De Farizeën joegen har ôf, swijend, om't hja net wisten hwat se sizze moasten, mar hja namen har it wurd fan Jezus net nei en haten him noch mear. In man, dy't willemoeds de sabbat briek, dat koe neffens har gjin profeet wêze.
* * *
Op in oare dei siet Jezus wer yn in keamer fan in great hûs to Kapernaüm en learde it folk, dat foar him stie op it binneplein en yn 'e poarte. De Farizeën sieten ek wer yn it formidden en hiene gjin each fan him ôf. O, as der him mar ris ien kear in forkeard wurd ûntkaem, as hja him mar ien kear op in leagen bitraepje koene, of op in wurd, dat tsjin de Skrift yngyng.
Doe waerd der in sike by Jezus brocht, in man dy't in kweageast hie en dy't stom en blyn wie en foar de eagen fan 'e Farizeën wurp er de démon út. De man, dy't fan to foaren net sjen koe, seach nou alles en koe wer prate as alle oare minsken. Lûd, tusken de hege muorren, klonk syn blide stim en hiel de skare wie bliid mei him en jubele en rôp: ‘Dy't sokke tekens dwaen kin, soe dat de Messias, de soan fan David, net wêze?’
De Farizeën, op har hege stuollen, loven net. Hwat koe it har skele, dat dy sike stakker forlost wie út 'e macht fan Satan, hwat joegen se der om, dat in stomme prate koe, in bline sjen? Hja wiene forgrime, dat dy rabbi fan Nazareth al wer in wûnder dien hie, dat al dat folk him love en him de namme joech fan ‘Davidssoan’. En dizze kear koene se der neat fan sizze: it wie net op 'e sabbat en it wie net by de wet forbean om in sike to genêzen.
En al lûder jubele it optein folk en al greater en fûlder waerd har bline haet. It koe har neat mear skele hwat se seine en mei har gleone koppen tichte byinoar, seine se: ‘It is gjin wûnder, dat er de kweageasten útwerpt, hwant hy hat syn macht fan 'e oerste fan 'e démonen, fan 'e Satan sels!’
Hja hiene it allinne mar tsjin elkoar sein, de mannen út Jeruzalem, hwant hja doarsten net mear tsjin Jezus to bigjinnen, mar midden tusken de jubel fan it folk hearde de Heare Jezus har húnjende tael. Noch noait sa goed as nou hie er field hoe great har haet wie, en har falske laster smertte him djip yn syn siel. Ien kear, dat wist er nou al, soene dizze Farizeën him de dea dwaen, mar noch wie dy tiid net kommen, noch moast er geduld ha en har fordrage. Hy stiek de hân op en it loovjend folk waerd stil. Doe kearde er him nei syn fijannen en spriek: ‘Jim sizze, dat ik troch de Satan de kweageasten útwerp, mar jim leauwe it sels net! Hwant as de Satan de satan útwerpt, dan soe syn keninkryk net bistean kinne, hwant gjin inkeld keninkryk kin bistean bliuwe, dat tsjin himsels fordield is! Sa sizze jim dan dingen, dy't jim wol witte dat net wier binne, allinne om't jim my haetsje. Mar hwat jim sein hawwe, komt ek op jim eigen hollen del. Der binne ommers ek fan jimme learlingen, dy't de kweageasten útwije: dus, dan dogge dy it ek troch de macht fan Satan. Mar as jimme learlingen de Satan tsjinje, hoe stiet it dan mei jimme sels? - Nou swije jim en sizze neat mear, hwant jim witte wol, dat ik dizze tekens doch troch de Geast fan God. Dêrom wol ik jimme noch ien kear warskôgje! Hwant alle sûnden dy't de minsken dogge, kinne har forjown wurde, sels de laster tsjin de Minskesoan, mar hwa't willemoeds de Geast lasteret en Him de Satan neamt, dy syn sûnde sil noait forjown wurde.’
Mar ek dit earnstich wurd namen de Farizeën har net nei en in dei-mannich letter die it bliken, dat hja him noch nammersto fûlder haten.
* * *
It wie wer op in Sabbat en doe't de Heare Jezus yn 'e synagoge kaem, seach er dêr in man sitten mei in lamme hân. De man wie oars soun en goed en dy hân hie ek altyd geef west, mar troch de iene of oare sykte koe it bloed der net goed mear trochstreame en wie er alhiel fortoarre. Jezus hie tige meilijen mei dy earme man, dy't wol graech wurkje woe en nou fan jowne stikken libje moast en, om't er wist dat er leaude yn syn wûndermacht, naem er him foar om him to genêzen.
Njonken de man mei de fortoarre hân sieten wer dyselde Farizeën út Jeruzalem en hja seagen oan-ien-wei nei Jezus, oft er it weagje doarst en meitsje op 'e sabbat dy stumper better. Neffens har soe dat in great kwea wêze: dy man wie net yn gefaer fan syn libben en dy sike hân koe skoan oan 'e Snein ta wachtsje. Mar de Heare Jezus tocht der oars oer. Hy wie net fan doel om dy man in dei langer yn it lijen to litten, allinne omdat de Farizeën him de genêzing net gunden. En tsjin de man mei de lamme hân sei er: ‘Kom hjir, yn it formidden!’ De man sprong oerein, forheard en bliid, en roun hastich nei foaren.
Mar ear't er him holp, seach Jezus earst noch nei syn fijannen. Hy wist wol, dat hja him wol graech deadzje woene en dêrom sei er: ‘Hwat tinkt jim, jowt it foech op 'e sabbat de minsken goed to dwaen, of soe it better wêze in minske to deadzjen?’ It bleau stil yn 'e synagoge; net ien fan 'e Farizeën koe hjir hwat op sizze. Dat dy man fan Nazareth sels har forhoalen gedachten wist! Mar hja woene gjin skuld bikenne en hâldden har stil. Noch ien kear seach Jezus har oan, grammoedich om't hja noch gjin bilies jaen woene en tagelyk drôvich om har sûnde, doe spriek er tsjin de man: ‘Stek dyn hân út!’ En dêrmei waerd de fortoarre hân wer soun en geef en wie de kwael genêzen.