De keninklike Amtner
171
Iderkear as de Heare Jezus werom kaem fan in reis troch Galiléa, of fan in tocht nei Jeruzalem, gyng er wer nei de stêd fan Kapernaüm. Der wie ek gjin gaedliker plak yn hiele Israël, as dizze stêd yn it hege Noarden. It lei flak by de grins, dat as Herodes him kwea dwaen woe, koe er maklik de wyk nimme nei it rjochtsgebiet fan Filippus, dy't wol út 'e famylje fan 'e Herodessen wie, mar lang sa wreed net as de oaren. Mar ek as syn eigen folk him nei it libben stean soe, lyk as doe to Nazareth, dan wie er altyd yn Kapernaüm noch feilich: der wennen trije mannen, dy't gâns to sizzen hiene yn 'e stêd en dy't yn him leauden en altyd, as it wêze moast, foar him op kamen. Ien fan dy trije machtige biskermers wie in hege amtner fan Herodes Antipas, dy't syn wurk to Kapernaüm hie en hwaens soan troch Jezus genêzen wie.
* * *
Op in kear, krekt doe't Jezus al in skoft net to Kapernaüm west hie, wie it jonkje fan 'e keninklike amtner siik wurden. It wie noch mar in lyts bern, miskien de iennichste fan syn âlden, en de heit hong tige oan him. Earst hie er noch hoop hawn dat it in gewoane berne-sykte wie en dat it sa wol wer oer gean soe, mar doe boaze de koarts hurd oan en hiene se de dokters komme litten. Sok in heech amtner stie it ommers net oan jild en foar syn soan hie er alles oer. Mar de dokters, mei har wûnderlike médisinen, koene it sike bern net genêze en it like wol, dat hja har lytse jonge misse moasten. Dat Jezus nou ek net thús wie, krekt nou't hja him sa nedich hiene! Hwant as hy der west hie, de rabbi fan Nazareth, dan hie er fêst it bern de hannen oplein en him genêzen. Hy koe alles ommers en hy woe elk helpe dy't leaude oan syn wûndermacht.
En doe, wylst de koarts op it heechst wie en de dokters seine dat it mei de sike op 'en ein roun, hearden se dat Jezus wer yn Galiléa wie, yn it stedtsje Kana. Mar dan wie it miskien noch net to let, dan gyng er nou daliks op mars om him to heljen. It foel him wol swier om nou by syn sike jonge wei - elke ûre koe nou de lêste wêze - en it waerd in mars fan ûren en ûren oer de heuvels nei Kana, mar it gyng om it bihâld fan syn soan en dit wie de lêste kâns. Miskien wie it al to let!
Hy makke him daliks reisfeardich en nei't er de hiele middei roun hie, kaem er noch krekt foar de nacht, de jouns om in ûre of sawn, yn it hûs dêr't Jezus mei syn discipelen wie. Hy die him amper groetsjen oan tiid, sa baernde it him yn en hy smeke: ‘Rabbi, kom dochs mei nei Kapernaüm, hwant myn soan is tige siik.’
Mar Jezus wie net daliks sa mar klear om mei to gean. Fansels, hy hie djip meilijen mei dizze heit en mei dat bern dat omfierrens to stjerren lei, mar hy mocht net allinne om sokke dingen tinke. Hy wie net allinne op ierde kommen om siken better to meitsjen en wûnders to dwaen: hy wie kommen om de minsken to forlossen fan sûnde en kwea. It koe der net mei ta, dat de minsken yn him leauden as in wûnderprofeet, dy't alle siken de hannen oplei; hja moasten him oannimme as har forlosser en Heare. En nou stie hjir al wer ien út Kapernaüm en al wer wie der forlet fan in wûnder. Hwannear soe der ris ien komme út dy stêd, dy't net om in wûnder twong, mar dy't kaem om syn sûnde to biliden en dy't om forjowing frege? Hwannear?
En bitter hast, sei er: ‘Jimme dêrre to Kapernaüm, jim moatte altyd mar wer tekens sjen en oars leauwe jim net!’ De keninklike amtner antwurde net op dat forwitend wurd; syn hert wie to fol fan syn stjerrend bern om noch oan oare dingen to tinken. It soe wis wier wêze, hwat de rabbi sei, mar it wie nou gjin tiid ta praten! En smeekjend sei er: ‘Heare, kom dochs mei, ear't ús jonkje stjert.’
Jezus waerd net lilk by dy twingende fraeg; hy hearde der yn de greate, djippe leafde fan in heit foar syn sike soan en tagelyk ek in sterk en great bitrouwen. Dizze man út Kapernaüm, dy't sa'n reis om him makke hie, dy leàude dat er komme soe, nou noch, yn 'e nacht. Mar às er dan leauwe koe, dan soe er him ek daliks helpe en hwat fan him freegje dat er noch fan nimmen frege hie. ‘Gean hinne’, sei er, ‘jins soan libbet.’
Forbjustere seach de man him oan en stadich gyng dat frjemde wurd yn him del. Jins soan libbet! Mar syn jonge lei dêr yn Kapernaüm, ûren fier en dy rabbi hie him net iens sjoen en hy hie him noch net ienris forteld hwat foar sykte it wie! Hoe wist er dan dat de jonge better wie? En doe ynienen begriep er hwat Jezus bidoelde. Jins soan libbet! - dat bitsjutte net: Ik wit, dat er noch yn libben is, mar: Ik wol, dat er libje sil en dêrom is er genêzen! Mei dit simpele wurd, oer in ôfstân fan ûren, hie dizze rabbi syn bern wer better makke! It koe net, it wie net to