De Hillige Histoarje. Diel 2. It Nije Testamint
(1953)–Ulbe van Houten– Auteursrecht onbekend
[pagina 36]
| |
lange jierren wenne hie en dêr't alle minsken him koene: yn Nazareth. Mar al wist er dan yn it foar hwat him to wachtsjen stie yn 'e eigen stêd, hy gyng dochs, hwant ek dêr moast er it evangeelje bringe; as hja it net oannimme woene, dan wie it har eigen skuld. Hysels woe wol graech ek yn Nazareth de wûnders dwaen, dy't er to Kapernaüm dien hie. En sa gyng de Heare Jezus dan op in sabbat nei de synagoge, dêr't er yn syn jonge jierren sa faek hinne west hie. De minsken, dy't him allegearre sa goed koene, wiisden nei him en hja praetten drok mei elkoar, mar it wie net om't hja bliid wiene mei syn komst. Hja founen it lang net moai fan him, dat er wûnders die yn in oare stêd en dat er noch noait wer yn Nazareth west hie, dat dochs de âldste rjochten hie; it kaem net to pas, founen se, dat in profeet de frjemden holp en eigen foarbygyng. Nammers, it wie ek noch net fêst, dat er in profeet fan God wie: der gyngen wol frjemde forhalen fan hwat er allegearre net dien hie, mar de minsken praetten safolle. Men moast it earst sels mar ris sjen. Allinne as er in machtich teken die, greater noch as op oare plakken, soene se yn him leauwe. En stil, tusken al dy nijsgjirrige minsken, siet Jezus en hy wist alles, dat der yn har herten omgyng. In wûnder woene se sjen, greater en machtiger as to Kapernaüm, mar hy koè hjir gjin teken dwaen om't hja net yn him leauden. It lei net oan him: hy woe alle siken to Nazareth wol better meitsje, mar hy koe neat dwaen as hja har net bikearden. In djip meilijen wie der yn syn hert mei dit dwerse folk en tagelyk in greate grime om har sûnde en har ûnbikearlikens. De tsjinst yn 'e synagoge gyng syn gewoane gong: der waerd lêzen út 'e hillige wet en songen en bidden en nei it lêzen frege de lieder fan 'e tsjinst oft immen in goed wurd foar de gemeente hie. It die de minsken nij dat Jezus it wurd net frege; hy soe dochs net allinne kommen wêze om to harkjen, lyk as eartiids doe't er noch yn 'e stêd wenne? Of soe er him hjir skamje, omdat elk him koe as de timmerman, de soan fan Jozef en Maria? As er neat sei, as er sà wer nei hûs gyng, dan leauden se to-minsten net, dat er hwat bysûnders wie!
* * *
It roun nei de ein mei de tsjinst; de tsjinner kaem der al oan mei it boek fan 'e profeet Jesaja. As er nou net it wurd frege, koe it net mear. Allegearre seagen se nei him en in lûd gemompel gyng by de banken lâns. O, sjoch! Dêr gyng er stean! De oerste fan 'e synagoge wonk him al en rêstich roun er nei foaren, nei de hege katheder. Har herten kloppen. Nou soene se dêrmei witte oft er in great profeet wie, of net! It waerd tige stil; oer al dy bûgde hollen gyng syn waerm, jong lûd. Noch noait hiene se it sa moai foun, dy âlde, hillige tael fan 'e profeten, it echte Hébrieuwsk sa't it al sûnt ieuwen net mear sprutsen waerd. Fuort nei it lêzen fortaelde er it yn it Arameesk, de tael dy't hja troch-en-dei praetten en dy't elk neikomme koe. It wiene tige bikende fersen: ‘De Geast des Heare, Heare is op my,
omt de Heare my salve hat
om in blide tiding to bringen de sêftmoedigen;
Hy hat my útstjûrd om to forbinen de brutsenen fan hert,
om de finzenen frijheit út to roppen,
en dy't boun binne loslitting út 'e finzenis,
om út to roppen it jier fan it wolbihagen des Heare.’
