Doop fan Jezus
164
En doe op in dei, sûnder dat de Godsman in iepenbiering hawn hie oer syn komst, stie de Heare Jezus foar him en frege oft Johannes ek him dope woe. De profeet waerd suver kjel fan dy ûnforwachte fraech. Hy koe noch net witte dat Jezus op ierde kommen wie, net om as kening to hearskjen oer Israël en de folken - dat sil net earder wêze as oan 'e ein fan 'e ieuwen! - mar om de sûnden fan 'e minsken to dragen en om foar har de wet fan God to folbringen; hy bigriep net dat Jezus de doop bigearde om 't ek hy ûnder de wet wie en om't ek hy de skuld fan 'e sûnde droech, al wie it dan ek om de sûnden fan oaren. En om't Johannes dat net wist, koe er der net ta komme en doop de Heare. Dy't doopt waerd, dy moast birou hawwe oer syn sûnden en ré wêze om in nij libben to bigjinnen, mar dat koe net jilde foar Jezus, dy't noch noait kwea dien hie. Hwant hy hie noch wol gjin iepenbiering hawn dat de soan fan Maria de kening wie dy't komme soe, mar hy hie der wol faek oer tocht en hy wist to folle fan him om him to dopen yn 'e Jordaen. Dei op dei hie er it folk foar hâlden dat de doop-mei-wetter it echte net wie en dat der Ien komme soe dy't dope koe mei de Geast en mei fjûr - en soe er dan nou dy Iene dochs noch de wetterdoop jaen? Hwat mochten de minsken dan wol tinke? En earbiedich sei er: ‘Heare, ik haw nedich fan Jo doopt to wurden en komme Jo nou ta my?’
De Heare Jezus waerd net lilk doe't Johannes him sa tsjinspriek en bistrafte him net; it wie ommers allinne út earbied dat er him net dope woe. Mar al miende er it goed, de Godsman, hy moast dochs dwaen hwat him oplein waerd. As de Kristus sels de wet folbringe moast en de doop ûndergean, hoefolleste mear moast de Doper dan syn plicht net dwaen?
‘Lit my nou’, spriek Jezus earnstich, ‘hwant sa foeget it ús om alle gerjochtichheit to folbringen.’ En nei dat wûnder wurd doarst Johannes net langer wegerje. Hy bigoun der hwàt fan to bigripen, dat ek de Heare Jezus ûnder de wet wie, dat ek de Kening net syn eigen wegen gean mocht, mar dat er it wollen dwaen moast fan syn Heit yn 'e himel. Mar as it sa stie mei Jezus, dan paste it in profeet net om tsjin him yn to lizzen. Djip bûgde er de holle. ‘Heare’, stammere er, ‘folgje my en ik sil Jo dope.’ En to-gearre, de Doper en de Kristus, gyngen se del nei it wetter.
Johannes wist al lang net mear hoe faek er hjir yn 'e Jordaen stien hie to dopen, en elke kear weroan wie it him in freugde, mar sa as nou hie it noch net earder west. Earbiedich lei er syn hannen op Jezus' holle en hoeden dompele er dat hillich haed yn it wetter. Syn Kening, dy't bûge woe by him, ûnder syn ûnhillige hannen! Ja, hy leaude nòch dat Jezus fan Nazareth ien kear Kening wêze soe en hearskje oer alle lannen - mar hy wist nou dat er ek mear koe as hearskje allinne: dat er syn folk ek tsjinje woe en it rêdde fan sûnde en kwea.
* * *
Doe't hja, nei de doop, wer to-gearre wiene oan 'e kant fan 'e rivier, liet de profeet yn him omgean hoe't it nou fierder mei him komme soe. Hie dit syn lêste wurk nou west, de bikroaning fan al syn arbeid? Soe Jezus nou sels troch de doarpen en stêdden fan Israël gean en mocht hy, Johannes, him dan folgje en harkje nei syn wurden? Hy woe it graech witte, mar it paste him net to freegjen.
Hy seach hoe't de Heare Jezus de hannen omheech heve en bigoun to bidden; hy wist fansels net hwat er frege en hy koe net witte, dat it in gebet wie ek foar him. En doe ynienen skoude dêr, rjocht boppe de biddende Kristus, de himel iepen en út dy blinkende himel wei kaem in wite dou op Jezus del en in lûde stim, heech boppe him, spriek: ‘Dit is myn leave Soan, yn hwa't Ik myn wolbihagen haw.’
In greate, djippe freugde roun oer syn klopjend hert. Hwat wie dit hearlik! Dat de Heare nou ta him, in sûndich minske, sprekke woe! En dat er dy wite, blinkende dou sjen mocht, dy wûnderfûgel dy't oars net wêze koe as in teken en symboal fan de Hillige Geast. Nou wist er dan dat Jezus de Iene wie, dy't dope soe mei Geast en mei fjûr! Dit forgeat er noait wer! En fan dizze kening, dy't de Soan wie fan God, hie hy de heraut west.
Yn greate spanning wachte er, hwat Jezus him opdrage soe. Nei dy iepenbiering út 'e himel, wie alles mooglik. Mar de Heare Jezus hie him neat mear to sizzen; hwat er witte moast hie God sels al sein. Johannes seach hoe't de Heilân fuort gyng, hastich suver, net oars as waerd er dreaun fan in heger macht. En net de kant nei Jeruzalem gyng er op, nei syn folk en nei de hillige timpel, mar nei de iensume, toarre wyldernis oan 'e oare kant de Jordaen.
Lang seach de Doper syn Kening nei, in Kening sûnder kroan en skepter, sûnder leger en sûnder