Geast soe op har komme en yn syn namme en yn syn krêft soene se greate dingen dwaen. Hwant altyd wer kiest de Heare ta syn tsjinst de earmen en de lytsen út, de needrigen en de forachten, om biskamme to meitsjen al hwat heech is en great.
En sa gyng de Heare Jezus dan op reis, nei't er de fijân forslein hie, om de mannen to sykjen dy't op ierde syn freonen wêze soene. Mar trije fan har, hoewol't hja ek Galiléers wiene, foun er by de Jordaen, ûnder de learlingen fan Johannes.
Johannes de Doper hie faek oer Jezus tocht, al dy wiken sûnt er him doopt hie yn 'e Jordaen en gâns dingen wiene him dúdliker wurden. Iderkear, foar de doop, hie er oer him sprutsen as oer in machtich kening, dy't komme soe om syn folk to forlossen en syn fijannen to straffen - hy wist dat er gjin wurd to-folle sein hie - mar nou wist er dat Jezus net daliks kening wurde koe en dat er alderearst kommen wie om syn folk to forlossen fan sûnde en kwea. Dy deis, doe't Jezus werom kaem út 'e steppe, stiene der twa Galiléers by Him, twa mannen dy't Andréas en Johannes hieten en, wylst er wiisde op Jezus, sei er earnstich: ‘Sjoch, it Laem fan God.’
De beide mannen bigriepen dat wûndere, djippe wurd net daliks, mar hja wisten wol hwat Johannes bidoelde. Dat is nou dy Iene, woe er sizze, dy't nei my komme soe en dy't mear is as ik en ik fyn it goed dat jim my nou forlitte om him to folgjen. Ien koart momint stiene se yn bistân. Om Johannes hiene se wurk en hûs forlitten, hja wiene syn learlingen wurden en seagen heech by him op; koene se him dan nou yn 'e steek litte en mei Jezus gean? Mar har twastriid wie ek sa mar oer. Johannes hie noait oars dien as har hinne wize nei de kommende Messias; hwat koene se dan better dwaen as syn rie opfolgje? Net by de heraut wie to-nei har plak, mar by de kening sels. En hastich gyngen se de wei op, achter Jezus oan. Doe't hja him ynhelle hiene doarsten se him net oansprekke. ‘It Laem fan God’, hie Johannes sein. Mar soe er dan wol fan har witte wolle, twa gewoane minsken?
En dêrmei seach Jezus om en frege: ‘Hwat sykje jimme?’
Earbiedich fregen se: ‘Rabbi, hwer wenje Jo?’ As dizze iensume reizger de Messias wie, dan soe er wol bigripe dat hja to folle fragen hiene om hjir op 'e wei alles to sizzen en dan soe er har wis mei nimme nei syn hûs.
‘Kom dan mei my,’ spriek Jezus ‘en jim sille it sjen.’
Dy hiele dei bliuwen se by Jezus en doe't hja de jouns wer hwerom gyngen wisten se dat dizze Rabbi út Nazareth de Messias-kening wie. Noch mar ien dei koene se him, en nou hiene se him al leaf en hja woene alles wol foar him dwaen. Doe't Jezus har frege hie oft hja mei him woene nei Galiléa, hiene se daliks sein fan ja. Hja woene neat leaver as noch langer by dizze Rabbi wêze en noch mear mei him prate en fan him leare.
Yn har greate blydskip dat hja nou de Kristus foun hiene, de Iene, dêr't Johannes sa faek fan sprutsen hie, koene se hast net fan har rykdom swije. Fansels, dit wie to great en to hearlik om der mei elken-ien oer to praten, mar Andréas hie in broer, dy't ek in learling wie fan de Doper en dy moast it ek witte! Hy socht him op en rôp him to-mjitte: ‘Kom Simon, hwant wy hawwe hjir de Messias foun, dêr't wy al salang nei ûtsjoen hawwe.’ Simon gyng daliks mei en sadré't hja by Jezus wiene, spriek de Heilân: ‘Nou bistû noch Simon, de soan fan Jona, mar ienkear silstû “Cefas”, dat is: “Rotsstien” neamd wurde.’ En fan dy ûre ôf leaude ek Simon, de fiskerman út Bethsaïda, yn Jezus fan Nazareth.
* * *
Om dyselde tiid, noch ear't hja op reis gyngen it Noarden yn, trof Jezus noch in jongeman út deselde stêd dêr't ek Petrus en Johannes wennen: Filippus. Hy seach him oan en spriek allinne mar: ‘Folgje my.’ Doe wie ek Filippus ré om de Doper to forlitten en de kening to folgjen. Mar ek hy hie dêr noch in freon dy't wachte op 'e komst fan 'e Messias en dy moast it greate nijs dochs ek witte. Yn alle haest gyng er der op út om him to finen en hy trof him, earne by in hûs, dêr't er yn it skaed fan in figebeam siet. Hy wie in tige from man, dizze Nathanaël, út Kana yn Galiléa en hy soe wis tige bliid wêze as er alles wist.
‘O, Nathanaël,’ rôp Filippus, ‘nou haw ik bliid en wûnder nijs. Dyjinge, dêr't Mozes oer skreaun hat yn 'e wet en dêr't de profeten fan sprutsen hawwe, dy ha wy hjir nou foun: Jezus, de soan fan Jozef, út Nazareth.’
Nathanaël seach binijd nei syn freon. Hoe wie dy kalme Filippus ynienen sa bliid, sa optein suver? Hoe blonken syn eagen sa? Ja, as er wier de Messias foun hie.... Mar dat koe ommers net! Men hoegde noch gjin skriftgelearde to wêzen, om to witten, dat de Kristus Gods net út Galiléa komme koe! En twivelich sei er: ‘Ut Nazareth, kin dêr hwat goeds weikomme?’ Filippus sei oars net as: ‘Kom en sjoch.’
Nathanaël riisde oerein. It koe net, mar dochs doarst er net to wegerjen. En wylst hja nei it plak gyngen dêr't Jezus op har wachte, wie it oft in oare stim, de stim fan God, yn syn hert deselde wurden sei: Kom en sjoch. En doe't er by Jezus wie, noch ear't er him groete hie, sei Jezus tsjin him: ‘Sjoch, dit is nou in Israëlyt, dêr't gjin bidroch yn is.’ Nathanaël wist net hwat er hearde. Hy wie in man dy't it heil allinne fan God forwachte, net ien dy't as Jacob syn eigen, slimme