Hy wie dôch al sa bliid dat er mei mocht! Sok in reis wie ris wer hwat oars en dan sa fier ynienen: it naem al gau in dei of fjouwer ear't hja der wêze koene en alle jonges fan dy jierren founen it prachtich. Mar foar Jezus wie it dochs noch hwat oars as foar al dy oaren. Hy wist nou al dat er de Soan fan God wie en foar him wie dizze reis nei Jeruzalem in reis nei syn Heite hûs. Hy woe alles witte fan 'e timpel en fan 'e offertsjinst en hy hope dat er gâns leare soe fan God en oer it wurk dat er letter dwaen moast. Dar fan al dy blide pylgers nei de hillige stêd, wie der net ien dy't moediger de optochtslieten song, as dizze jonge út Nazareth. En doe't er, oan 'e ein fan 'e reis, de blinkende timpel seach boppe de huzen fan 'e stêd, wie er sa bliid, dat er it net sizze koe. Stil, mei klopjend hert, roun er troch de hege, mânske poarte. Jeruzalem, de stêd fan God!
Jozef en Maria, dy't wol murken dat Jezus tige bliid wie, lieten him sa folle mooglik frij. Hja hoegden ommers net bang to wêzen dat er forkearde dingen dwaen soe en hy wie altyd al tige selsstannich foar syn jierren. Hy wist hwêr't hja nachts kampearden - op it Peaske-feest wie Jeruzalem sa fol, dat der foar de measte feestgongers gjin plak wie yn 'e huzen - dat as er soarge dat er dêr jouns op 'e tiid wie, dan koe er deis syn gong gean.
* * *
It waerden blide dagen foar Jezus. Fan tiid ta tiid gyng er de stêd yn, dêr't altyd wol hwat to sjen wie, mar meast wie er yn 'e timpel, allinne en sûnder maten. Hy seach alles: de preesters dy't de offerdieren slachten, de fromme minsken dy't stiene to bidden, de riken dy't har jeften ta de timpelskat joegen, it drok biweech fan 'e keaplju dy't yn it bûtenste foarhôf fé en timpeljild forkochten. Hy biseach de prachtige gebouwen, de machtige pylders, mar ek de swiere stins fan 'e Romeinen, flak njonken it timpelplein, dêr't altyd in skyldwacht op it dak stie om it each oer de timpel to hâlden. Mar it alderleafst wie er yn in keamer yn ien fan 'e bygebouwen, dêr't moarns de skriftgelearden sieten om it folk de wet to learen. Fansels koe er dêr ek hiel hwat oer to witten komme yn Nazareth, by de preesters of Leviten dy't dêr wennen, of Sneons yn 'e synagoge, mar hjir yn 'e timpel wiene de knapste skriftgelearden, minsken dy't forneamd wiene troch it hiele lân.
Hy sloech net ien moarn oer en de deis dat de Galiléers wer op nei hûs soene, siet er wer tusken de learaers. Dy koene him nou al en elke dei stiene se op 'e nij wer forsteld oer syn antwurden en oer de fragen dy't er stelde; noch noait yn al de jierren dat hja har lessen joegen, hiene se in jong bern oantroffen, dy't sa folle fan dy dingen wist en der sa yn libbe. En Jezus siet dêr mar en harke en frege; der ûntkaem him gjin wurd en hy forgeat alles om him hinne; it kaem net by him op dat syn âlden nou al wer in ein op mars wiene, op reis nei Nazareth.
Hwant Maria en Jozef hiene him wol mist, de moarns bitiid doe't it selskip byinoar kaem by de Noardpoarte, mar hja wiene net ûngerêst wurden: hy wist fansels wol, dat it tiid wie om wer nei hûs en syn maten gyngen ek mei. Doe't hja de oaren fregen oft hja Jezus ek sjoen hiene, fortelden se har dat it jongfolk al foarút gien wie. Maria glimke. Sa wiene bern, dy koene noait wachtsje. Hy wie sa bliid, doe't er to Jeruzalem kaem en nou hie er sa'n sin oan 'e weromreis dat er net ienris tiid die om op har to wachtsjen. Bliid út en bliid thús, sa't it sprekwurd seit. En fleurich, mei har folk en kunde, trieken se it Noarden yn.
Fansels hellen se dy deis it jongfolk net wer yn, mar dat hindere neat: elk wist wol hwer't hja dy nachts sliepe soene, dat dan troffen se elkoar dêr wol. De jouns, op it earste pleisterplak, seagen Jozef en Maria daliks om Jezus en doe hearden se dat er net by de foarste groep west hie. Net ien fan al dy jonge minsken hie him sjoen en hja hiene tocht dat er by de greaten wie.
De skrik sloech Maria om it hert en ek Jozef waerd tige kjel. Nou roun er dêr miskien yn 'e folle stêd, tusken al dy donkere huzen en gûlde en socht om har. Hwerom hiene se ek net better mei him ôfpraet oer de dei dat hja wer fuortsoene? Hja hiene him op har noed en nou hiene se net goed op him past! Hja moasten daliks werom om him to sykjen, mar alle minsken retten it har ôf en ek Jozef sei dat it net to weagjen wie, by nacht en by donker. As er dochs noch efter har oan kommen wie, dan koene se him maklik mis rinne en hjir koe er har altyd fine. Maria seach ek wol yn dat it better wie en mei in swier moed sochten se har sliepplak op.
Fansels kaem der net folle fan sliepen en de oare moarns ier en bitiid gyngen se de weromreis oan, de lange mars nei Jeruzalem. Dy hiele dei gyng der mei fuort en net ien fan dy't hja tsjin kamen, wist fan Jezus ôf. Al banger tochten se har en al flugger rounen se, mar doe't hja lang-om-let to Jeruzalem kamen, wie it al hast donker. Ek op it plak dêr't hja sliept hiene en dêr't nou gjin tint mear stie, founen se him net. Dat der siet oars neat op, hja moasten noch in nacht wachtsje en dan de oare deis as it ljocht wie, de hiele stêd ôfsykje. En wer leine se de heale nacht wekker. Hwer koe er nou wêze, har jonge, nei twa lange dagen? As der him hwat oerkommen wie, dan wie it hàr skuld! Hja hiene bitinke moatten dat er noch mar in bern wie, ek al wie er dan Gods eigen Soan! Né, hy soe net stjerre, dat koe net, mar as hja him nou ris meinommen hiene, de feinten fan 'e kening, dan