It bleau stil doe't it lêste wurd forklonk ûnder it hege dak en hja seagen hoe't Jezus it boek tichtrôlle en it oan 'e tsjinner joech. Doe gyng er sitten yn 'e katheder en mei greate klam spriek er: ‘Hjoed is dit wurd, dat yn jim earen klonken hat, folbrocht: Ik bin it dêr't Jesaja fan sprutsen hat en al dy goede dingen dy't ik jim foarlêzen haw, sil ik yn Israël dwaen.’ Hja wisten net hwat hja hearden, de mannen fan Nazareth; dit hiene se net forwachte en sels de minsken dy't net folle forwachting fan him hawn hiene, moasten tajaen dat er tige goed spriek. Hja knikten inoar ta en makken in beweging fan: hwa hie dat fan him tocht. Hy spriek wol fan greate dingen, dy soan fan Jozef! Fan him hiene dus de profeten sprutsen en op him wie de Geast des Heare? It hearde moai en it wie in geniet om nei him to harkjen, mar dêrom koe men noch net forjitte hwer't er weikommen wie! Hja hiene him to faek yn 'e timmerwinkel stean sjoen, om alles sa mar to leauwen. David wie ek lyts bigoun, dy wie ek mar in skieppe-hoeder yn syn jonge jierren, mar David wie út Juda en dat makke alles goed. Bethlehem of Nazareth, dat skeelde to-folle! Fansels, as er nou aenstouns in machtich wûnder die, as de himel iepen gyng en der kaem in ingel del.... De Heare Jezus, út 'e hege katheder wei, seach op har del en hy lies yn har herten as yn in iepen boek. Hja leauden him net, al hiene se dan ek nei syn wurden harke; hja woene him net sjen as de Messias, dy't har it ivich libben jaen soe, mar as de timmerman, dy't ien fan harren wie. Dat wie har sûnde en dêrom mocht er it wûnder net dwaen, dat hja bigearden. En strang spriek er: ‘Jim sille my grif dit sprekwurd foarhâlde: Master, genês dysels! It is gjin goed dokter dy't frjemden better makket en eigen net helpe wol; hwat wy heard hawwe dat to Kapernaüm bard is, doch dat ek yn jins eigen stêd. Ik soe it graech dwaen wolle, mar ik kin net, om't jim net yn my | |
[pagina 37]
| |
leauwe. Wiswier siz ik jimme: in profeet is noait wolkom yn syn eigen lân. It hat ommers altyd sa west mei dit oerhearrich folk: der wiene gâns widdouwen yn Israël yn 'e dagen fan Elia, mar net nei ien fan harren waerd Elia stjûrd, mar nei in widdou yn Sarepta, yn it lân fan 'e Sidoniërs. En der wiene gâns melaetsken yn Israël yn 'e tiid fan 'e profeet Eliza, mar gjin ien waerd reinige as Naäman, de Syriër, út in heidensk lân.’ Oan't sa fier hiene se Jezus oanheard, mar by dy lêste wurden briek har woede as in ûnwaer los. Miende dy timmermans-soan dat hja minder wiene as de bline heidenen? Mar dat lieten se har net sizze! Dit koe de Messias net wêze, dy't Gods eigen folk forhúnde! Hy wie sels in heiden! En sa'n ien doarst noch to sizzen, dat Jesaja oer him sprutsen hie! En roppend en bearend sprongen se oerein en krongen op him oan en mei gewelt dreauwen se him nei bûten. Jezus sei gjin inkeld wurd; Hy liet him slaen en stompe en geduldich droech er alle smaed en hún. En om't er neat werom sei, waerden se noch nammersto lilker en wer sloegen se de hannen oan him en sleepten him de strjitten troch, de poarte út, nei it plak dêr't de misdiedigers stiennige waerden. Stjerre soe er, dy timmerman, dy't him foar Gods Messias útjoech! Foar sokken wie gjin plak yn har stêd.... En wylder krongen se op him oan, al tichter twongen se him nei de rânne fan 'e heuvel. Noch in mannich stappen en dan stoartte er yn 'e djipte. En dêrûnder leine stiennen genôch. Wyld raesden se om harsels moed yn to sprekken foar de lêste, deadlike stjit. En doe ynienen kearde Jezus him om. Hy sei gjin wurd, hy seach har allinne mar oan en foar de macht fan syn suvere eagen skrillen se to-bek. Al dy flokkende mûlen foelen stil en heech en swijend, in kening tusken syn triljende fijannen, roun er tusken har troch en gyng er syn wegen. Net ien fan al dy dryste keardels stiek mear in hân nei him út.
* * *
Sa hiene de mannen fan Nazareth dochs noch in wûnder sjoen op dizze skriklike sabbat: it wûnder fan it Godslaem dat tusken de wolven trochgyng, mar sels dit teken bigriepen se net en it brocht har net tichter by God. Hja seagen him nei yn machteleaze woede en hopen dat er mar noait wer yn har stêd komme soe. Jezus hat der ek net faek wer west en yn letter tiden hat er mar inkelde siken yn Nazareth de hannen oplein en genêzen; de measten woene neat fan him witte. Hysels triek wer nei Kapernaüm en nei de oare stêdden fan Galiléa en hiele skaren rounen út en folgen him. It moat him in djippe freugde west hawwe de siken to genêzen en de tankbere minsken to hearren, dy't foar him delfoelen en God loven. Mar by alle blydskip wist er dochs, dat it sa net bliuwe soe: de fijânskip fan Nazareth wie net mear as in bigjin, in teken fan hwat him to wachtsjen stie. De eigen stêd hie him útwurpen en sa soe ienris syn hiele folk him forwerpe en him oerjaen oan 'e dea. Hwant dêrta wie er yn 'e wrâld kommen, om to stjerren foar syn folk: it Offerlaem fan God. |
|