De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 183] [p. 183] De dea fan Ophelia Der waakst in wyljenbeam skean oer in slinke; Syn grize blêden spegelje yn de stream. Hjir kaam hja mei útwrydske blommeslingers Fan koweblomkes, leppelblêd en nettels En reade tsjelken, mâl ferneamd troch boeren, Mar dy't ús famkes deamansfingers neame, - Hja klom omheech om oan de bûgde twigen Har ûnkrûd op te hingjen, mar dêr briek In nyd'ge tûke en mei har krânsen foel hja Yn 't skriemend beekje. Op d' útsprate klean Bleau hja in hoartsje driuwen as in alf, En njuente ûnderwilens âlde sankjes, As wist hja fan har eigen noed net ôf. Hja like in wêzen, berne yn 't wiet, en mei Dat elemint fertroud. Lang koe 't net duorje. Har rôkken, swier fan 't wetterslinen, sûgden It earme bern mei har swietlûd'ge sang Yn 't sompich grêf. Vorige Volgende