fan honger omkomme en hy hoegde de wet net to brekken om yn it libben to bliuwen.
* * *
Doe naem de Satan Jezus mei en brocht Him nei de timpel, op it heechste plak. Gjin minske koe har dêr sjen en gjin minske kin oait witte hoe't it krekt west hat, mar it wie dochs wier, en wylst er wiisde nei de djippe ôfgroun, spriek de Satan: ‘As Jo Gods Soan binne, werp Jo dan fan boppen del, hwant der stiet biskreaun: Syn ingelen sil Hy oer dy hjitte en hja sille dy op 'e hannen nimme, datst dy de foet oan gjin stien stjitte silst.’ Syn stim klonk suver from, doe't de forlieder dat wurd út 'e psalmen sei. Tsjin in tekst út 'e Bibel soe Jezus dochs neat ynlizze kinne. O, as er it nou ris die, en yn dy djipte sprong.
Mar de Heare Jezus antwurde: ‘Der stiet ek biskreaun: Dû silst de Heare, dyn God, net forsykje.’ Ek dizze kear wie it wer in wurd fan Mozes, dat Jezus oanhelle: it bitsjutte dat noait in minske de Heare hifkje mei, om to sjen oft Er machtigernôch is. Hwa't him moedwillich yn it gefaer bijowt en dan easket dat God him helpe sil, dy docht in great kwea.
* * *
Twaris hie de Heare Jezus nou de duvel ôfwiisd mei in wurd út 'e Skriften, mar noch joech de Satan it net oer. Dizze kear fierde er de Heilân op in hege berch en yn ien kear liet er him de hiele wrâld oersjen. It wie in machtich gesicht, al dy keninkriken fan 'e ierde, alle bergen en heuvels, alle bosken en streamen, alle wide flakten mei de greate, sterke stêdden en de Heare Jezus wist, dat er ien kear hearskje soe oer al dy wielde. Kening soe Er wêze fan alle lannen, fan alle folken, yn alle ivichheit. Mar earst moast er noch folle lije, mear as oait in minske lit hie op 'e wide wrâld en stjerre, in wrede, bittere dea....
En njonken him sei wer dat twingend lûd: ‘Dat sil ik Jo allegearre jaen as Jo ien kear my to foet falle en my oanbidde.’ It hearde sa moai: hiel dy ierde, dêr't sa folle smert en pine is, sa folle ûnrjocht en sûnde, soe fan Jezus wêze, dat hy syn ryk fan frede en rjocht bigjinne koe. De Satan soe him net mear mei de minsken bimuoije, hy soe har net langer ta sûnde forliede, har net mear opsette tsjin God en tsjin elkoar, der soene gjin oarloggen en rampen mear wêze, gjin sûnde mear en gjin hate. En al dat heil wie to krijen foar ien simpele fuotfal, ien koart gebet.... ‘As Jo my oanbidde.’ Mar it wie net wier hwat de Satan sei! As er de forlieder oanbidde soe, dan die er in greate sûnde en hoe soe er de fallene bern fan Adam rêdde, as er sels yn sûnde foel? It koe net; it heil koe net, koe noait fan Satan komme! It koe net en it mocht ek net! Trijeris hie de Satan him nou forliede wollen, mar nou liet er it net langer ta. Hy hie de striid, dy't de Heit him oplein hie, oan 'e ein ta striden: net langer soe de forlieder him hjitfolgje. En yn in greate, hillige grime spriek er: ‘Gean by my wei, Satan, hwant der stiet biskreaun: ‘De Heare dyn God silstû oanbidde en Him allinne tsjinje.’ En foar dat wurd flechte de Satan....
* * *
Tusken de heuvels stie de Heare Jezus, wurch en swak fan 'e honger, mar bliid om't er yn dizze earste kampslach de duvel oerwoun hie. Hy wist net hoe't er hjir wer weikomme moast: der wie gjin minske om him to helpen en hy koe gjin stap mear rinne. Mar hy wist, dat alles goed komme soe. It hinget net oan brea allinne, mar oan alle wurd dat út Gods mûle giet....
Doe spriek de Heare yn 'e himel en ingelen sweven del en brochten Jezus spize. Nei 't er iten hie - en wûnderlik forkwikten him dy himelske spizen - sette er de stap werom, de kant op nei de Jordaen.