der wie in tolkantoar, dêr't de reizgjende keaplju har bilêsting bitellen en sels in ôfdieling soldaten mei in haedman-oer-hûndert, in centurio, lyk as de Romeinen seine.
Mar Kapernaüm mocht dan in fleurige stêd wêze, mei gâns drokte en biweging, en mei gaedlike wegen nei de oare stêdden fan Galiléa, de fromme minsken út Jeruzalem hiene it der net op stean; der wennen har to folle heidenen en sels de Joaden wiene der neat to krekt op 'e wet. Yn Kapernaüm barden dingen, dy't nearne oars yn Israël mooglik wiene. Doe't der op in goede kear forlet wie fan in nije synagoge - de âlde waerd to lyts yn dizze groeijende stêd - en de gemeente der gjin jild foar hie, doe hie de centurio har it boukaptael skonken. Nou wie dat tige moai fan sa'n man - der wiene wol oare offisieren yn it Romeinske leger! - mar it wie tige de fraech oft it synagoge-bistjûr soks oannimme mocht. It hillich hûs fan God, dêr't it fromme folk op 'e sabbat gearkaem, koe dat bitelle wurde mei ‘ûngodskoppen’? - Sa neamden de Farizeën it Romeinske jild mei it byld fan 'e ‘godlike’ Keizer der op. - Yn elk gefal wie it wol in kwesje om der ris nei to fornimmen by de wetgelearden to Jeruzalem, mar de gemeente fan Kapernaüm, mei de foarsitter Jaïrus foarop, hie it mar gau oannommen en sûnt koe dy heidenske haedman gjin kwea mear by har dwaen.
* * *
Fansels wist de Heare Jezus ek wol dat Kapernaüm by de hege hearen fan Jeruzalem net op sa'n bêste namme lei, mar hy steurde der him net oan. Yn dizze stêd moast er wûnders dwaen en as syn Heit yn 'e himel him rôp, frege er net hwat de minsken der fan seine. Mar ear't er syn wurk yn 'e stêd bigoun, woe er earst al syn learlingen wer by him hawwe. Nei de brulloft to Kana hie er de fjouwer dy't to Bethsaïda wennen, frij jown om nei hûs ta en om har wurk wer op to nimmen: nou waerd it tiid dat hja him folgen en seagen de tekens dy't er mei koarten dwaen soe.
Sa gyng er dan op in goede dei it strân lâns, dêr't de fiskers dwaende wiene mei har netten. Hy kaem earst by de beide bruorren, Simon en Andréas, dy't krekt it net útsetten oan 'e kant fan 'e mar en oer it wetter hinne rôp er: ‘Kom achter my en ik sil jim fiskers fan minsken meitsje.’ De beide mannen hâldden op slach op mei it wurk: as Jezus ropt, dan past it gjin ien om him wachtsje to litten; de netten en de fisk dêr soene de maten har wol mei rêdde.
Jezus wie fierder roun en op in oar skip seach er de soannen fan Sébedeüs, Jacobus en Johannes, dy't mei har heit de skuorde netten boeten. Ek dizze beide kamen daliks by him, doe't er har rôp. Hja wisten, dat it dizze kear foargoed wie. Net langer soene se fiskje op 'e mar, mar mei Jezus soene se gean troch de doarpen en stêdden fan Israël, en fiskers fan minsken soene se wurde. Hja wisten net krekt hwat de Heare der mei bidoelde, mar dat fan dizze dei ôf alles oars wurde soe, dat bigriepen se wol. It spiet har net, dat hja doe by de Jordaen syn learlingen wurden wiene en hja fregen net hoe't it nou mei har froulju en bern komme soe en hwer't dy nou fan libje moasten. Dêr't Jezus de man en de heit ropt ta syn tsjinst, dêr soarget er ek wol, dat syn wiif en bern net fan 'e honger stjerre.
* * *
De Sneons dêr oan gyng Jezus, lyk as er wend wie, nei de synagoge, mar dizze kear, doe't Jaïrus frege oft ek ien in goed wurd to sizzen hie, gyng er nei foaren en nei de katheder. De minsken yn it stedtsje koene him fansels wol en hja wiene tige binijd hwat er sizze soe; it barde net faek dat hja yn it hege Noarden in rabbi yn it formidden hiene. Hy soe wis sprekke oer de wet en har útlizze hwat al mocht en hwat net, en hwat der noch krekt op troch koe en miskien soe er har forwite, dat hja de wet net diene en dat dêrom de Kristus net komme koe. Dan soene se nei hûs gean, forslein en biskamme, en yn it earstoan soene se har bêst dwaen om alle geboaden to hâlden, mar letter, dan forgeat it wer en gyng it libben syn gewoane gong wer. Hja wisten it mar al to goed; hja hiene al sa folle sokke taspraken heard....
Mar doe't de Here Jezus sitten gyng en it wurd naem, forgeaten se alles om har hinne. Dit wie gjin wetgelearde dy't slimme fragen oploste, dit wie in profeet dy't spriek mei macht. Noch noait, sels net to Jeruzalem op 'e hege feesten, hiene se in minske sa sprekken heard, noch noait hiene se sa djip har sûnden field, mar ek noch noait hiene se sa goed witten, dat God syn folk leaf hie en har forlosse woe út 'e macht fan Satan. En yn 'e synagoge, dêr't de minsken soms ûnder de preek gewoan mei elkoar praetten, waerd it tige stil. Gjin wurd mocht har ûntkomme fan hwat dy wûndere rabbi sei.
En doe, yn dy frjemde, ûnwennige stilte, sprong der in man oerein en bigoun to roppen; syn rou lûd bearde troch de hillige romte. ‘Hwat hawwe jo mei ús to meitsjen, Jezus fan Nazareth? Binne jo kommen om ús ûngelokkich to meitsjen? Hwant ik wit wol, hwa't jo binne: de Hillige fan God!’
It waerd wer stil yn 'e synagoge. De man sei neat mear, mar syn eagen stiene skril, as wie er deadlik bang en al syn lea trillen en skokten. De minsken fan Kapernaüm koene him wol en hja hearden der net iens sa frjemd fan op: it wie bikend yn 'e stêd, dat er in démon hie, in kweageast, dy't him bytiden alhiel yn 'e macht hie en dy't him twong om kwea to dwaen. Der wiene yn dy tiid wol mear sokke minsken; it like