De wylde boerinne en oar wurk
(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 176]
| |
Bea oan aiolusGa naar voetnoot1Wês, Aiolos, ús genedich,
Hâld FavoniusGa naar voetnoot2 wat yn twang,
Want syn razen en syn bearen,
Makket ús sa eang en bang.
Hark him gûlen troch de tûken,
Troch de triedden fan it ljocht,
Hark him gieren yn 'e skoarstien
Op syn wylde oerwinningstocht.
Al wat los sit, is syn bút,
En hy swypket heech de weagen,
Op 't ferdjer fan skippen út.
Nee, yn ús ûnthâldingsdagen
Leit dy wyn net yn 't bestek,
Dus, bedimje him, Aiolos:
Stopje 't jonkje yn in sek.
|