neat fan sein en hja woene neat dwaen bûten God om. Dit wie ek ien fan dy dingen, dy't hja oerjaen moast. Mar dêrom tocht se der wol faek oer!
Hoewol, der wiene noch wol swierder wurden. Dy tekst yn Jesaja bygelyks: ‘As in laem waerd er to slachte laet en as in skiep dat stom is foar it oantlit fan syn skearders, sa die er syn mûle net iepen.’ Hja hie wol ris sizzen heard, dat dat ek op 'e Messias sloech, mar de skriftgelearden wisten der in moaije forklearring foar; as dy der oer preken wie it allegearre hearlikheit. Dat sa koe it ek wol wêze, dat dy tekst oer Bethlehem hiel oars forstien wurde moast....
* * *
En doe op in dei wie it sa mar ynienen gjin fraech mear oft hja nei Bethlehem soene of net. Troch de doarpen en stêdden fan Israël gyng it nijs dat de greate biskriuwing, dêr't sa lang al praet fan west hie, nou dochs trochset wurde soe. It gebot fan keizer Augustus wie útgien, dat elk him ynskriuwe litte moast en opjaen hwat er hie oan jild, of lân of slaven; sels bisit dêr't men net frij oer biskikke koe en dat fan 'e famylje meiïnoar wie, foel der ûnder. Oeral soene de amtners fan 'e keizer sitdei hâlde, mar men koe jin allinne mar ynskriuwe litte op it plak sels, dêr't it famylje-bisit lei. En dat hâldde yn dat Jozef en Maria nei Bethlehem moasten.
De minsken fan Nazareth wiene net bêst to sprekken oer it gebot fan 'e keizer; it slimste wie noch net iens dat inkelden der om út har wurk brekke moasten en in fiere reis ûndernimme, mar men koe fan tinken wol ha, dat de Romeinen der in doel by hiene en dat der wer nije lêsten efterwei komme soene. En it wie ek net rjocht: sok in régistraesje dat koe yn 'e provinsjes fan it ryk dy't in stéhâlder hiene, mar it kaem net to pas yn Israël, dat in aparte kening hie. Mar fansels, de âlde Herodes wie út 'e graesje by de keizer en nou moast syn lân it mei bilije en hie Quirinius, in fjildhear yn Syrië, opdracht krige om de biskriuwing troch to fieren. En hwa soe it weagje om tsjin him yn to gean en it gebot fan 'e keizer net nei to kommen? Der wiene mar inkelden dy't har net opjoegen en dy't leaver alles kwyt rekken as de fijân to wille to wêzen.
Jozef en Maria hoegden net yn bistân to stean: sadré't hja fan it gebot hearden, wisten se dat Godsels har nei Bethlehem rôp, dat Hy dy greatske keizer brûkte, om it wurd fan syn profeten wier to meitsjen. Hy hie it ris witte moatten, dy ‘godlike’ Augustus, lyk as er himsels wol neamde op 'e Romeinske munten!
Sa gau as it koe makken se alles ré ta de greate reis. Jozef regele syn wurk, der waerd in ezel oantúchd en Maria pakte fan alles yn: iten foar ûnderweis, klean foar harsels en Jozef en de wite doeken, dêr't it berntsje yn biwuolle wurde moast. Der moast hiel hwat mei, hwant hja wisten net iens oft hja wol wer yn Nazareth weromkomme soene: miskien dat hja to Bethlehem bliuwe moasten as it bern der wie. En ek dat wie har goed; Galiléa of Juda, Bethlehem of Nazareth - to-nei wie har thús dêr't har lytse soan wêze moast.
Oare jierren, as hja op 'e hege feesten nei Jeruzalem teagen, yn in great en fleurich selskip, naem it dochs altyd trije of fjouwer dagen, mar nou moasten se noch fierder en hiene se de tiid oan harsels. Dat hja makken gjin lange dagen en middeis, as de sinne op it heechst wie, namen se in lange rêst en sa kamen se lang-om-let yn Bethlehem en founen ûnderdak earne yn in gastfrij hûs. Sa gau as it koe lieten se har ynskriuwe: Jozef, timmerman to Nazareth en Maria, foar de wet syn frou.
* * *
En doe wachten se mar wer op it wûnder dat barre soe. De tiid foel Maria lang yn dit frjemde hûs, by frjemde minsken, mar op 't lêst kaem it dochs sa fier, dat hja nei oar plak omsjen moasten. It foel noch neat ta yn it lytse stedtsje binnen de inge muorren, to mear net om't hja in keamer apart ha moasten, nou't elke dei it berntsje komme koe. Der wiene net folle huzen yn Bethlehem mei mear as ien fortrek en de herberch, flak by de poarte, wie al hiel ûngeskikt. Sok in karavanserai wie net folle mear as in romte tusken fjouwer muorren, dêr't de reizigers by de kanten lâns sliepten, en dêr't yn it midden de bisten stiene. En dan koe it noch bêst bislaen, dat der yn 'e nacht in nije karavaen oankaem en dat de wurge kamielen har sa mar sakje lieten tusken de sliepers.
Dat sa kaem it dat Jozef en Maria op it lêst noch tankber wiene, dat hja in stâl krije koene, in ein bûten de stêd, dêr't yn 'e winter en by min waer de skiep nachts tahâldden. De skepers woene it har wol skikke; yn dizze lije simmernachten bleauwen de skiep dochs bûten en de stâl wie rom en gjin ien soe har dêr steure. Dat as hja it net slim founen yn in biste-stâl....
Fansels namen se it tankber oan. Hja fregen gjin wielde, foar harsels net en ek net foar har lytse soan en yn 'e stâl wie in krêbbe dy't moai ta widze tsjinje koe. Dyselde oerdeis noch teagen se de poarte út, skean oer it fjild nei de koele grot en makken alles klear, hwant de dagen wiene fol dy't de ingel sein hie. Doe't de joun kaem wie alles ré. It lei Maria by dat it net lang mear duorje soe.
Dyselde nacht, doe't hja to-geare yn 'e stâl wiene, is it greate wûnder bard: Maria krige har earste soan, dy't tagelyk de Soan wie fan God. Mei triennen yn 'e eagen, triennen fan greate blydskip bûgde se oer it jonkje hinne. Dat dit nou de kening wie, dy't komme soe, dit lytse berntsje, dat krekt as alle oare bern gûlde en dat dêr sa fortroulik by har lei, syn kopke yn 'e bocht fan har bleate earm! Hja leaude it mei hiel har