stoarmen rûsden en tsjin dat hûs oansloegen, foel it yn en syn fal wie great. Elk fan jimme dan, dy't dizze myn wurden heart en dêrneffens docht, sil lykje op 'e man dy't op 'e stienrots boude. Mar hwa't dizze myn wurden heard hat en der net nei docht, dy liket op 'e man dy't boude op sân.’
* * *
Doe't de skaren nei hûs teagen, elk nei syn doarp en stêd, wiene se der stil fan. Noch noait hiene se ien heard, dy't sa sprekke koe as dizze rabbi fan Nazareth en noch dagen neitiid moasten se iderkear wer oan syn wurden tinke. Hja leauden nou fêst, dat Jezus in great profeet wie en mannichien hope dat er noch mear wêze soe: de Messias, dy't komme moast. Hja tochten dat Jezus nou wol gau it keninkryk yn Israël oprjochtsje soe. It kaem net yn har op, dat dat keninkryk yn it forburgen wêze soe, dat de Man fan Nazareth net op 'e troan, mar yn it grêf komme soe en dat it mei him gean soe troch de djipte nei de hearlikheit. Doe't hja dat bigriepen, letter, wiene der mar inkelden, dy't him trou bleauwen en oan 'e ein ta yn him leauden.
En sels de learlingen bigriepen noch net folle fan hwat der barre soe en fan de djippe wegen, dy't har Heare lâns moast. Mar hja leauden dan to-minsten yn him en hja hawwe noait forgetten hwat er har doe dy deis op 'e berch leard hat. Lange, lange jierren letter, doe't de Heare Jezus al lang opstien wie út 'e deaden en opfearn nei de himel, hat Matthéus, ien fan 'e tolve, it foar ús opskreaun.
|
|