ophâldde fan sprekken en de minsken nei hûs gyngen, bleau Jezus op it skip. Hy wist fan al har wurk en muoite dy nachts en dat hja neat fongen hiene en hy wist ek hoe nedich hja oan fortsjinst ta wiene.
Hy roun op Petrus ta en sei: ‘Hâld ôf nei de djipte en bring jimme netten ût foar de fangst.’ Forheard seach Simon op fan syn wurk. Hy wie wend om alles daliks to dwaen dat de Heare him opdroech en hy wie ek nou wer ré om'e netten to setten, mar miskien tocht Jezus der net oan, dat hja dy hiele nacht al fiske hiene en dat, as men nachts neat yn 'e netten kriget, it by dei to-minsten net fange wol. ‘Master’, sei er, ‘de hiele nacht troch hawwe wy arbeide en neat fongen, mar op jins wurd sil ik it dwaen.’
Doe hellen se it greate, trijekante seil omheech en stadich fearen se fan 'e wâl nei djip wetter. Sa fier't hja sjen koene oer de wide mar, wiene nearne guon oan it fiskjen; it wie stil en de sinne glinstere op it wetter. Har maten op it oare skip, Johannes en Jakobus, soene wol frjemd opsjen. Mar Jezus hie it har opdroegen en beide, Simon en syn broer Andréas, diene se hwat er har sein hie. Hja brochten alle netten út dy't hja by har hiene en doe't hja in skoftsje wachte hiene, bigounen se it earste op to heljen. Sadré't it boppe wetter kaem, seagen se de fisk al glinsterjen en fielden se dat it fol siet. Forsichtich bigounen se it oan board to heljen, mar by alle soarch skuorde it noch op plakken, sa swier woech it der yn. Mar it twadde net wie ek oan boppen ta fol en doe't hja fornamen dat it mei de oare ek sa wie, wonken se de maten, dat dy komme moasten en help har. Sa hellen se doe fjouwerisom de netten op en doe't alles leech wie, wiene de beide boaten sa fol, dat hja omtrint sonken. Der hie suver neat mear by kinnen en as it waer net tige moai west hie en de sé sa glêd as in spegel, dan hie it net iens fortroud west. Stadich, mei har kostbre fracht, dreauwen se nei de wâl.
* * *
En doe earst, doe't de spanning fan it wurk oer wie en de earste blidens bikommen, bigounen se nei to tinken oer dit machtich wûnder. Net allinne de koarts en de démonen wie har Master oermânsk, mar hy hearske ek oer de fisken fan de sé. Dyselde fisken, dy't har net fange lieten yn 'e koele nacht, hie er op de gleone middei yn har netten dreaun. En wie it gjin wûnder dat hy, de Soan fan God, de kening fan himel en ierde, ek tinke woe om har lytse soargen en de need fan har húsgenoaten?
Foaral Simon naem it him tige nei. Hy stie dêr mar to sjen nei al dy rykdom: in skipfol greate fisken! En dan to witten dat yn it oare skip noch like folle wie! As it goed birêdden waerd en droege yn 'e sinne, dat it duorje koe, dan koene se der gâns jild foar meitsje en hoegden se thús net mear yn noed to sitten.
Mar mear noch as oan dizze ryke fangst en oan it jild dat der foar komme soe, tocht Simon, de soan fan Jona, oan him dy't it wûnder dien hie. Dat sels de fisken yn 'e mar har skikten nei syn wurd en wil, dêr waerd men, as fisker, stil fan. Hy hie sjoen hoe't de Heare syn skoanmem better makke, hoe't er de siken fan Kapernaüm de hannen oplei, hoe't er de démonen útwurp, en hy wist dat it iene wûnder net greater of lytser wie as it oare, mar hy koe it net helpe, dit griep him noch mear oan. Noch noait hie er sa goed witten dat Jezus de soan fan God wie, as nei dit wûnder op 'e mar. Moast men al dy jierren swalke en fiske hawwe op dizze sé fan Tiberias, om it sa to fielen?
En dat hìm dit nou barre mocht, dat Jezus dêr nou siet op syn skip, by him, in ienfâldige fiskerman fan Galiléa, in sûndich man, dy't altyd mar sei hwat it earst foar de mûle kaem. It koe dochs net, as men jin der goed ynjoech: de hillige koe net wenje by it ûn-Galiléa, in sûndich man, dy't altyd mar sei hwat him it de dea fortsjinne. En doe fleach it him oan, hy moast hwat sizze, hy wist sels net hoe't er it ûnder wurden bringe moast, mar dit koe sa net bliuwe. En wylst er him foar Jezus' fuotten falle liet, rôp er: ‘Heare, gean by my wei, hwant ik bin in sûndich minske.’
De Heare Jezus bigriep wol, hwat der omgyng yn it hert fan dizze discipel en hwat er bidoelde mei dy wurden. It wie net dat Simon him graech fuort ha woe, it wie mar allinne dat er noch noait sa goed bigrepen hie, dat hy in sûndich minske wie en Jezus de Hillige Gods. Hy doarst net mear by him wêze, sa ticht by him op dit bihindich skip. En Jezus spriek: ‘Wês net bang, Simon, fan nou ôf oan silstû minsken fange.’ En nei dit wurd fan syn Master wie Simon ek net bang mear. Hoe soe er noch bang wêze, as de Heare him ta sokke greate dingen rôp? Minsken soene se fange, hy en syn fiskermaten! De Heare allinne wist hoe't dat koe en hoe't dat moast, mar hy, Simon, wie der ré foar. Mei Jezus wie gjin ding ûnmooglik.
Nei dit wûnder op 'e sé fan Tiberias joegen se it fiskjen oer en folgen se Jezus, oeral dêr't er hinne gyng. Doe't hja, tiden letter, noch ris wer de netten setten, wie Jezus al net mear by har.