âld en it libben is sa swiet.... Bihalve dan foar melaetsken fansels!
Op in kear, doe't syn sibben him wer iten brochten en him út 'e fierte ta-rôpen, fortelden se fan in rabbi út Nazareth, hoe't dy de siken de hannen oplei en hoe't er de kweageasten útwurp en de blinen it gesicht werom joech. Alles koe er, dy Godsman, en gjin ding wie him ûnmooglik. De melaetske hearde nei dat frjemd forhael en it rekke him djip yn it hert. Fan dy dei ôf wie er suver omkeard: hy seach net langer nei de dea út, lyk as to-foaren, en hy hie wer hoop dat er noch better koe. Hy hie mar ien gedachte mear, dat er op Jezus wachtsje moast en him freegje oft er syn sike lichem genêze woe mei in wurd fan syn mûle. Oare siken lei er de hannen op, mar dat koe by him net; hy wie ûnrein. Elke kear as er dat haetlik wurd roppe moast, fielde er syn skande djipper. Unrein! O, as dy rabbi him helpe woe; as er noch ris wer in nij libben bigjinne mocht, as er wer soun wurde mocht en sterk! Hoe lang wie it lyn dat ien him oanrekke hie, syn mem, in suster, in fortroude freon?....
Hy wachte, geduldich earst, en doe yn al greater spanning. Ien kear soe er dy rabbi dochs wol treffe op 'e wegen om 'e stêd, ien kear soe er him to-mjitte gean en oan syn fuotten delfalle. Doe't de wiken foarbygyngen en Jezus noait kaem koe er it net langer úthâlde. Hy soe de stêd yngean en de rabbi sels opsykje, ek al wie it strang forbean foar ien as him. Hy hie noait in aerd hawn om krekt neffens wet en regel. En dit gyng om syn libben....
* * *
De deis dat er hearde, dat Jezus wer yn 'e stêd wie, wie er daliks biret. Mei de wide mantel om him hinne en de mûtse djip yn 'e eagen slagge er troch de poarte; doe, yn it skaed fan 'e hege huzen lâns, glûpte er de stêd yn, nei de strjitte dêr't Jezus wie. Sadré't er him seach, lyk as waerd it him ynjown, wist er: dit is mear as in minske, mear as in great profeet. Doe sloech er de mantel iepen en skuorde de mûtse ôf; nou mochten se sjen hwa't er wie en hwat him skeelde! En wylst er syn melaetske hannen nei Jezus útstiek, liet er him falle en smeke: ‘Heare, as jo wolle, jo kinne my reinigje.’
De discipelen en de minsken by Jezus sprongen kjel efterút. Hoe doarst er it weagje, dy ûnreine, en kom samar midden tusken de minsken? Joech er dan om gjin wet en regel en koe it him neat skele, dat er in stêd-fol folk oanstiek mei syn ûnhuere kwael? Hja seagen nei Jezus. Nou soe er dochs fêst wol lilk wurde en dy dryste keardel bistraffe?
Ek Jezus stie in telmannich forbaesd doe't dy melaetske dêr sa ûnforwachte foar syn fuotten foel. Ek hy foun it net goed dat dy man fan Israël Gods wetten briek, mar hy foun it nou de tiid net om him to bistraffen. Hy seach noch hwat oars yn dizze earme lijer as in wets-oertrêdder: hy seach in sterk en djip leauwe, in hertstochtlike langst nei genêzing en yn in great meilijen stiek er de hân nei him út en roerde him oan. En lûd en treastend spriek er: ‘Ja, ik wol, wurd rein.’
De man stie al oerein en syn eagen blonken fan greate blydskip. Hy wie wer soun en sterk en hy mocht wer by de minsken! Noait soe er wer heukerje op it iensum fjild, de gleone middagen en de kâlde nachten. Hy mocht wer wenje yn 'e stêd, yn it âlde hûs. En dy rabbi hie him oanroerd mei syn hillige hannen! To-nei soe er elk dy't it hearre woe, fan dit wûnder fortelle!
Mar doe hearde er Jezus sizzen - en it wie as klonk syn lûd nou strang en hast forwitend -: ‘Gean net de stêd yn en fortel oan gjinien hwat ik dy dien haw, dat de minsken my net foar in wûnderdokter oansjogge, mar nim de reisstêf op en gean nei Jeruzalem en bring it tank-offer dat Mozes dy oplein hat.’
Hy hie it wol goed heard, de genêzene, mar hy die net hwat Jezus him oplei en oeral spriek er oer it blide wûnder dat de rabbi dien hie. Hy wist net iens dat Jezus fortriet hie om syn oerhearrigens, likemin as er oait witten hat, dat er him opkearde yn syn wurk. Hwant troch syn opteine forhalen kamen de minsken yn kloften op Jezus ta en koe er yn gjin stêd komme of de skaren wiene him lêstich. It wie sa slim, dat de Heare bûten de stêd, op it iensum fjild ûntwyk socht en doarpen en stêdden mijde.
* * *
It wie yn dy tiid dat Jezus út 'e rounte fan discipelen dy't him altyd folge, tolve útsocht dy't syn apostelen wêze soene en letter, yn it lân fan Israël en dêr bûten, syn namme en evangeelje forkundigje soene. Oan dy tolve learlingen - of to-minsten oan alve fan har soe er de opdracht jaen om syn wurk fuort to setten en om syn tsjerke to bouwen. Ear't er syn kar die, kleau er op in berch en bidde er in lange nacht....
De tolve wiene: Simon en Andréas; Jacobus en Johannes; Filippus en Nathanaël, dy't ek faek Bartholoméus neamd wurdt; Matthéus en Thomas; Judas dy't ek Thaddéus hiet en in oare Judas dy't de bynamme Iskariot hie; Jacobus, de soan fan Alféus en Simon de Seloot.