goed as doe de tolgearders en de soldaten, mar hy wist mar al to goed, dat it sa net wie. It wie hielendal har doel net om har to bikearen, hwant hja mienden yn har greatskens, dat hja better wiene as oare minsken. Hja woene har allinne mar dope litte om letter yn 'e gunst to kommen by de kening, dy't komme soe en dy't dizze rûge profeet as syn heraut foarútstjûrd hie. It koe noait kwea, tochten se, sa'n doop yn 'e Jordaen en hwa wist hwat heech amt de Messias har letter jaen soe! Mar al hwat hja tochten wist de Doper en fol grime rôp er har to-mjitte: ‘Njirrebrod, miene jim nou wier, dat jim troch de doop it oardiel ûntrinne sille? De Messias, as Er komt, sil jimme dope mei it fjûr fan syn grime, hwant Hy wit hwat der yn jimme herten is.’
De Farizeën en Sadduceën stiene forbûke by dat strange wurd. Krekt om't hja djip yn har hert wol fielden dat it wier wie, krekt dêrom waerden se nammersto lilker. ‘Njirrebrod’, neamde er har! In freeslik wurd wie dat: in nêstfol kronkeljende, forgiftige slangen bitsjutte it, en sa doarst er har to neamen, de foargongers fan Gods hillich folk! By sa'n man hiene se gjin boadskip mear; dat koe gjin profeet des Heare wêze! En tusken de skaren troch rounen se werom, heech en greatsk, en seine gjin wurd. De Doper hie by har ôfdien! It waerd heech tiid, dat it Sanhedrin to Jeruzalem in ûndersyk ynstelde en sei hwat hja fan dizze ‘profeet’ tochten.
* * *
En sa barde it dan, dat in tige heech en wichtich selskip út Jeruzalem de stap sette nei de Jordaen om ris to sjen oft dy frjemde profeet nou wier út God wie, of net. Fansels, as Johannes werklik fan Godswegen stjûrd wie, dan soene se nei him harkje moatte, mar it lei har by, dat it sa net wêze koe. Ien dy't de liedslju fan it folk foar slangen útmakke en dy't him ôfjoech mei tolgearders en mei soldate-folk, dy koe net út God wêze. En as er gjin godlike opdracht hie, as er him sels mar foar in profeet útjoech, dan moast him it swijen oplein wurde. It Sanhedrin hie om lytser forgripen wol minsken stiennigje litten! En dizze kear, as it ta in rjochtsaek kaem, soene Farizeën en Sadduceën net foarinoar oer stean: tsjin dizze falske profeet soene se ien line lûke! Mar yn elk gefal moasten se him earst noch hearre en syn wurden hifkje: as it om dea en libben gyng mocht men net ôfgean op hwat oaren seine.
Hja praetten der ek net om hinne, dizze preesters en Leviten, en stelden fuortdaliks de fraech: ‘Hwa binne jo?’ Johannes bigriep wol, hwat hja bidoelden: net hoe't syn namme wie en hwa't syn heit west hie, woene se witte, mar hwat syn wurk wie en hwa't him stjûrd hie. Hy antwurde: ‘Ik bin de Kristus net!’
It foel de mannen út Jeruzalem net ienris ôf, dat antwurd. Nei hwat hja fan him heard hiene, hiene se tocht, dat er himsels foar de Messias útjoech. En suver hwat mylder, seine se: ‘Hwat dan? Binne jo dan Elia, dy't út 'e himel delkommen is om de komst oan to kundigjen fan 'e Messias-kening?’ Johannes skodholle. ‘Dy bin ik net.’ En wer fregen se: ‘Mar binne jo dan de Profeet, dy't komme soe?’ Johannes antwurde: ‘Né, ek dy bin ik net.’
Mar sa kamen se gjin stap fierder. Hja hiene de reis út Jeruzalem wei net makke om to hearren hwat dizze man net wie, mar om to witten hwat er al wie! En hwat soene se de hege hearen fan it Sanhedrin sizze, as hja net mear wisten? En ûngeduldich fregen se jitris: ‘Hwa binne jo dan? Hwat sizze jo fan josels? En as jo dan net de Kristus binne, noch Elia, noch de Profeet, hoe doare jo dan de minsken to dopen?’
Johannes antwurde earnstich: ‘Ik bin de kening net, mar ik bin de heraut, dy't foar syn antlit útgiet om it paed foar him to sljochtsjen. Ik bin net oars as de Stim dy't ropt: Klearje yn 'e steppe de wei des Heare, sljochtsje yn 'e wyldernis in hearrewei foar ús God. Jim kenne dat wurd? It stiet yn it boek fan 'e profeet Jesaja en doe't dy it spriek, tocht er oan my. Hwant ik siz it jitris: ik bin de heraut fan 'e kening dy't komme soe en dit Israël is as de wyldernis: it moat him folslein foroarje ear't it syn Messias ûntfange kin. Harkje dan nei myn rie, bikear jimme en lit jim dope....’
* * *
De hege hearen reizgen werom nei Jeruzalem. It like har nearne net nei om har fan Johannes dope to litten en skuld to biliden foar al dat folk dêr by de Jordaen. Oan 'e oare kant like it har ek net nedich om dy profeet nou daliks al foar it rjocht to daegjen: hy hie him to-minsten net foar de Messias sels útjown en dêr kaem noch by, dat it folk tige heech by him opseach. As hja him ophellen en foar it Sanhedrin brochten, koe der maklik oproer fan komme en oproer, dat wie it lêste dat hja ha koene. Dat it wie mar it bêste en lit him stil gewurde: de iene of oare kear soe it folk fansels syn nocht wol fan him krije. En ûndertusken koene se him goed yn it each hâlde en oppasse dat er net to fier gyng; as it nedich wie, koe de Rie altyd noch fanwegen komme.
Johannes de Doper wist net hwat de députaesje út Jeruzalem oer him bisletten hie; it kaem der nammers ek net op oan: God hie him oplein to sprekken en sa lang as er koe, soe er it wurd fan God bringe sa't de Geast it him to sprekken joech. Net it Sanhedrin soe útmeitsje oft er sprekke of swije soe: dat stie allinne oan God en oan 'e Messias, hwaens heraut hy wêze mocht. As er nou mar gau kaem, de fan God Biloofde....