De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 181] [p. 181] De kening Ofgryslik is myn skuld, o, himeltergjend. De foarste en âldste flok leit op myn died: In bruorremoard, - en bidde kin ik net. Al driuwt it sin my like fûl as 't wollen, Myn sterker skuld ferdocht myn sterk bedoelen. En as in man, dy 'n dûbel wurk te dwaan hat, Stean 'k yn bestân, wêr 'k earst begjinne sil, En doch sa neat. Mar as myn moardnershân Ek dutsen wie mei hântsjok bruorrebloed, - Is der gjin rein dan yn de mylde himel, Om him sniewyt te waskjen? Wêrta tsjinnet Genede, as om foar alle skuld te stean? En is yn 't bidden nin twafâld'ge krêft? It stipet foar de fal, en nei de fal Skaft it ferjeffenis. Ik sjuch omheech: Myn misdied is foarby. - Wat foarm fan bidden Foeg't my it bêst? ‘Ferjou myn fûle moard?’ Sa kin it net, as ik besitter bliuw Fan al it foardiel, dêr 'k de moard om die: Myn kroan, myn earesteat en keninginne. Wurdt him ferjûn, dy 't sûndelean behâldt? Yn 't skobbich wâljen fan de wrâld kin misdied Mei 'n gouden hân it rjucht op side skowe, En dikmels waard just mei de priis fan 't kwea De wet bekocht. Sa is 't hjir boppe net! Te kûpjen is dêr neat, dêr leit de died Yn 't wiere ljocht, en sels binn' wy dêr bean Te tsjûgjen, rjucht yn 't oansicht fan ús sûnden, Fan har bestean. Wat dan? Wat bliuwt der oer? 't Besykje mei berou? Wat, kin dat net? Lykwols wat kin 't, as men 't berou net fielt? Bedjupte steat! O, herte swart as 't grêf! O, finz'ne siel, dy't wrakslet foar syn frijdom, En him al fêster wrot. Help, ingels! Bûch, - Besykje 't - stege knibbels! Hert, yn stiel [pagina 182] [p. 182] Beslein, wurd sêft as 't flesk fan lytse bern. Miskien wurdt alles goed. ............................................... Myn wurd stiicht op, myn tinzen bliuwe omleech. 't Wurd sûnder ynmoed fynt gjin baat omheech. Vorige Volgende