De Haedman-oer-hûndert
173
Kapernaüm wie gjin greate stêd yn 'e tiid dat de Heare Jezus der wenne, mar om't it flak by de grins lei, wie der wol altyd soldatefolk legere; de kommandant fan dy troep wie in haedman-oer-hûndert, of in centurio, lyk as de Romeinen seine. It wie yn alles in bysûnder man, dizze haedman to Kapernaüm: hoewol't er in heiden wie en út in oar lân kaem, hie er alles foar de Joaden oer en hoewol't er gjin hege rang yn it leger hie, hie er jild genôch om in nije synagoge to biteljen. Hy wie fierder in man dy't tige krekt wie op 'e tsjinst en dy't it úterste fan syn soldaten ferge, mar om't er rjochtfeardich wie en himsels ek net mijde, mochten syn mannen him graech lije. Lyk as de measte lju dy't it bitelje koene, hie er ek slaven, mar as hja goed har plicht diene en hert foar har wurk hiene, koene se it bêst by him hawwe. Der wie ien slaef, dy't bysûnder by him yn 'e gunst stie en dêr't er fan hâldde as wie it syn eigen soan.
Nou barde it op in kear dat dy slaef slim siik waerd, sa slim dat er gjin hân noch foet mear forroere koe en dat er forgyng fan pine. De centurio die der alles oan hwat er koe en liet de djûrste dokters komme, mar neat holp: de sike soe it net lang mear meitsje. Krekt om dy tiid kaem de Heare Jezus wer thús fan ien fan syn reizen en sadré't de haedman it hearde, naem er it bislút om syn help yn to roppen. Hy leaude fêst dat de rabbi fan Nazareth helpe koè; it wie allinne de fraech mar oft er it ek dwaen woè. Koe in Godsman, dy't in Joad wie, wol in wûnder dwaen foar in heiden? Soe er net sizze dat hy allinne stjûrd wie ta Gods eigen folk en dat de haedman him earst mar ris dope litte moast? Yn elk gefal wie it mar better dat er sels net nei Jezus tagyng to freegjen, mar dat in oar it foar him die.
Dat hy die de boade oan it bistjûr fan 'e synagoge en frege oft in pear fan har net foar him nei Jezus ta woene en freegje oft de Rabbi syn slaef genêze woe. De mannen fan 'e synagoge wiene daliks ré om oan syn forsyk to foldwaen en joegen har op 'en paed om Jezus to sykjen. Doe't hja him foun hiene - fansels wer midden yn in skare minsken - brochten se Him it boadskip fan 'e centurio oer. ‘Hy is it weardich’, seine se, ‘dat jo dit foar him dogge, hwant hy hat ús folk leaf en de synagoge hat hy foar ús sette litten.’
Doe't Jezus hearde dat dizze heidenske haedman sa folle foar syn slaef oer hie en dat er sa fêst yn syn wûndermacht leaude, wie er bliid en sei, dat er daliks mei gyng. Stadich, mei al it folk om him hinne, gyngen se de kant op nei it hûs fan 'e centurio, mar ien fan 'e boaden roun foarút om to sizzen dat de rabbi op kommende wei wie. It wie sa hwat bysûnders; in learaer yn Israël, dy't yn it hûs fan in heiden gyng - hy soe der wis ûnrein fan wurde - dat de haedman it wol foarút witte mocht.
* * *
De centurio hearde raer op, doe't hja him it greate nijs fortelden. Mar dat hie alhiel syn bidoeling net west, dat dy hillige Godsman by him yn 'e hûs komme soe; hy wie it net weardich sok in profeet to ûntfangen. En it wie ommers ek net nedich dat Jezus dy muoite naem! As er mar ien wurd spriek, al wie it oan 'e oare kant de stêd, dan soe syn slaef al better wêze. Hy soe fuortdaliks wer boaden stjûre....
En sa kaem it, dat doe't Jezus ticht by de strjitte wie dêr't de haedman wenne, al wer in pear man op him ta kamen. Earbiedich bûgden se foar him en earnstich seine se: ‘Rabbi, út namme fan ús hear moasten wy Jo dit sizze: Heare, doch dochs gjin muoite, hwant ik bin net weardich dat Jo ûnder myn dak komme soene; dêrom haw ik ek mysels net weardich achte, ta Jo to kommen, mar siz ien wurd en myn slaef moat genêze. Hwant ik bin sels ek in minske, dy't stiet ûnder oarmans macht en alles hwat my oplein wurd, doch ik. En ik haw sels wer soldaten ûnder my en tsjin de iene siz ik: Gean! en hy giet en tsjin in oaren-ien: Kom! en hy komt, en tsjin myn tsjinstfeint: Doch dat! en hy docht it. En sà, wit ik, kinne Jo sykten en kwalen gebiede en hja sille fan 'e minsken wike.’
Doe forwûndere de Heare Jezus him oer dizze heidenske haedman en hy tocht oan de minsken út Nazareth, syn eigen stêd, dy't net yn him leauwe woene en dy't him bisocht hiene to deadzjen. As syn