De wylde boerinne en oar wurk(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 177] [p. 177] Shakespeare-oersetting [pagina 179] [p. 179] Ut: Hamlet De rie fan polonius oan syn soan ... printsje dizze koarte rigels fêst Yn dyn ûnthâld: Sis alles net watst tinkst. Lit dwaan net folgje op ûnfolsleine tinzen. Wês wol gemiensum mar wês nea gemien. Hast freonen lott're en har trou befûn, Byn har mei stielen triedden oan dyn siel', Mar lit dyn hân net ilich wurde troch him Elts poddehierrich feintsje ta te stekken. Mij dy foar deilisskip, mar moat it, lear dan Dyn fijân, dat er dy te mijen hat. Lien elts it ear, jou inkelden dyn wurd. Hear oarmans miening, hâld dyn eigen oardiel. Draach klean, sa eptich as de pong it talit, Mar net útwrydsk, - wol kostber, net oerdedich, Want faak skat men de man nei 't uterlik, En lju fan steat en stân yn Frankryk binne Yn dizze dingen fyn fan smaak en keken. Lien nimmen jild, mar lien it ek fan nimmen. Troch 't lienen giet de freon mei 't jild ferlern, En boargjen jout in minne rekkening. Mar boppe-al: Bliuw wier tsjinoer dy sels, Dan folget, like wis as nacht op dei, Datstû tsjin nimmen oars falsk wêze kinst. Farwol. Lit dit bedije troch myn seine. Vorige Volgende