Hamlet
Bestean of net bestean, - dat is de fraach!
Wat 's eed'ler foar de geast, de slingerslaggen
En pylken fan it gnjidzjend lot te duldzjen,
Of 't op te nimmen tsjin in see fan soargen, -
Troch tsjinwar har te eingjen? - Stjerre - sliepe -
Neat mear, en stel, dy sliep sil 't hertewee
Ferdriuwe, mei de tûzen eangstmen, dy
It flesk be-urven hat - dat wie in útkomst,
Mei fromme bea te winskjen. Stjerre, - sliepe -
Te sliepen, mûlk te dreamen, dat 's de stuit!
Wat dreamen yn dy deadssliep komme kinne,
As wy wrâlds tizeboel ôfskodde hawwe,
Twingt ús tebek. - Hjir leit de reden, dat
De kwolme op sokke hege jierren komt,
Wa soe 't tryttrotsjen, 't nytgjen fan de wrâld
Ferdrage, - 't hearskjend ûnrjucht, 't grutske húnjen,
't Unk fan ferfijde leafde, 't wette-skeinen,
De twingneil fan 't regear, it stikeljen,
Dat stille deugd fan neatnut duldzje moat, -
As hy himsels syn rêst ferskaffe koe
Mei 'n bleate dolk? Wa soe dy lêsten sjouwe,
En wrotte en switte yn dit heuk'rich libben,
Wie 't net út eangstme foar eat nei de dea, -
Dy ûnbekende oarde, út waans kriten
Gjin reiz'ger werkomt, - dy't ús will' fertribel',
En 't kwea fan no ús leaver toaien docht,
As fuort te tsjen nei 't ûnbekende kwea?
Dit witten makket lefferts fan ús allen,
En 't jonge read fan 't fêst beslút ferblikt, -
Wurdt wei foar 't geizich bleek fan gammel drôgjen.
It ûndernimmen, krêftich, gau beret,
Wurdt troch dit ynsjuch op 'e doele brocht,
En kin gjin dwaan mear hjitte.
|
|